18. Yn en om Easterein (de muzyktinte) troch Jan Hiemstra


18. Yn en om Easterein (de muzyktinte)  troch Jan Hiemstra
©: Onbekend

Yn de tiid tusken beide wrâldoarloggen, mar ek noch fier yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw wie korps Wilhelmina faak aktyf troch it hâlden fan in mars troch it doarp en (en soms of) it jaan fan in konsert op de muzyktinte oan it plein oan de Foarbuorren. Yn in tiid dat der noch gjin TV wie, de minsken net yn de auto alle kanten útfleagen, it jild krap wie en boeren en arbeiders de ‘oare’ moarns om fjouwer oere melke moasten wie soks in grut fermaak. Ûnder it rûntsje troch it doarp rûnen de jongfammen earm yn earm efter it korps en sadree de marsmuzyk ynsette kamen de fuotsjes omheech (net te heech natuerlik) en waard it rinnen ‘hossen’: slingerjend fan de iene nei de oare kant fan de dyk. 

Waar der dêrnei noch in konsert jûn dan einige de ‘mars’ troch it doarp op it plein. Dy muzyktinte wie der yn 1918 spesjaal foar delset.

Ik ha foar dizze kear dan ek twa foto ’s útkeazen wêrop te sjen is dat er der noch net en letter wol stiet.

 

 


                    

1. It begjin fan de foar buorren foar 1918

De foto ’s binne nijsgjirrich en soene ûnder de rubryk ‘sykje de ferskillen’ opnommen wurde kinne. Om it plak der ’t yn 1918 de muzyktinte kaam stiet in stek en efter it stek sil sûnder mis gers groeid ha dat as bleek brûkt waard foar it blikken fan de wask. Foar it stek stiet in tilbury. De boer (en miskien ek syn frou) ha miskien efkes yn it kafee sitten foar in bakje kofje, ûnderwylst it hynder oan in bak hjouwer en in amer wette stie. Wol hiel wat oars as in oplaadpunt foar in elektryske auto!

  



2. Dyselde Foarbuorren ein fjirtiger jierren foarige iuw

De muzyktinte dy ’t op it bleekje setten is stiet der op de twadde foto foar it each noch kreas by. Sa te sjen is de trep noch stevich genôch om by op te rinnen. Doe ’t ik as 10-jierrich jonkje lykwols foar it earst mei it korps op de tinte spile wie de trep al net mear fertroud en gongen wy oer in keukentrepke de tinte op. Mar doe wie it brûken fan de tinte al tige ôfnommen. 

De minsken kamen al net allinne mear foar it korps; der moast wat by útfûn wurde en dan skoarde libbene stuolledûns heech. In dûbelde rige yn de rûnte mei earst de manlju yn de binnenste en de froulju yn de bûtenste rige en dêrnei it omkearde. Yn beide gefallen wiene der yn de binnenste rige in pear ‘stuollen’ te min. De bûtenste rige rûn mei de wizers fan de klok mei om de binnenste ûnder it spyljen fan it korps. Sadree it muzyk ynienen ophold moast in stoel soch wurde en wa ’t der dan gjin ‘plak’ fine koe wie ôf. Soks gong salang troch oant der noch twa rinners en ien stoel oer wiene en dêr waard dan om striden. Foar de doarpsgenoaten it toppunt fan wille en wat der fierder bykaam. 

Mar no wer werom nei de Foarbuorren. De rjochterkant begjint yn beide gefallen mei de smidterij. Der binne wol lytse oanpassingen. De bak oan de muorre neist it earste rút is ferpleats om de hoeke by de doar fan de smidterij, mar dit is op de foto net te sjen. Foar de bak siet gaas en yn de bak waarden allegearre briefkes mei berjochten; siz mar it facebook yn kombinaasje mei de appkes fan no. It twadde en tredde hûs binne ferfongen troch ‘nijbou’ en sjogge der no noch altyd sa út. Sjogge wy dan fierder it strjitsje yn dan komt alles foar Eastereiners fan no bekend foar. Oan de peal foar de tinte is te sjen dat de elektrisiteit noch troch de ‘loft’ giet. Ek yn de muzyktinte wie stroom, mar de pitsjes wiene lyts en dêrtroch wie it sicht op de muzyk by tsjuster net al te bêst.

Yn de rin fan de fyftiger jierren rekke Wilhelmina wat yn de fersutering, fleagen de minsken hieltiid mear alle kanten út en wie in jûntsje op it plein, mei de iiskokarre mei Germ Stilma en letter Wouter út Boalsert foar de minsken net mear it ultime gelok. De tinte frege ûnderhâld en wie in lêst foar doarpsbelang. Der moast wat barre. Yn novimber 1954 komt de tinte foar ôfbraak ûnder de hammer. Foar 84 gûne keapet Hein Hoekstra him. Dan docht lykwols bliken dat dy minder min wie as beard waard. Mar ja, as tiden feroarje en je earne ôf wolle dan dogge je gau gelok. It stikje grûn der ’t de tinte stie hat der earst jierren wat suterich bylein. Letter is it by it plein komme en foarmet no in ûnderdiel fan it parkearplak njonken it kafee. 

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen