4. Yn en om Easterein (It paad nei Jellema state) troch Jan Hiemstra
Woene je eartiids mei tilbury of sjees nei wat no Stittenserleane 27 is dan wie soks in hiel karwei. It begûn al lâns de dyk nei Itens. Der wie it earste obstakel: de Wite Hikke. Dit is no it begjin fan de Stittenserleane.
Op boppesteande aansichtkaart is de Wite Hikke dúdlik te sjen. It doarp hâld dan noch op nei wat no de nrs Sibadawei nrs. 8 en 10 binne. Dy twa nrs. waarden yn 1882 as ien hearehûs boud! Ek links fan de dyk (foar it fabryk) is it dykshûs dat plm. 1910 ôfbrutsen is, noch te sjen; de foto moat dan ek út dy tiid wêze. It hûs stie op it plak der ’t no in knik yn de dyk sit as je fan de Itenserkant it doarp ynkomme. It dûbele hûs Sibadawei nrs. 12 en 14 is earst nei de oarloch boud. Wat op dizze aansichtkaart fierders opfalt binne de houten plato ‘s, de stalten, lâns de feart. Fearten wiene yn dy tiid belangryk foar ferbiningen, de foar de ôffier fan wetter (in iepen rioel) en om de wask út te spielen. Foaral simmerdeis wie der meastal in tekoart oan wetter. Der wie noch gjin wetterlieding en de reinwettersbak rekke leech. Dêrom waard der faaks gebrûk makke fan sleatswetter. Boppedat wie sa ’n stalt in moai plakje om te fiskjen…
Gongen je troch de Wite Hikke dan wiene der trije bestimmingsmooch-likheden. Wat no Tsjerkebuorren 5 is, wie jierrenlang it komelkersspultsje fan Bauke de Jong, Elba en …. de pleats hielendal oan de ein fan de reed. Foardat je dêr wiene hiene je yn alle gefallen simmerdeis as it fee yn it lân wie, op syn minst sân hikken iepen en ticht dwaan moatten. Rinnende of fytsend wie it wat minder, want dan koene je meastal wol om ‘e hikke.
De pleats waard yn 1844 boud is. Op dat plak hie al in boerespultsje stien. De doedestiidse eigener hie lykwols grou jild makke mei it ôfgraven fan terpen en koe op itselde plak in prachtich nij spul, mei in moaie grêft deromhinne, sette litte. Dy eigener wie Ate Klazes Wiersma dy ’t troud wie mei Lysbeth Minnes Oudhuis. Fia harren soan Minne Ates Wiersma dy ’t troud wie mei Henriëtte Aleida Becker, de dochter fan de Eastereiner dominy en harren pake- en beppesizzer Hermina Ates Wiersma, dy ’t troude mei Gerrit Ymes Vellenga kaam de pleats yn Vellenga ’s hannen.
Op dizze foto út plm. 1907 sit foar de pleats de Vellenga-húshâlding: soan Yme Gerrits, heit Gerrit Ymes, mem Hermine Minnes, dochter Fokeltje en dochter Henriëtte Aleida. It is in deftige boerehúshâlding. Heit rookt in piip, mem mei it gouden earizer op skinkt yn en de bern sitte der alle trije like kreas by. Se ha it sicht oer it eigen lân op de eastkant fan de tsjerke.
Colofon
Jan Hiemstra