17. Wonen


17. Wonen
©: Jetske Santema

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
 ’t Heechhiem 2
Wat no ‘t Heechhiem 2 is, wie foar 1972 in blok fan acht huzen. De wenten hiene oarspronklik gjin elektrysk ljocht, wetterlieding, gas, sintrale ferwaarming, dûs en neam mar op. De húskes (WC ‘s) stiene bûten; foar twa húshâldingen wie der ien mei in tontsje, dat ien kear yn de wike lege waard. Botte royaal wie it allegearre net. Yn Easterein stiene hiel wat fan dit soarte wenten.

Der wiene ek oare huzen yn it doarp sa as de pastorij, it doktershûs, it skoalmastershûs  it boargemastershûs en Zonnehoek. Tusken de utersten stie noch hiel wat fariaasje oan Skippersbuorren, Wommelserdyk en Hidaarderdyk. Mar ek yn dy lúkse(re) wenten moasten de minsken yn gefal fan need op in húske mei in tontsje en wie der oarspronklik gjin elektrisiteit, wetterlieding, in wetterkloset, sintrale ferwaarming en ‘waarm’ wetter.                  

’t Heechhiem begjin fyftiger jierren

 

De Skippersbuorren

Likernôch 1870 wie de Skippersbuorren noch gjin buorren; it wie in wâl lâns de Eastereiner opfeart. Lâns dy wâl leine tal fan skipkes: fan turfskippers, fan boere-arbeiders en fan losrinnend folk mei wat hannel. Stel jimme jimme dêr gjin lúkse jachten by foar. Der koe yn wenne wurde mar dêr wie alles mei sein. ‘Alde Ype’, ( Ype de Jong), stoarn yn 1969, wie oan de Skippersbuorren de lêste bewenner fan it skip.


It jier 1870

1870 wie in hiel bysûnder jier yn Easterein: der waard in nije kristlike skoalle boud (no Skilplein 25). Fan dat stuit ôf wie der in iepenbiere (no it Kniplokaeltsje oan it Skilplein) en in kristlike skoalle. Der spile lykwols ek noch in oare kwestje: der wie in grut tekoart oan wenten. Dit probleem waard troch de tsjerkfâden oanpakt. Huzen dy ’t nei de Twadde Wrâldoarloch noch yn grutte oantallen foarkamen waarden doe boud. It wiene ‘keamerwenten’ en se wiene de eigendom fan de herfoarme tsjerke. Tsjin in lyts pryske waarden se ferhierd oan minsken dy ’t harren skip foar in hûs op ‘e wâl ferruilje koene. It wie in foarm fan sosjale wenningbou mei de tsjerke as wenningstichting.

 
Keamerwenten

De earste wenten waarden boud oan wat no Stittenserleane 25 (Elba) is. Dit is no ien hûs, mar it wiene der fjouwer ûnder ien kap der ’t likernôch 1950 sa ‘n 22 minsken yn wennen. Fergelykbere huzen kamen der oan ’t Heechhiem: in blokje fan fjouwer (no ’t Heechhiem 3 en 7), in blokje fan acht (no ’t Heechhiem 2), in blokje fan fjouwer (no Skoallestrjitte 18 en 20) en noch in eintsje fierderop in blokje fan acht oan de Frijburch. Wy ha it no oer 24 wenromten dy ’t der allegearre ûngefear gelyk útseagen. Dêrneist wiene der noch tal fan lyksoartige wenten yn it Steechje (de ferbining binnentroch tusken de Grieneleane en de Hidaarderdyk), neist it bûterfabryk en foarby it doktershûs oan de Wommelserdyk.

 
Yndieling

Wat ik no skriuw giet foaral oer de tsjerkewenten. Sa ‘n hûs wie net mear as in keamer mei in souder fan ûngefear 30 m2 flieroer-(=opper)flak. Troch de bûtendoar kamen je yn de gong fan sa ‘n 1,40 m breed en 4,40 m lang. Oan de ein fan de gong siet de keamerdoar. De ruten fan de wenkeamer sieten oan de foarkant neist de tagongsdoar en dêr tsjinoer stie de kachel yn de hurdstee. Kamen je yn de keamer dan hiene je it sicht op it bêdsket mei links en rjochts de bedsteesdoarren en yn it midden de kastdoar. Ûnder de bedsteden en de kast wie de kelder. De bedsteden fan sa ‘n 1,2 m x 1, 75 m waarden drok ‘bewenne’. Yn it iene bedstee sliepten de âldelju en yn it oare in pear bern. Meastal wiene der mear as in pear bern en dy krigen dan in plakje op ‘e souder. 

 
Libje

Yn de keamer fan sa ‘n 18 m2 waard libbe, mar sadree it waar it taliet wiene de minken bûten. De tafel yn it midden mei in stel Dimter stuollen (houten stuollen mei reiden matten) der om hinne. De hiele ferljochting bestie út ien lampe boppe de tafel. Der waard sliept yn de bedsteden, it iten waard der sean op de (kook)kachel of op peteroaljestellen yn de skou. Mei itenstiid kamen stuollen om de tafel; de stuollen mei de leuningen wiene foar heit en mem. Winterdeis de kachel oan en yn guon húshâldingen de plaatstove op ‘e flier. Mei de lucht fan it itensieden en de bedsteden der dan noch by wie it dochs hiel smûk yn sa ’n keamer. De ruten fan inkelglês wiene beslein want dy moasten foaral net iepen, want soks siigde en koste yn de winter allinne mar waarmte. As de wask dan ek noch op in rakje om de kachel hong en in rokende heit en rokende soannen op de tafel sieten, (mem en dochters rookten net), waard it yn it lytse keammerke wol tige benaud.

 
De souder

Oan de ein fan de gong wie in trep of ljedder nei de souder, mar troch de skeane kanten fan it dak en it fâlsgat wie it mar in souderke. Hjir húsmannen de gruttere bern en as der twa soarten wiene, waard de ‘privacy’ mei kleden ôfskerme. It wie normaal dat mei broer of suster yn ien bêd te sliepen. De dakken wiene fan hout; neffens my kamen der gjin panstrutsen dakken (houten latten der ’t de pannen opleine) foar.

 
De bou

De huzen hiene stiennen muorren, mar de binnenmuorren gongen net heger as oant de souder; it stik fan de souder nei de naald fan it dak wie in houten sket fan rûge planken dy ’t oer inoar spikere wiene. Jo kinne fan tinken wol ha dat it dan ek tige gehoarich wie. De Mededelingen voor land- en tuinbouw koene de buorlju dy’t gjin radiodistribúsje hiene sawat wurdlik folgje! De sketten wiene net botte ticht. As de buorlju sipels ieten, ieten jo se ek. En as de buorlju ûnder de flieën sieten, moasten je alle war dwaan om dizze bistkes fan it liif te hâlden. Kommunikaasje mei de bern fan de buorlju troch de kieren fan it sket wie mooglik, en jûns in praatsje foar it sliepen normaal. 

 
Wat is der oer

Tal fan Eastereiners binne tusken 1870 en 1970 yn keamerwenten opgroeid. Yn de oarspronklike steat binne se der net mear. Se binne ferboud ta ien hûs sa as op Elba, of ta twa ûnder ien kap sa as ’t Heechhiem 3 en 7, en Skoallestrjitte 18 en 20 of ta in winkel mei wenhûs sa as ’t Heechhiem 2 of ôfbrutsen sa as Frijburch. Gelokkich binne der fan ein fjirtiger jierren ôf bettere huzen boud en hoege  der gjin grutte oantallen minsken mear yn sokke nearzige wentsjes te libjen, mar as der noch ien keamerwent yn de oarspronklike stean oerbleaun wie hie wol moai west. 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jetske Santema
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s