Nieuws: Uitgelichte vensters:Dokter Hofstee Ut it libben fan dr. Hofstee (Sjoch ek it filmke dat bij dit finster heart) Pieter Eltjo Hofstee (1905 -1961) troud mei Anke Cornelia Bolt (1912 -2006) kaam yn maart 1935 as opfolger fan dr. Christiaan Bernardus Wilhelmus Verweyde nei Easterein. It earste bern dat er op'e wrâld holp is Jan van Eijck (* 1935) út Itens. Hy krige in sparbankboekje mei fl. 10 gûne. Yn novimber 1935 waard Hofstee beneamd ta gemeente genêshear tegearre mei CH. B.W. Steenvoorden. Se wiene gersprekspartner foar de wethâlder dy't oer de folkssûnenssoarch gyng, en krigen hjirfoar in bydrage út de gemeentekas. It wie gjin fetpot yn dizze perioade. Hofstee hie konkurrinsje fan de dokters út Wommels. Dêr sieten Nammesma en Stoffelsma. Dat sil ek krap west hawwe. Dus Stoffelsma dy't ek in "earmepraktyk" hat, hâldt sitting yn Easterein. Op de Wynserdyk yn it hús fan de famylje Rienstra. Dat is Wynserdyk 11. It eardere tsiispakhûs. Dokter Hofstee is in moderne dokter. Hy rjochte it konsultaasje buro op. It foel ûnder it griene krús. Earst yn de bewarskoalle op it Skilplein. Letter oan de fan Eysingleane by him thús. Dat is te sjen op de Schnitzelbank. Der hat in grut ôfskiedsfeest west fan it doktersechtpear, want de minsken wiene tige wiis mei harren. Der is in schnitzelbank en in wandboerd fan Makkumer ierdewurk oanbean troch alle doarpen dêr't Hofstee wurksum wie. Boargemaster J. van Hout wie oanwêzich en de lieding wie dy jûn yn hannen fan H. Bootsma. Hofstee waard skoaldokter yn Zuidhorn. Se binne sûnder bern bleaun en de Schnitzelbank en it boerd binne fia in nicht fan frou Bolt yn besit kaam fan Doarpsbelang Easterein. Wat is in Schnitzelbank In Snitzelbank kin je omskriuwe as in film op in lange rôle behangpapier. Dizze waarden om 1945 hinne in soad makke foar trouwerijen en yn dit gefal ek foar it ôfskied fan Hofstee. De tekener fan dizze Snitzelbank is Migchiel Hiemstra berne op 14 -7-1891 yn Wommels en stoarn 28 -5-1975. Syn frou Marijke (Maria) Dantuma (1888 - 1953) komt út Easterein. Hiemstra is hússkilder fan berop. Hy wie in learmaster foar in soad minsken. Dêrneist koe er moai skilderje en houtsnijen. Hy makke faker Snitzelbanken yn opdracht. Lees meerTekst: © Berend Santema Foto: © Branspuit hok It brânwachthok is yn opdracht fan de Tsjerkfâlden boud op it achterhiem fan it Café, Herberg en Trochreed om de brânspuit in better plak te jaan as by de tsjerke. De ferantwurdlikheid foar de brânwacht lei dus by de tsjerkfâdij. En dat is bysûnder om't op de measte doarpen dizze taak by de gemeente lei. Yn it finster in byld fan de spuit en fan de stalling. Neist foto's binne der ek twa dokuminten oan dit finster tafoege.Lees meerTekst: © Foto: © Foto's anneks skoalle Yn dit finster stean allegear foto's dy't op ien of oare wize ferbân hâlde mei skoalle. Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Jetske SantemaDoarpsfeest De Oranje feriening organisearre sûnt 1950 de doarpsfeesten. De earste foto's fan weinen binne al fan om 1920 hinne. It is al in âlde tradysje. De doarpsfeesten binne alle jierren in hichtepunt yn it doarpslibben. De mienskiplike foarwille fan it meitsjen fan de fersierde weinen foar de optocht en it fersieren fan de buerten / strjitten drage der ek oan bij. Oan de spultsjes foar de bern en fansels it keatsen, it follyebal en it klaverjassen docht elk mei. It doarp libbet twa dagen op it feestterrein wert iten en drinken folop te krijen is. Mei it meitsjen en fersieren fan weinen, buerten en strjitten is der in sûne kompetysje ûnderinoar. It feest soarget foar ferbining yn it doarp. Op it feestterrein komme je yn petear mei minsken dy 't je oars net faak tsjinkomme. It doarpsfeest is in middel om de koheezje fêst te hâlden yn it doarp. Dat jildt foar jong en âld. Lees meerTekst: © Foto: © Bauke de BoerKoaifinne De Koaifinne hat 11 adressen. Der steane 7 frijsteande wenningen en twa dûbele wenningen. It binne allegearre keapwenten. Sboud yn de perioade om 1977 - 1980 hinne. By de foto's stiet neamd wa't wenne hawwe en no wûnen. De Koaifinne foarmet mei it Smidslân in buert. De namme Koaifinne komt fan it perseel lân by de pleats fan C. Agricola. Yntusken is dizze pleats oernaam troch de maatskip Kuiper. De pleats leit oan it binnenpaad fan Easterein nei Reahûs. Op neamd perseel wie eartiids in einekoai. De foto is yn de begjinjierren nei de bou makke. Sije en Gerritje Zwerver, kuierje troch de nijbou.Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Bauke de Boer
Dokter Hofstee Ut it libben fan dr. Hofstee (Sjoch ek it filmke dat bij dit finster heart) Pieter Eltjo Hofstee (1905 -1961) troud mei Anke Cornelia Bolt (1912 -2006) kaam yn maart 1935 as opfolger fan dr. Christiaan Bernardus Wilhelmus Verweyde nei Easterein. It earste bern dat er op'e wrâld holp is Jan van Eijck (* 1935) út Itens. Hy krige in sparbankboekje mei fl. 10 gûne. Yn novimber 1935 waard Hofstee beneamd ta gemeente genêshear tegearre mei CH. B.W. Steenvoorden. Se wiene gersprekspartner foar de wethâlder dy't oer de folkssûnenssoarch gyng, en krigen hjirfoar in bydrage út de gemeentekas. It wie gjin fetpot yn dizze perioade. Hofstee hie konkurrinsje fan de dokters út Wommels. Dêr sieten Nammesma en Stoffelsma. Dat sil ek krap west hawwe. Dus Stoffelsma dy't ek in "earmepraktyk" hat, hâldt sitting yn Easterein. Op de Wynserdyk yn it hús fan de famylje Rienstra. Dat is Wynserdyk 11. It eardere tsiispakhûs. Dokter Hofstee is in moderne dokter. Hy rjochte it konsultaasje buro op. It foel ûnder it griene krús. Earst yn de bewarskoalle op it Skilplein. Letter oan de fan Eysingleane by him thús. Dat is te sjen op de Schnitzelbank. Der hat in grut ôfskiedsfeest west fan it doktersechtpear, want de minsken wiene tige wiis mei harren. Der is in schnitzelbank en in wandboerd fan Makkumer ierdewurk oanbean troch alle doarpen dêr't Hofstee wurksum wie. Boargemaster J. van Hout wie oanwêzich en de lieding wie dy jûn yn hannen fan H. Bootsma. Hofstee waard skoaldokter yn Zuidhorn. Se binne sûnder bern bleaun en de Schnitzelbank en it boerd binne fia in nicht fan frou Bolt yn besit kaam fan Doarpsbelang Easterein. Wat is in Schnitzelbank In Snitzelbank kin je omskriuwe as in film op in lange rôle behangpapier. Dizze waarden om 1945 hinne in soad makke foar trouwerijen en yn dit gefal ek foar it ôfskied fan Hofstee. De tekener fan dizze Snitzelbank is Migchiel Hiemstra berne op 14 -7-1891 yn Wommels en stoarn 28 -5-1975. Syn frou Marijke (Maria) Dantuma (1888 - 1953) komt út Easterein. Hiemstra is hússkilder fan berop. Hy wie in learmaster foar in soad minsken. Dêrneist koe er moai skilderje en houtsnijen. Hy makke faker Snitzelbanken yn opdracht. Lees meerTekst: © Berend Santema Foto: ©
Branspuit hok It brânwachthok is yn opdracht fan de Tsjerkfâlden boud op it achterhiem fan it Café, Herberg en Trochreed om de brânspuit in better plak te jaan as by de tsjerke. De ferantwurdlikheid foar de brânwacht lei dus by de tsjerkfâdij. En dat is bysûnder om't op de measte doarpen dizze taak by de gemeente lei. Yn it finster in byld fan de spuit en fan de stalling. Neist foto's binne der ek twa dokuminten oan dit finster tafoege.Lees meerTekst: © Foto: ©
Foto's anneks skoalle Yn dit finster stean allegear foto's dy't op ien of oare wize ferbân hâlde mei skoalle. Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Jetske Santema
Doarpsfeest De Oranje feriening organisearre sûnt 1950 de doarpsfeesten. De earste foto's fan weinen binne al fan om 1920 hinne. It is al in âlde tradysje. De doarpsfeesten binne alle jierren in hichtepunt yn it doarpslibben. De mienskiplike foarwille fan it meitsjen fan de fersierde weinen foar de optocht en it fersieren fan de buerten / strjitten drage der ek oan bij. Oan de spultsjes foar de bern en fansels it keatsen, it follyebal en it klaverjassen docht elk mei. It doarp libbet twa dagen op it feestterrein wert iten en drinken folop te krijen is. Mei it meitsjen en fersieren fan weinen, buerten en strjitten is der in sûne kompetysje ûnderinoar. It feest soarget foar ferbining yn it doarp. Op it feestterrein komme je yn petear mei minsken dy 't je oars net faak tsjinkomme. It doarpsfeest is in middel om de koheezje fêst te hâlden yn it doarp. Dat jildt foar jong en âld. Lees meerTekst: © Foto: © Bauke de Boer
Koaifinne De Koaifinne hat 11 adressen. Der steane 7 frijsteande wenningen en twa dûbele wenningen. It binne allegearre keapwenten. Sboud yn de perioade om 1977 - 1980 hinne. By de foto's stiet neamd wa't wenne hawwe en no wûnen. De Koaifinne foarmet mei it Smidslân in buert. De namme Koaifinne komt fan it perseel lân by de pleats fan C. Agricola. Yntusken is dizze pleats oernaam troch de maatskip Kuiper. De pleats leit oan it binnenpaad fan Easterein nei Reahûs. Op neamd perseel wie eartiids in einekoai. De foto is yn de begjinjierren nei de bou makke. Sije en Gerritje Zwerver, kuierje troch de nijbou.Lees meerTekst: © Jetske Santema Foto: © Bauke de Boer