Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Tal fan Eastereiner beukers út de perioade 1947 – 1954 ha by ‘juffer Rinkje’ (Rinkje van der Wal) yn de klasse sitten. Doe ’t ik yn 1947 op de beukerskoalle kaam, kaam sy der ek. Noch net as juffer, mar as in jong fanke om it fak by Anneke van der Meer te learen. Ik wit net mear hoefolle dagen se ‘staazje’ rûn, mar se wie yn dat earste jier ek noch faam by Tiede Hijlkema oan de Wommelserdyk (no Van Eijsingaleane 27) en gong nei de oplieding foar beukerliedster yn Snits. Dat ferrûn allegearre poer bêst en se helle har ‘akte’ (diploma) as beukerliedster.

Juffer Anneke waard yn 1948 yn Wommels beneamd. Dêr kaam doe ek in beukerskoalle. Rinkje folge har, noch mar 17 jier âld, op. Se wie noch wol hiel jong, mar hie it fak yn de fingers. Op de foto sjogge wy de jonge juffer Rinkje by de doar der ’t tal fan bern yn de rin fan de jierren trochhinne gongen binne.



Dyselde Rinkje komme wy ek tsjin op de foto op de oare side mei de klasse dy ’t se yn 1951 hie. Dy foto is op in hiel bysûnder plak nommen. It is no in part fan de dyk oan de efterkânt fan de huzen fan it Skilplein en de kopse kant fan de Skoalseize. Hjir rûn oant 1958 ta in feart. It wie in ferbining tusken de Skippersbuorrenfeart en de Sebeare. Oan de parkearplakken mei no de glêskontener wie de sânbak der ’t de bern fan de bewarskoalle yn boarten. De foto is ûngefear op dit plak makke. 

De sânbak

Yn de oarloch (WO II) fûnen de Dútsers ‘beweging’ belangryk en soks moast al mei de bern begjinne. Dêrom waard der op it plak op dizze foto in sânbak oanlein. Tusken Skilplein 25 en doe noch de legere skoalle (no Skilplein 27) kaam in paadsje mei in brechje oer de feart foar ‘t Heechhiem 7. Ferfolgens in tegelpaadsje nei links op it plak der ’t no it trottoir lâns de dyk nei De Skoalseize leit. Op ûngefear de yngong nei de kantine bûgde it paadsje links ôf en dan kamen je by de sânbak. Dêr waard in gat groeven der ’t reade sân yn kaam en foar de sânbak kaam in tegele pleintsje. De  
bern koene dêr boartsje en …. gymnastykje.



By it iepenjen fan de foto's kin men per bern de nammen besjen.
 

Nei de oarloch moast alles wat troch de Dútsers betocht wie sa gau as mooglik ferdwine. De sânbak fertutearze. As kattebak die er it geweldich, mar foar bern net mear geskikt om te boartsje. Boppedat waarden de bern fan it reade sân sa smoarch as bargen.

Mar tiden hawwe tiden en soks jilde ek foar de sânbak. Ein 40-er jierren kamen de minsken dy ’t der ferstân fan hiene dat beweging ek foar pjutten en beukers goed wie op it idee de âld sânbak te renovearjen. De tegels foar de sânbak waarden op ‘e nij lein, it gat der ’t it sân yn lei waard op ‘e nij útgroeven, der kaam drainaazje op ‘e boaiem. It reade sân waard ferfongen troch giel, it tal m2 waard útwreide, der kaam in kreas stek omhinne om minsken en bisten ‘bûtendoar’ te hâlden en der waard in oerkaping mei in bankje makke der ’t de bern sitte en boarstje koene as it waar net alte-alte wie. Ik tink dat de sânbak oant 1964 doe ’t de beukerskoalle ferpleatst waard nei Vrijburg 1 yn gebrûk west hat.

Op de foto boppe-oan stiet de klasse mei de lieding. Mei Tjerkje de Vries (Kooistra) ha ik de foto besjoen. Wy koene net alle bern thúsbringe, mar de nammen der ‘t wy fan tinke dat wy it witte folgje, somtiden mei in fraachteken en as wy it hielendal net wisten allinne in fraachteken.

 

 

 

Yn dit finster stean in oantal foto's fan de tsiispakhuzen dy 't yn Easterein bestiene. It ferskafte wurk oan de doarpsbewenners. De tsizen moasten keard wurde en ek wer ferfierd wurde nei de skipkes dy 't de tsiis nei de merk brochten.

Fryske tsiis: wurdt makke mei krûdneils. Troch kenners wurdt sein dat dit krûd deryn dien waard om de skerpe smaak te ferbergjen.

Om 1850 hinne is de tsiishannel foar in grut part yn hannen fan trije bruorren Feitsma, Age, Willem en Ruurd. Hjirûnder de adressen fan alle pakhuzen dy 't yn Easterein stien hawwe, mei de earste bewenners.

Pieter Hoekstra (*1903) fertelt dat der om 1910 hinne noch 3 tsiishannelers yn Easterein binne. Ruurd Feitsma oan de Wynserdyk 10. En oan de Foarbuorren 19 stie it tsiispakhûs fan Willem Feitsma en op de Foarbuorren 2 it pakhûs fan de Vellinga's. 

Hjirûnder de adressen fan alle pakhuzen dy 't yn Easterein stien hawwe.

Foarbuorren 2
Kaaspakhûs boud yn 1851, yn in gevelstien steane de inisjalen K.G.M. De opdrachtjouwer wie Gerrit Meintes Miedema (1802 -1878) troud mei Antje Klazes Rispens (1803 - 1882) It wie in foarname famylje de Rispens. Harren soan Klaas Gerrits Miedema (* 1837) lei de earste stien. Nei it ferstjerren fan Antje yn 1882, kocht Folkert Tiedes Vellinga (1826 -) troud mei Teetske Jetzes Koopmans it tsiispakhûs. Antsje Klazes Rispens wie syn muoike. Syn mem wie Sytske Klazes Rispens. It bleau dochs yn de famylje. 

Foarbuorren 19 
De wenning is boud rûn1870. De bewenner is Ruurd Jelles Feitsma (1850 -1922) mei syn frou Gerbrig Elgersma (1853 - 1916) Yn 1878 ferhuzen sy nei de Wynserdyk 10. Se lieten dêr in nij tsiispakhûs sette. Syn broer Willem Feitsma (1848 -1916) troud mei Trijntje Eringa (1852 - 1908) komme yn it hûs te wenjen. De famylje Feitsma hat de tsiishannel hast folslein yn hannen. Yn 1930 is it hús ôfbrutsen. 


Van Eysingaleane 5
Boud yn 1865. De earste bewenners hiene de widdo Beike F. Tibma (* 1814) troud west mei Bauke Piers Bouma (1807 -1861 ).Harren bern Fekke Baukes Bouma (* 1844) en Tietsje Baukes Bouma (* 1845) hawwe de earste stien lein. Op in stien rjochts fan de doar stiet T.B.B 1865 en lofts F.B.B. Efter de wenning rint in feart(sje, der waard fia de tsiisgoate de tsizen fan de souder nei de boat ta gliidzjen. Omleech woe wol. Nei boppen ta waard der sjoud.

Van Eysingaleane 7
It hûs is boud yn 1874. De bewenners binne: Age Jelles Feitsma (* 1835) mei Antje Jans Wiersma (* 1844) De wenning is as multyfunksjoneel sintrum delset. It krige de namme " De Nieuwe Doelen ". It wie in Herberg. Achter de wenning hat Feitsma in skuorre boud foar stâlhâlderij en syn ferfierbedriuw. En as klap op 'e fjoerpylk, boppe dit barren in tsiispakhûs. Dêr 't se lykas de buorlju de tsiis ferfierden fia it wetter oan de achterkant. It is ek no noch farwetter mei iepen ferbining nei it bûtenwetter. 

De Streek 1
 De earste bewenners binne Hielke Pieksma (1864 -1952) mei syn frou Eke Siegersma (1869 -1940 ). Sy hiene yn dit pân ek in winkeltsje mei griente en oare saken. Se setten yn 1920 ôf nei Wommels. Dit tsiispakhûs is ôfbrutsen yn 1959.

De Streek 20
Dit tsiispakhûs is boud yn 1856. De earste bewenners binne Migchiel Thomas Tuinstra (1830 -1899) troud mei Idske Gerrits Miedema. Tuinstra wie kûper fan berop. Ek stiet er yn aktes neamd as boer. Sy ferhuzen yn 1863 nei Wommels en dêrnei komt dokter Lolle de Vries yn de wenning. Miskien wie de konkurrinsje fan de Feitsma's te grut.

Wynserdyk 10
Foardat dit hûs boud waard, stie der in pleats. Yn 1878 wurdt troch Ruurd Jelles Feitsma (1875 -1947) troud mei Gerbrig Elgersma (1853 -1916) it nije hûs boud. Harren dochter Aagje R. Feitsma (1875 -1947) hat de earste stien lein op 10 july 1878   Ruurd Jelles Feitsma komt fan de Foarbuorren. It giet op dat stuit tige goed mei de tsiishannel. Oars hie er net sa 'n moaie en grutte wenning bouwe litten.