4. In trochdewykse dei


4. In trochdewykse dei
©: Folkert Reitsma

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

In trochdewykse dei

Troch de wike wie it de hiele dei in drokte fan jewelste yn it doarp.  De minsken gongen noch net massaal betiid foar harren wurk it doarp út. Natuerlik moast der wurke wurde, mar dat barde foaral troch de manlju, en yn it eigen doarp. De bern moasten nei skoalle, de froulju bleaune thús en diene de húshâlding. Sa wie de rolferdieling en dêr diene de measten it mei.

Op it wurk oan

Foar de boere-arbeiders begûn de dei al betiid. Om in oere as fjouwer waarden se by de boer ferwachte. Winterdeis troch de neare nacht en simmerdeis by it opkommende ljocht. Dêrnei en soms tagelyk gongen arbeiders nei it bûterfabryk. Tsjin sânen moasten de timmerfeinten by de baas wêze. Der waard 48 oeren yn de wike wurke. Fiif dagen fan achtenheale oere en sneontemoarns noch fjouwer.

Mar ek de bakkers en slachters, wiene al wit hoe betiid oan it wurk. By de smid, de fytsmakker, de skuonmakker en de winkellju koe it soms wat mear lije. Mar let wie gjin minske.

Doarpsdrokte

As it melken dien wie moast de molke nei it fabryk. Dat waard troch molkriders, molkfarders en soms troch de boeren sels dien. Dit ferfier levere tusken sân en acht oere moarns en seis en sân oere jûns allegearre drokte fan molkweinen mei hynders, molkboatsjes mei bûtenboardmotors en molkauto ´s op. Mar yn dyselde tiid wiene it ek de doarpsfrachtriders en -farder dy ’t op harren transportfyts troch it doarp strúnden foar de klandyzje. De bern dy ´t op de fyts nei Snits moasten, foar de reis nei ambachtsskoalle, Bogerman of de kweekskoalle stiene kertier foar achten op it Plein klear. De beukerskoalle en de legere skoalle (beide oan it Skilplein) begûnen om healwei njoggenen. De âldere bern stiene al om acht oere op de sprong om nei skoalle ta: der moast earst boarte wurde!

De twadde droktegolf

As de manlju dan op it wurk wiene, de bern op skoalle sieten en de húsfroulju mei feger en blik it hûs ûnfeilich makken, dan soene je tinke dat de rêst werom kommen wie. Mar sa wie it net, want de minsken dy ´t wat fertsjinje moasten gongen by de doar lâns. De bakker sutele de moarns ier bakte bôle út, de slachter kaam earst foar de bestelling en letter mei it fleis, de grienteman woe wat fertsjinje, de meteropnimmer foar elektrysk of wetter wie ûnderweis, de kontribúsjes foar ferieningen waarden by de doar ophelle en de post kaam twa kear op in dei lâns. Guon froulju hiene tsjin tienen de kofje foar de manlju, dy ´t yn it skoft thúskamen, brún. Nei de kofje moasten de froulju meastal om ‘boadskippen’ want der waard wol ferwachte dat it waarme miel om tolve oere op tafel stean soe. Heit moast ommers om ien oere wer op it wurk wêze. In lyts praatsje ûnderweis of yn de winkel brocht ‘elkenien’ dan wer op ´e hichte fan it deistige doarpslibben.

Nei skoaltiid

Om healwei tolven kamen de bern út skoalle en gongen boartsjendewei nei hús. It miel stie klokslach tolve oere op tafel en efkes nei tolven koe der oanfallen wurde, mar dat gong by de measten net samar. Der moast earst lûdop of stil bidden wurde en dan folge it waarme miel dat foaral út ierappels mei fet en griente bestie (en ôfhinklik fan de finansjele posysje fan de húshâlding in stikje fleis) en dêrnei faaks yn itselde board noch de sûpenbrij. Dêrnei waard der yn de measte húshâldingen Bibellêzen en dankt en wie it miel goed healwei ienen behimmele. Heit koe dan wer nei it wurk, de bern koene wer nei skoalle en mem mocht al as net mei help fan de bern ôfwaskje.

Rêst oer it doarp

Yn it begjin fan de middei waard it wat rêstiger yn it doarp. In pear minsken gongen nei it plein foar de bus nei Snits, wat AOW-ers stiene dêr te praten en de krantebesoarger helle de kranten fan de bus om dy út te suteljen. Nei skoaltiid wie it wer foarby mei de rêst. Nei in bakje tee fleagen de bern troch it doarp en fûnen fan alles út. Rôverke, sideplakboartsje, simmerdeis nei it swim plak, knikkerje, fuotbalje, mar ek nei hûs om op it bedriuw mei te helpen of thús in hantaast te dwaan (foaral de famkes út de grutte húshâldingen). Nei fiven, meast tsjin seizen, kamen de manlju wer thús. De post hie dan krekt it middeis bestelrûntsje dien en de frachtriders brochten de bestellingen rûn.

Seis oere en dêrnei

As de klok om seis oere lette waard elkenien wer thús ferwachte en moast der bôle-iten wurde. Nei it bôle-iten waard der ôfhinklik fan de tiid fan it jier noch fan alles útfûn. De bern boarten, de manlju hiene faaks in stikje tún en moasten wat oan it hiem dwaan, guon gongen nei it korps, it koar, de froulju ´s feriening en de grifformearde manlju nei de manljusferiening. Der wiene der dan ek noch wat dy ’t oan sport diene by fuotbal -, keats - of gymnastykferiening, mar de measte minsken hiene it nei in drokke dei wol hân. 

Op it fabryk moast de middeis molke noch ferwurke wurde, want soks koe net oant de oare moarns wachtsje. Let waard it net. Om tsien oere foel der in woldiedige rêst oer it doarp. Tal fan minsken krûpten doe noch yn de bedstee. It wie mar in inkeling dy ´t it letter makke en dêr waard dan ek oer praat. It ljocht is dêr foar tolven net út!

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemtra © Foto voorblad: Folkert Reitsma
Lees meer

Gerelateerde informatie


Onderwerpen