Leden middenstân 1995 en earder


Leden  middenstân 1995 en earder
©: Bauke de Boer

Der wienen in protte winkeltsjes yn Easterein. Dat al dy winkeltsjes klandyzje hiene, kaam trochdat de lju eartiids net folle bûten it doarp kamen. Yn de tritiger jierren dûkten in hiele bulte fan dy lytse winkeltsjes op, om’t hast elkenien mei negoasje begûn. Troch it regear waard der yn 1937 it near op lein troch de ‘vestigingswet op het kleinbedrijf’. Elkenien dy’t in winkeltsje begjinne woe moast in:

- Fakdiploma,

- in middenstânsdiploma,

- in startkapitaal fan fl. 2000,- ha.

Doe romme it tal nearingdwaanden aardich op en bleau der in beheind tal winkels yn Easterein oer.

Ien fan dy winkeltsjes wie fan Rinske Hingst (foto)

Yn 1911 wie har heit Anne Hingst (1895- 1966) trout mei Janke Visser (1883- 1938) in touhannel begûn. Hingst gong mei syn hannel de boer op. Yn 1918 ferhuze er nei de Griene Leane 13. Yn de winkel koe men  by Anne en letter Rinske winkelguod (iten) keapje en de touhannel gong ek troch. By it stee hearde ek in apelhôf. De rispinge oan apels en parren waard yn de hjerst ferkocht yn de winkel.

>>>>‘It stikje lân dêrby neamden wy ‘de Kamp’, skriuwt Pieter Hoekstra, ‘dêr rûn in sleat omhinne, dat bûtenwetter wie. By’t winter hawwe hiel wat Eastereinders eartiids dêr it reedriden leard’. 

Yn 1964 is op ‘de Kamp’de nije beukerskoalle boud, no Vrijburg nr 1.

Rinske Hingst (1912) hat har winkeltsje oant 1993 iepen hâlden. De lêste jierren waard der foaral snobbersguod helle troch de bern en fansels koe men der noch tou keapje.

Anekdote Renske Hingst 1974

troch Bauke Tj. de Boer

Myn mem, Gerrie de boer- Velzen stjoerde my op in sneontemoarn nei it winkeltsje op de Grieneleane fan Rinske Hingst om splitearten te heljen. Doe mem se yn it wetter die en op it fjoer sette wie it ienenal skom op de earten. Wat bard hjirr??Der kaam út de panne in sjippegeur. Ik waard der wer op út sjtoerd om nije earten. Rinske gong de boel bedél. En wat bliek, boppe de earten stienen de doazen mei poeiersjippe. Ien dêrfan wie op de kop fallen en de sjippe wie yn de yn de bak mei losse earten rûgele. Dat wie dus de oarsaak fan it skom op de earten.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Bauke de Boer
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s

Bedderie
De saneamde "Bedderie" wie festige yn it pân fan de eardere iepenbiere skoalle

Disclaimer

Bergstra Manifacturen
f.l.n.r Arie Bergstra, Aaltje Bergstra-Ruiter en Theo Bergstra Yn de winkel oan

Disclaimer

Bos Mechanisaasje
Sibadawei: achsterste rige: Sybren Twijnstra, Jan Bearda, Sjoeke Huitema. Stean

Disclaimer

Kafee Bergsma
Jelle Bergsma en Alie Bergsma. Yn it âldste kafee fan Fryslân, efter de taap.

Disclaimer

Kafee Bergsma
Oan de Sibadawei: Jan Bergsma, Tjibbe Velzen, Annie Kamstra, Corrie Bergsma- Str

Disclaimer

Casper Supermarkt
De winkel stie oan de Streek. Op de foto, Jan de Jong en Geeske de Jong- Sijbesm

Disclaimer

Couperus Hydrauliek
Bedriuw stiet oan de Fabrykswei. f.l.n.r. Marten van der Veen, Bennie Stegenga,

Disclaimer

De Middenstân fan Easterein
Dizze jout in oersjoch fan de middenstân út Easterein yn 1995. Der is yntusken

Disclaimer

Drukkerij van der Eems
Oan de Sibadawei: achterste rige: f.l.n.r. Anke de Boer- van Dijk, Rindert van d

Disclaimer

Elektra en wytguod winkel
Oan de skoallestritte: Jouke Houtsma

Disclaimer

Enkabe winkel
Tjitske Strikwerda- Wybrandy. De winkel stie oan de Tsjerkebuorren.

Disclaimer

Garage Witteveen en Brouwer
v.l.n.r. Sebastiaan van Spanning, Johannes Nauta, Jarich Noordmans, Tjalling Bro

Disclaimer

It jierlikse útsje fan de middenstân
Hielendal ferklaaid yn Volendam.

Disclaimer

It jierlikse útsje fan de middenstân

Disclaimer

Húsdokter mei apotheek
Dokter Hemmes oan it wurk yn syn apotheek. Festige oan de Van Eysingaleane.

Disclaimer

Ynstallaasjebedriuw De Jong
Op it Heechhiem: f.l.n.r. Jan Luehof, Geartsje Vellinga- Posthuma, Theo de Jong,

Disclaimer

Joustra Branje
Oan de Skoallestritte: Baukje Joustra- Brinksma, Jurjen Joustra, Willem Rienstra

Disclaimer

Kleanwinkel fan Bergstra
Joke Dijkstra

Disclaimer

Kniplokaeltsje
Talitha Jagersma oan it wurk yn har kappersaak op it Skiplein 1, (âlde skoalle)

Disclaimer

Leanbedriuw Okkema
Oan de Wynserdyk: f.l.n.r. André Leffertsma, Gerben Terpstra, Gerrit Faber, Jel

Disclaimer


1 | 2