1. Yn en om Easterein (De skoalle oan it Skilplein) troch Jan Hiemstra


1. Yn en om Easterein (De skoalle oan it Skilplein) troch Jan Hiemstra
©: Onbekend

Foar hiel wat minsken is der neat moaiers as sa no en dan it fotoboek út de kast te heljen. Dat wol ik ek dwaan om yn de kommende ôfleveringen fan dit Doarpskrantsje ien of mear foto ’s út dit boek ôf te printsjen en it ‘ferhaal’ dêrby te fertellen. Ik begjin mei twa foto ’s fan in gebou der ’t de measte Eastereiners tusken 1892 en 1953 in grut part fan harren tiid trochbrocht ha: de kristlike skoalle.

Ik begjin mei opset sin mei foto út plm. 1949 fan de heechste klassen mei master A.Y. Kornelis as ûnderwizer. It giet yn dit gefal net om de bern dy ’t derop steane, mar om it gebou. Mar ik kin samar sa wêze dat der op syn minst ien Eastereiner is dy ’t him of har herkint.  

Dat it in kolossaal gebou wie docht bliken út de beide foto ‘s. It wie fierwei de grutste skoalle yn de fiere omkriten. Op de earste foto sitte boppe yn it midden (de westkant) twa ynmitsele stiennen. Op linker stiet SCHOOL MET en op de rjochter DEN BIJBEL. Dan wisten je mar wer ’t je oan ta wiene!

Gongen je oan de linkerkant de hoeke om dan kamen je oan de noardkant fan de skoalle.
De bern steane foar it skoalhûs en it ‘ôfdak’ dat jimme rjochts sjogge is de waranda. Dy waranda stie op izeren peallen, dy ’t der no noch binne en de peallen ûnder de lampen om it tsjerkhôf foarmje. De izeren peallen wiene mei stangen ferbûn en dy waarden foaral troch de lytse famkes brûkt om op ‘e búk omhinne te draaien. Oan de foar- en de efterkant sieten de doarren nei de gong mei de kapstokken en de klompebakken. Yn myn tiid lei der op it skoalplein grint, mar dat sil dêrfoar sûnder mis skil (fynmakke skelpen) west ha. Wy neamden dit plein oan de Achterbuorren dan ek it skoalplein.

Skoallen waarden yn dy tiid meastal sa boud dat de kant fan de ruten net oan de sinnige kant siet, faaks op de noardkant. Je sjogge dan fjouwer kear trije ruten, mei in fersiering yn it mitselwurk derûnder en derboppe. De ûnderste ruten wiene fan matglês en de boppeste koene iepen. Dat wie mei in 35 à 40 learlingen yn it lokaal, ferdield oer twa klassen meastal ek wol nedich. De skoalle is as in fjouwerlokalige skoalle boud. It fierste lokaal waard yn it begjin fan de 19e iuw al foar beukers brûkt en dêr wiene se yn Easterein betiid mei.

It hokje rjochts efter de iene persoan hat wol in hiel bysûndere bedoeling. It is it ‘pishokje’, it iepenbiere toilet, foar manlju.

It izeren stek links stie foar in eardere skoalle en foar de skoalle rint in paadsje fan giele stientsjes nei it letter oanleine sânbak.

 

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s