3. Yn en om Easterein (Nei Wommels) troch Jan Hiemstra
Woene je foar 1855 fan Easterein nei Wommels dan wie dat in omlânske reis. Je gongen earst rjochting Hidaard, dan tusken Okkema en Santema rjochsôf en lâns de Ald Dyk mei de noadige ombochten nei Wommels. Uteinlik kamen je oan it begjin fan de Van Sminialeane is yn Wommels út.
Easterein en Wommels leine in hiel ein út inoar, mar se sieten oant 1812 ta en fan 1816 ôf yn de gemeente Hinnaarderadiel. Tusken 1812 – 1816 bestiene der lykwols twa gemeenten, de gemeente Wommels en de gemeente Oosterend.
Yn 1860 kaam der in bettere ferbining tusken de beide doarpen. Yn 1855 wie begûn mei it oanlizzen fan de, wat Eastereiners de Wommelserdyk en Wommelsers de Eastereiner dyk neamden. Earst fan dy ôf tiid waard Easterein rjochting Wommels útwreide. Van Eysingaleane 3 (Van der Brug) wie it earste hûs dat yn 1863 oan dizze dyk boud waard. Dêrnei binne der oan beide kanten fan de dyk faaks de lúksere wenten set. De lêste nije wenning oan de Van Eysingaleane waard nûmer 19a en is fan 1987.
Dizze kear ha ik keazen foar twa foto ’s fan de Wommelserdyk dy ’t earst yn 1956 de offisjele namme Van Eysingaleane krigen hat. Beide foto ’s binne fan itselde plak ôf nommen en dat makket in fergeliking ek sa moai. It wurdt dus in kwestje fan: sykje de ferskillen.
De âldste foto is út plm. 1920. De brêge oer it begjin fan de Sebearefeart kin noch op en del. De dyk nei Wommels is smel púndykje en de bebouwing is noch net botte fier. Hoe fier is net goed te sjen, mar der ’t de lytse beamkes (rjochts) begjinne, binne yn de tweintiger en tritiger jierren huzen kommen.
De ûnderste foto is út 1961. De hânwizer stiet op de flechtheuvel en yn de dyk binne strepen fluorre. Minsken fan bûten mienden dat se om de flechtheuvel hinne moasten, sadat der gefaarlike situaasjes ûntstiene doe ’t der wat mear auto ’s op de dyk kamen. Links fan de stiennen brêgeleuning stiet de âlden-fan-dagen bank yn de oarspronklike útfiering mei op de rêchleuning skildere ‘Sit wat noflik by inoar, mar de âlderein giet foar’. Sawol âlder- as jongerein makken in soad gebrûk fan dit bankje. It wie der benammen sneins nei tsjerketiid altyd drok. De Eastereiner manlju gongen dan efkes nei ‘de beurs’ foar de lêste nijtsjes.
Colofon
Jan Hiemstra