48. It wite goud


48. It wite goud
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
It wite goud
Al jierrenlang komt der yn ús doarp goud út de grûn. Natuerlik gjin ‘echt’ goud, mar de molke fan de kij (=koeien) der ’t de goudgiele tsiis en bûter fan makke wurde. Soks smyt noch altyd ‘goud’ op. Jierrenlang wie dit de iennichste boarne (=bron) fan wolfeart.

De kij

By it grutte tal pleatsen om Easterein hinne rûnen der maitiids en simmers tusken de ûngefear 10 en de 25 kij. Dat wiene by sawat alle boeren swartbûnte en Fryske. Lyts fan stik, mar moai fan tekening. Se joegen flink molke mei in soad fet, en dêr wie it om begûn. Foar de slacht wiene se wat oan de behindige kant. Se foarmen it meubilêr yn it lânskip. 

Troch it wrotten fan de boeren en it oprjochtsjen fan it Friesch Runvee Stamboek waarden dit dé kij, oant der ‘ynienen’ klam kaam te lizzen op bisten dy ’t mear molke joegen, én foar de slacht mear kilo ’s hiene. Doe wie it oer mei it suvere Fryske ras, mar der is wat fan oerbleaun. De bisten dy ‘t nei Amearika ferkocht wiene, waarden dêr krúst mei de Holsteiners en kamen as Holstein-Friesian werom en feroveren ek Fryslân: noch wol swart-wyt, mar grutter en swierder, én se joegen mear molke. 

 It melken

It wite goud moast earst wol wûn en ferwurke wurde. Twa kear deis waarden de kij molken. Soks waard jierrenlang mei de hân dien. Dit levere hiel wat drokte op. Ut tal fan huzen kamen moarns tsjin fjouweren de boere-arbeiders dy ’t rinnend en letter fytsend nei de boer gongen. De kij waarden moarns tusken goed fjouwer oere en foar sânen molken. Soks barde op ‘e nij yn de neimiddei tusken fjouweren en seizen.

Yn drokke tiden sa as maitiid en simmer (en dat wie ek de tiid dat de kij de measte molke joegen) wiene faaks ek noch de faam (= de dienstmeid) dy ’t by de boerinne oan it wurk wie en in melker of melkster (faaks in widdofrou dy ’t mei melken wat byfertsjinne) yn it spier. Mar ek de boerebern waarden net mijd (=gespaard); se learden al jong it melken, earst by in wat âldere ko dy ’t de molke maklik sjitte liet, en moasten al rillegau folop meidwaan.

 De ferwurking

Dy molke waard oarspronklik op de eigen pleats troch de boerinne ta bûter en tsiis ferwurke. Dy produkten waarden dan ferkocht oan in keapman. Yn it doarp herinnerje de huzen mei heale moannefoarmige rútsje yn de boppeferdjippingen noch oan dizze tiid. Efter dy rútsjes wie de tsiissouder der ’t de tsiis rypje moast. Troch allegearre oarsaken kaam oan dizze manier fan bûter- en tsiismeitsjen in ein. Oeral op it Fryske plattelân waarden oan de ein fan de 19e ieu bûter- en tsiisfabriken boud. It swiere wurk waard dêr goedkeaper, mar ek hygiënysker dien. It Eastereiner fabryk kaam der yn 1897 en waard yn 1964 sletten.

 Winter- en simmerdeis

Winterdeis stiene de kij op stâl. As de arbeider by de boer kaam wie dy der faaks al, mar der wiene der ek dy ’t har troch de arbeider roppe lieten om noch efkes achter it breiden broekje fan de frou lizze te kinnen. De bussen der ’t de molke yn moast, stiene mei de tjems (=melkzeef) derop yn de stâl.

Simmerdeis rûnen de kij yn it lân. Mei de bussen op de wein en it hynder der foar gongen boer en arbeider derhinne. De kij waarden dan earst yn de jister (=hoek waar de koeien gemolken werden) dreaun; de bussen kamen fan de wein en it melke koe begjinne.
 

It hânmelken {_66011 left 200px_} Foto Botty Jellema- Dijkstra

Under it melken siet de melker op in tuolle (=laag krukje) oan de sydkant fan de ko. Foaral in jong bist koe noch wolris wat obsternaat wêze en dêrom waarden mei in stik tou earst de efterste poaten fêstbûn. Dan koene se ûnder it melke net tsjin de amer skoppe. Foardat de melker begûn moast der earst in fochtige lape oer it jaar (=uier), kaam der wat ‘uierfet’ op de oeren (=spenen) út in hoarn dy ’t de melker oan syn rym hingjen hie. Om de hannen fan de melker wat linich te meitsjen waarden de earste drippen oer de hannen fan de melker spuite, mar dêrnei gong it los en brûsde de molke yn de amer. Oant de lêste drip moast de molke út it jaar. Wie de ko molken dan krige se har frijheid werom. De amer molke moast troch de tjems. Yn dy tjems sieten twa gatsjeroasters mei in ‘watsje’ der tusken en waard de measte smoargens tsjinhâlden. Hoe skjinner de molke, hoe heger de molkepriis en hoe better de kwaliteit fan bûter en tsiis.

 
It molkferfier

Doe ’t de molke noch op de eigen pleats ferwurde waard, wiene der gjin molkriders, mar mei de opkomst fan de fabriken waard soks oars. De molke hie de lichemstemperatuer fan de ko en de bussen der ’t it ynkaam fielden altyd ‘waarm’ oan. Dy molke moast, foaral simmerdeis, sa fluch as mooglik nei it fabryk om dêr ferwurde te wurden. Soks wie in hiel o-heden. Der wiene boeren dy ’t it mei eigen hynder en wein der brochten. De lytse boerkes en komelkers brochten it faaks op de fytskarre. Der wiene der ek der ’t soks tefolle tiid foar naam en dêr hellen de molkriders of –farders de molke op. De boeren dy ’t harren molke oan it Eastereiner fabryk leveren wennen op syn fierst oan de trekfeart fan Wommels nei Littens (Weakens ûnder Winsum), op de Skrins ûnder Littens, yn Hartwert ûnder Boalsert, oan de Frjensjerterfeart tusken Reahûs, Rien en Lytsewierrum.

Winterdeis levere it molkfarren by froast problemen op. Salang it iis noch net te tsjok wie waard it brutsen troch der trochhinne te farren. Koe soks net mear dan moast it op ‘e slide oer iis nei it fabryk.

 
De molkriders en -farders

Molkrider of -farder wie net in noflik berop. It wiene lytse selsstannigen (ZZP-ers soene wy hjoed-de-dei sizze). Ien kear it jier waard it molkferfier oanbestege en wa ’t it dan foar de leechste priis dwaan woe waard de spekkeaper. 365 dagen it jier en twa kear deis moasten je presint wêze. In reiske nei Costa del Fier Fuort wie der net by! Hynder en wein (letter molkauto) of boat moasten se sels keapje. It wie ek nochris ferantwurdlik wurk; ien kear yn de fjirtjin dagen moast de opbringst fan de molke, it molkjild, by de boer besoarge wurde. Dêr siet dan by de measte boeren in knappe sigaar oan fêst. It kaam ek foar dat it molkjild yn in slúf tusken it lid (=deksel) fan in lege bus drukt waard en de boer it mar fine moast!

 Op it fabryk

Op it fabryk waard de molke op de melkûntfangst ôflevere. Per boer waarden de bussen lege, waard in meunster nommen en it gewicht bepaald. Dêrnei gong de molke yn grutte tanks en waard it mei de molke fan al dy oare boeren de grûnstof foar bûter en tsiis.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s