Kafee Bergsma 1909-2006
Yn dit finster sjogge we werom op it tiidrek 1909-2006. De perioade weryn de famylje Bergsma kastlein wie. Mei foto's fan it kafé, de famylje, de besikers en wat derom hinne spyle.
De namme Café Bergsma komt fan de famylje Bergsma, dy't fan 1909 ôf it behear fan de "doarpsherberch" fersoarge. Nei 97 jier, yn 2006 giet it kafee oer nei Albert en Yvonne de Bruin. Sy feroarje de namme nei Noflik Easterein. Yn 2019 werstelt de hjoeddeiske útbaatster Jelien Pompstra de âlde namme yn eare: Bergsma Easterein.
Café Bergsma is al iuwenlang in moetingsplak foar doarpsbewenners en foar elkenien dy't dêrmei anneks is. Fan passanten oant en mei hannelslju. Foar de doarpsbewenners stiet it kontakt mei-inoar en de ferieningen dy't dêroan ferbûn binne foarop. Fan biljert - en kaart jûnen, toaniel - en muzykútfieringen, jiergearkomsten, oant en mei destiids de meitelling fan de boeren. Fan famyljefeesten, personielssfeesten, reunys, brulloften en partijen. Dûnsles en dûnsjûnen fine der plak en letter de muzykbands op de sneontejûn.
It kafee is ien fan de wichtige plakken dêr't it klopjend hert fan de doarpsmienskip fielber is, en dêr't sels mannich doarpsbewenner de wiere leafde ûntdutsen of fûn hat.
Under ynfloed fan de feroaring yn de tiid, beweecht ek de rol en ynhâld fan it doarpskafee mei. Yn in soad doarpen ferdwynt it kafee, mar sa net yn Easterein. Dêr beweecht de kastlein mei yn de feroaringen en past de bedriuwsfiering derop oan. It bliuwt in lokaasje dêr't noch fan alles mooglik is. Up to date yn it oanbod, mei behâld fan de sfear fan eartiids. It ynterieur azemet de tiid fan eartiids, mar it is in allround party sintrum, restaurant en kafee. Bekend yn hiel Fryslân, mei in rike histoarje.
Colofon
Jan en Titus Bergsma