Molens


Molens
©: Thymen Santema

Der wiene nochal wat molens rûnom Easterein, dy`t soargen foar de ôffier fan it reinwetter nei de fryske boezem. In oantal derfan is yntusken ferdwûn, danwol ferfongen troch in elektrysk gemaal.

Wynmotors

Dizze mûnen binne fan lettere tiid. Hjirfan stie in grutter oantal, ynearsten om in lytser gebied te bemeallen, letter hiene se ek in gruttere kapasiteit.

Der stie ien by:

- de pleats fan melle Bonnema op meilahúzen.

- op de râne fan de ôfgroeven terp tsjin de Itenserop feart, achter de pleats oan it ein fan de reed lâns de Sporthal.

- op de leechjes achter de pleats fan Bouma.

- achter Y. Sjaarda en H. Kuiper op nei de Pôle (2 stiks).

- op it Skrok, foar de Tille rjochtsôf, deunby de pleats dêr midden yn it lân.

- op it ein fan it Skrok fuortby de Boalserterfeart.

- by it oare paad de Skrokstereed út, by de pleats fan Lolke van't Zet

Nije molens ûntstiene troch de fraach nei griene energie. It lânskip feroaret. Yn de finsters wurde de molens beskreaun.

© Foto voorblad: Thymen Santema
Lês mear



  • Disclaimer