Nieuws:


Uitgelichte vensters:

Tal fan Eastereiner beukers út de perioade 1947 – 1954 ha by ‘juffer Rinkje’ (Rinkje van der Wal) yn de klasse sitten. Doe ’t ik yn 1947 op de beukerskoalle kaam, kaam sy der ek. Noch net as juffer, mar as in jong fanke om it fak by Anneke van der Meer te learen. Ik wit net mear hoefolle dagen se ‘staazje’ rûn, mar se wie yn dat earste jier ek noch faam by Tiede Hijlkema oan de Wommelserdyk (no Van Eijsingaleane 27) en gong nei de oplieding foar beukerliedster yn Snits. Dat ferrûn allegearre poer bêst en se helle har ‘akte’ (diploma) as beukerliedster.

Juffer Anneke waard yn 1948 yn Wommels beneamd. Dêr kaam doe ek in beukerskoalle. Rinkje folge har, noch mar 17 jier âld, op. Se wie noch wol hiel jong, mar hie it fak yn de fingers. Op de foto sjogge wy de jonge juffer Rinkje by de doar der ’t tal fan bern yn de rin fan de jierren trochhinne gongen binne.



Dyselde Rinkje komme wy ek tsjin op de foto op de oare side mei de klasse dy ’t se yn 1951 hie. Dy foto is op in hiel bysûnder plak nommen. It is no in part fan de dyk oan de efterkânt fan de huzen fan it Skilplein en de kopse kant fan de Skoalseize. Hjir rûn oant 1958 ta in feart. It wie in ferbining tusken de Skippersbuorrenfeart en de Sebeare. Oan de parkearplakken mei no de glêskontener wie de sânbak der ’t de bern fan de bewarskoalle yn boarten. De foto is ûngefear op dit plak makke. 

De sânbak

Yn de oarloch (WO II) fûnen de Dútsers ‘beweging’ belangryk en soks moast al mei de bern begjinne. Dêrom waard der op it plak op dizze foto in sânbak oanlein. Tusken Skilplein 25 en doe noch de legere skoalle (no Skilplein 27) kaam in paadsje mei in brechje oer de feart foar ‘t Heechhiem 7. Ferfolgens in tegelpaadsje nei links op it plak der ’t no it trottoir lâns de dyk nei De Skoalseize leit. Op ûngefear de yngong nei de kantine bûgde it paadsje links ôf en dan kamen je by de sânbak. Dêr waard in gat groeven der ’t reade sân yn kaam en foar de sânbak kaam in tegele pleintsje. De  
bern koene dêr boartsje en …. gymnastykje.



By it iepenjen fan de foto's kin men per bern de nammen besjen.
 

Nei de oarloch moast alles wat troch de Dútsers betocht wie sa gau as mooglik ferdwine. De sânbak fertutearze. As kattebak die er it geweldich, mar foar bern net mear geskikt om te boartsje. Boppedat waarden de bern fan it reade sân sa smoarch as bargen.

Mar tiden hawwe tiden en soks jilde ek foar de sânbak. Ein 40-er jierren kamen de minsken dy ’t der ferstân fan hiene dat beweging ek foar pjutten en beukers goed wie op it idee de âld sânbak te renovearjen. De tegels foar de sânbak waarden op ‘e nij lein, it gat der ’t it sân yn lei waard op ‘e nij útgroeven, der kaam drainaazje op ‘e boaiem. It reade sân waard ferfongen troch giel, it tal m2 waard útwreide, der kaam in kreas stek omhinne om minsken en bisten ‘bûtendoar’ te hâlden en der waard in oerkaping mei in bankje makke der ’t de bern sitte en boarstje koene as it waar net alte-alte wie. Ik tink dat de sânbak oant 1964 doe ’t de beukerskoalle ferpleatst waard nei Vrijburg 1 yn gebrûk west hat.

Op de foto boppe-oan stiet de klasse mei de lieding. Mei Tjerkje de Vries (Kooistra) ha ik de foto besjoen. Wy koene net alle bern thúsbringe, mar de nammen der ‘t wy fan tinke dat wy it witte folgje, somtiden mei in fraachteken en as wy it hielendal net wisten allinne in fraachteken.

 

 

 

De famylje Vellinga skriuwt in lange skiednis mei it doarp Easterein.
Yn iere tiden as feehâlders en fan 1800 ôf ek mei hannel en transport.
Dat begjint mei in hûnekarre, folge troch wein en hynder. En fansels ek ferfier oer it wetter.
Yn ' Alle Friezen.nl ' komt de famylje Vellinga foar fan de ierste gegevens ôf.
Yn 1700 wennen der al Vellinga's yn Easterein. De efternamme bestie doe noch net.

De earste dy 't ik hjir neame wol is Pyter Jans. Hy troude yn 1792 mei Sjoerdsje Tiedes.
Se wiene nei alle gedachten feehâlder. Yn de stimkohieren komt Pyter foar as hierder / brûker fan perselen lân. Se krije fjouwer bern, Jan (*1793), Tiede (*1795), Yttje (*1796) en Maike (*1798).

Jan Pieters Vellinga (1793 -1832) troud mei Tjitske Ruurds Bootsma (1789 -1826). Tjitske stoar by de berte fan it earste bern Pieter Vellinga. Jan wurdt ek net âld.
Hy is keapman fan berop en wennet op de Foarbuorren 5. De earste Vellinga dy 't op de Foarbuorren wennet. Syn broer Tiede wurdt boer.

Tiede Pieters Vellinga (* 1795) troud yn 1817 mei Sytske Klases Rispens (1794). Tiede dy 't feehâlder is, trout mei in frou út in boerefamylje. Se krije njoggen bern.
Net alle bern berikke de leeftyd fan folwoeksene. Dat jildt wol foar de soannen Klaas (*1822), Folkert (*1826), Jan (*1830), Yme (*1833). Net allegearre kinne of wolle se boer wurde.
Folkert (*1826) bliuwt yn Easterein wenjen. Hy folget syn omke Jan op as keapman.

Folkert Tiedes Vellinga (*1826 -1902) troud yn 1852 mei Teetske Jetzes Koopmans (1830 -1901). Hy is keapman fan berop. Hy hellet mei syn boat tsiis by de boeren op ornearre foar de eksport nei Ingelân. Yn 1862 keapet Folkert de helte fan in fearboat.
De boat fart fan Easterein nei Snits en Ljouwert.
It pear krijt njoggen bern, wêrfan 't fjouwer jonges en twa famkes yn libben bliuwe.
Tiede (*1861), Pieter (*1865), Jetze (*1866) en Klaas (*1872).
Se komme yn de saak te wurkjen en dogge dat ûnder de namme fan de Gebroeders Vellinga. Folkert keapet yn 1878 de Foarbuorren 1 foar it bedrach fan fl. 1800, -.
De saken geane goed. Yn 1883 keapet Folkert foar in bedrach fan fl. 3935 in keapmanshûs.
Dit is Foarbuorren 2. It sil grif in foardiel west hawwe dat de ferkeaper in muoike fan Folkert is fan mem har kant. ( Antje Klases Rispens) It hûs dat se keapje is in tsiispakhûs.
Neist de foeraazje hannel hawwe se ek in winkeltsje. En in hannel yn klompen.

Tiede Folkerts Vellinga (1861 -1920) troud yn 1904 mei Tietje Jans Prins (1874 -1953). Tiede set it bedriuw fuort mei syn broer Pieter (1865 -1909) Pieter komt al betiid te ferstjerren en Tiede hat de lieding fan it bedriuw. Hy is 43 jier as er trout. Se krije fjouwer jonges.
{ _ 66022 left 200px_ } (Uit het boek Easterein).  Folkert (1905 - 1984) Jan (1907- 1990) Pieter (1909 -1980) en Klaas (*1911) { _ 66026 left 200px_ }

Jan Tiedes Vellinga troud yn 1936 mei Ymkje Wiersma (* 1910 ). Se wenje yn de famyljewenning oan de Foarbuorren 2. Se krije fjouwer soannen, Tiede (*1938), Rients, deze stjert jong se krije dan noch in Rients (*1944) en letter noch Folkert (*1948) 

Folkert Vellinga troud yn 1934 mei Lucretia (Kee) Schukken (1910 - 1976). Sy komme neist broer Jan te wenjen oan de Foarbuorren 4.

Pieter Tiedes Vellinga troud mei Renske de Boer (* 1910) Sij wennen oan de Wynserdyk 41. Se ferhúzje yn 1951 nei Wommels. 

Klaas Tiedes Vellinga troud yn 1943 mei Harmke (Hammie) Terpstra (* 1916 -1966). Sy wennen oan de Foarbuorren 8. Yn 1951 binne se ferhuze nei de wenning oan de Wynserdyk 41. Ek dat hûs bliuwt yn de famylje. Dêr wennet Tiede (Klazes) Vellinga no. 
Nei it ferstjerren fan syn frou ferhuze Klaas yn 1976 nei Wommels en trout mei Janna Suierveld.

De Foarbuorren is in strjitte dêr 't meardere Vellinga's wenne hawwe fanôf 1870

Foarbuorren 1, Folkert Tiedes en Teatske Jetzes Vellinga- Koopmans 
Foarbuorren 2, Jan en Ymkje Vellinga- Wiersma
Foarbuorren 2, Rients en Neeltje Hinke Vellinga- Wiersma
Foarbuorren 5, Pieter en Gerritje Vellinga- Begeman
Foarbuorren 5, Jan Pieters  en Tjitske Ruurds Vellinga- Bootsma
Foarbuorren 2, Ruurd Vellinga verhuisd naar Nijemirdum
Foarbuorren 8, Klaas en Harmke Vellinga- Terpstra
Foarbuorren 8, Folkert Jans en Geartje Vellinga- Posthuma. Zij wonen anno 2024 hier nog
Foarbuorren 12, Ruerd Vellinga (*1968)

It famyljebedriuw groeide troch en yn 1955 wurdt de eardere skoalle kocht oan it Skilplein.
De skoalle wurdt brûkt as opslachloads. In plak dat mei it grutter wurden fan de frachtauto's minder geskikt waard. Yn 1979 wurdt der in nij bedriuw oan de Sibadawei boud.
De earste stien wurdt lein troch Folkert Tiedes Vellinga (* 1906). It is in bedriuwspân mei wenning.

It bliuwt in famylje bedriuw.

Tiede Jans Vellinga (1938 -1992) troud mei Tedde Posthuma (* 1942) komt yn it bedriuw as algemien direkteur. Nei syn ferstjerren ferhuze Tedde nei Harich.
De âldste soan Jan Vellinga komt yn it bedriuw.

Jan Vellinga (* 1966) troud mei Monique van de Berg (* 1968). Yn 1995 komme sy yn de bedriuwswenning te wenjen. Hun soan Tiede (*1994) wurket ek mei yn it bedrieuw.

Bedriuws opbou juni 2022: 

Direksje:
Pieter Vellinga Ofdieling transport planning
Jan Vellinga Ofdieling foeraazjeferkeap. 

Personielsleden:

F. Vellinga All round sjauffeur; 
T. Vellinga All round sjauffeur;
A. Vellinga All round sjauffeur; 
N. Wiedijk Administratyf meiwurkster