7. Yn en om Easterein (Skilplein 1) troch Jan Hiemstra


7. Yn en om Easterein (Skilplein 1)  troch Jan Hiemstra
©: Jan Hiemstra

Skilplein 1 rûn 1995. Der ’t op de súdkant de ruten sitte is yn de muorre te sjen dat dêr earder ruten sitten ha dy ’t tichtmitsele binne. Oan de boppeste foegen falt op dat de muorre heger wurden is.

Wa ‘t in rûntsje troch it doarp makket en lâns Skilplein 1 komt, passearret ‘Kapsalon ’t Kniplokaeltsje’. (Yn it Doarpskrantsje fan july&augustus 2020 hat Paul David Meesters hjir omtinken oan jûn.) De measte minsken sille net yn de gaten ha dat se dan lâns ien fan de âldste gebouwen fan it doarp komme. Yn 1819 waard it mei it wenhûs oan de Tsjerkebuorren (it hûs foar de boppemaster) troch de tsjerkfâden setten as iepenbiere legere skoalle. De skoalle oan it tsjerkhôf der ’t Karin Evenhuis yn it Doarps-krantsje fan juny 2020 oer skriuwt sil net mear geskikt west ha.

Yn de rin fan de jierren ha hiel wat Eastereiners yn dit gebou west: oarspronklik as learling fan de legere skoalle. Dit bliuwde sa oant 1870 doe ’t der skean tsjin dizze skoalle oer (no Skilplein 25) in kristelike skoalle kaam. Dêr gongen doe de measte bern hinne. De iepenbiere skoalle bliuwde oant 1884 yn it gebou Skilplein 1. Doe wie de nije, troch de gemeente betelle iepenbiere skoalle oan de dyk nei Hidaard (Wynserdyk 39) klear.

Skilplein 1 kaam leech te stean en de tsjerkfâden moasten wat mei dit gebou. It waard it ferieningsgebou fan de tsjerke. Dit hat oant 1892 ta duorre doe ’t de skoalle ferkocht waard oan Willem Kamminga dy ’t it ta wenromte anneks lapkewinkel ferboude. Yn 1903 waard it gebou op ‘e nij oanpakt. De bûtenmuorren krigen der 60 sm hichte by, it dak waard fernijd en der kaam in kreaze solder mei in kajút der op en in bedstee der yn.

Oant 1928 ta bliuwde it gebou winkel-wenhûs. Doe ferhuze Kamminga nei Huzum en kochten de tsjerkfâden it gebou werom. It waard wer skoalle. De yn 1892 boude nije kristelike skoalle hie fjouwer lokalen. It fierde lokaal waard brûkt as bewarskoalle (peuterskoalle), mar troch de taname fan it learlingental der in klasse fan de legere skoalle yn. Opmurken moat wurde dat it yn dy tiid hiel bysûnder wie dat in doarp in bewarskoalle hie. De measte plattelânsbern hiene, foar ‘t se as seisjierrige op de legere skoalle kamen nea in skoalbank sjoen!

Sels ha ik as beuker tusken 1947 – 1949 yn dit gebou sitten en moasten wy troch deselde doar der ’t je no noch troch nei binnen geane. Ek de trep nei boppen yn it haltsje wie der doe al. Yn dy tiid wie it lokaal ryklik tsjuster om ’t der yn de súdmuorre gjin ruten sieten. Dat is yn 1949 feroare; de kasten mei boartersguod waarden ferfongen troch lytsere kaskes ûnder de nije ruten.

Oant 1984 ta ha de Eastereiner beukers oan it Skilplein op skoalle west. Doe waard it gebou op ‘e nij skoalle ôf. It kaam by printerij Van der Eems. Doe ’t dizze romte foar dit bedriuw te beheind waard, waard it  yn 1978 in winkel yn lúkse- en húshâldelike artikels. Dit duorre oant 1983 en kaam it yn gebrûk as opslachromte foar de SRV-man (molktaper) Roel Nauta. Yn 1991 kaam der wer in feroaring en is in diel fan it eardere klasselokaal ’t Kniplokaeltsje wurden. Op it plak der ’t de dames no ûnder de droechkap of foar de spegel sitte, siet ik as peuter kreas yn de bank te boartsjen, te plakken, te tekenjen, matsjes te flechtsjen,  te knippen …. Oan de opstelling fan de banken is dúdlik te sjen dat it der destiids hiel oars tagong op in beukerskoalle as hjoed de dei yn groepen 1 en 2 fan it basisûnderwiis.

Doe ’t ik fan 1947 – 1949 op de beukerskoalle siet seach it derút sa as op dizze foto út de twadde helte fan de tritiger jierren. It wiene noch deselde banken en ek doe sieten wy yn de bank te ‘boartsjen’. by de skoallefoto's yn it finster binne de nammen fan de beukers te finen.

Foto 3 fan de steande klasse.

Dizze foto is út 1946. Troch de doar rjochts komme je noch altyd binnen! De nammen fan dizze bern binne te finen op side 626 fan ‘Easterein’.

>>>>>>>>>>>>>>> style="mso-bidi-font-style: normal;">Dit is in foto út plm 1980. It gebou wie de winkel fan Fronie Langhout mei as namme ‘De grienmank’.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s