Reiske Alden fan Dagen 1956
Foar de âlderein wie der yn de neioarlochske jierren net in soart ferdivedaasje. It wurd fakânsjekaam noch net yn it wurdboek foar. De measte Eastereiners kamen it doarp hast nea út en in reiske mei de bus wie hiel wat bysûnders. Troch Doarpsbelang waard dan in aksje op tou setten om foar de 65-jierrigen en âlderen jierliks in reiske op tou te setten. Dit reiske waard dan troch 'it doarp' oan de 'bejaarden' oanbean. De bestjoersleden fan Doarpsbelang gongen earst mei listen by de doarpsgenoaten lâns mei de fraach dêr foar in bepaald bedrach op yn te tekenjen. Der kaam altyd genôch jild binnen foar it beteljen foar de bus, it iten en drinken en de tagongsbewizen foar de ferdivedaasje. De searje foto 's dy 't hjir ôfbylde wurdt is yn 1956 ûnder it reiske makke troch F.K. Reitsma. Reitsma ha net allinne foto 's fan Alden fan Dagenreiskes makke mar ek filmkes. Dy filmkjes binne op oare plakken yn it argyf werom te finen.
Op dize foto 's sjogge wy hoe 't om acht oere de útswaaiers op it plein by Bergsma de âlderein dy 't ûnderweis nei de bus is in moaie dei ta te winskjen. Der steane dan twa bussen klear. Fierder wurdt de reis yn byld brocht: it giet oer de Ofslútdyk, lâns it punt fan de tinknudle en it byld fan Lely nei Amsterdam. Nei in rûnfaart troch de grêften en in miel iten giet it nei Schiphol en fan Schiphol lâns de kust wer nei hûs. Natuerlik moat der poatsjebaaid wurde.
Dêrnei giet it op hûs oan en as elkenien dan wer foldien en hielendal oeremus yn Easterein oankomt dan stiet Wilhelmina in ein foar it doarp klear en mei it korps foar de bussen komme de reisgers tsjin it tsjuster dan wer op it plein. It oantal jierren fynt der dan noch in koart optreden fan reisgenoaten Andreis en Willemke van Wisse plak mei as hichtepunt it sjongen fan Zilverdraden tussen het goud. En dêrnei giet elkenien wer nei hûs.
Colofon
Foto's Reitsma