25. De beukerskoalle


25. De beukerskoalle
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
De Beukerskoalle

De measte bern dy ’t yn Easterein yn de earste klasse (no groep 3) op de legere skoalle kamen hiene al op de beukerskoalle sitten. Al fier foar de oarloch wie der yn it ‘fjirde lokaal’ (Us Gebou) fan de legere skoalle in bewarskoalle. Dêr siet ús heit likernôch 1920 al op. Yn myn tiid, doe ’t ik tusken 1947 en 1949 by juffer Anneke van der Meer yn de klasse siet, gongen de beukers twa jier op de beukerskoalle tsjinoer de legere skoalle, it gebou dat no It Kniplokaeltsje is. (Skilplein 1)  Dit gebou hat in rike histoarje.

It gebou

De doar der ’t ik as jonkje troch gong en de doar fan no soene deselde noch wol ris wêze kinne. Troch de doar kamen je yn in romte mei in stiennen flier. Oan de sydkant sieten de heakken foar de jassen en stiene de klompebakken, want alle bern kamen noch op klompen op skoalle. It ‘rûkte’ altyd wat yn dit haltsje, want it pishoekje foar de jonges wie hjir, mar ek it húske mei in tontsje, en it tontsje út húske fan de buorlju waard fia dit haltsje ferfongen. Dat lêste wie noch in oerbliuwsel fan ‘âlde’ tiden doe ‘t it hûs fan de buorlju noch it skoalhûs wie. It skoalhaad koe binnentroch yn de skoalle komme. Yn de hal wie in houten trep nei boppen. Dêr mochten wy as pjutten net opkomme, mar doe ’t ik wat âlder wie, ha ik wolris stout west. Ik kaam doe op in souder, mei in sliepromte mei bedstee. Der stie noch in âlde grutte tromme fan Wilhelmina!

In bytsje gebouwenskiednis

Skilplein 1,  hie net allinne skoalle west mar en in wenhûs mei in winkel. Mar yn it begjin fan de 19e ieu wie it wol as iepenbiere skoalle setten. Yn 1884 waard der oan de Hidaarderdyk (no Wynserdyk) in nije iepenbiere skoalle iepene en stie it gebou der dochs mar. It waard brûkt as fergaderromte, Yn it wenhûs mocht it skoalhaad fan ‘e iepenbiere skoalle master Baars, de tsjerke-oargelist en ûndertusken mei pensjoen, wenje bliuwe. Oan de Hidaarderdyk stie ommers in nij skoalhûs foar de skoalle. De âlde iepenbiere skoalle waard yn 1892 ferboud ta lapkewinkel en wenromte foar Willem Kamminga. Doe ’t de soan fan Willem Kamminga yn 1928 nei Huzum ferhuze kaam dit moai út. It fjirde lokaal fan de School met den Bijbel, moast troch de legere skoalle sels brûkt wurde, want fanwege it grutte tal learlingen waard der in fjirde learkrêft beneamd.

Wat wie der no handiger om it gebou (Skilplein 1) op ‘e nij as skoalle yn te rjochtsjen. Sa barde it dat de bewarskoalle fan út it fjirde lokaal der yn 1929 ynkaam en der as beukerskoalle oant 1964 yn sitten hat.

It lokaal

Sa as it lokaal der nei de ferbouwing yn 1928 útseach sil it der sûnder mis yn 1947 noch útsjoen ha. Foar it gebou stiene doe ek al de linebeammen, mei as gefolch dat it der nochal skimerich wie. Lampeljocht wie djoer; de fjouwer elektryske lampen dy ’t mei in snoer oan de souder hongen brânden allinne mar op as net oars mear koe. Yn dit lokaal stiene trije rigen fan fiif houten banken en dêr sieten de bern yn. Tritich bern yn de klasse (en soms mear) wie net ûngewoan. Yn de muorre oan de kant fan Ús Gebou sieten noch gjin ruten; dêr stiene twa mânske kasten mei al it boartersguod en alles wat der mar noadich wie foar it ûnderwiis. Winterdeis brânde der in grutte kachel yn it lokaal. De brânje wie opslein yn in kelder ûnder de flier, mei in lûk yn it lokaal. Dit wit ik sa goed om ’t ik dêr, as dochs wol in hiele krasse pedagogyske maatregel, in kear yn opsletten waard. Je moasten oanpakt wurde as je dwers wiene!

It ûnderwiis

Doe ’t ik op de bewarskoalle kaam wie it al folle mear in beukerskoalle mei in learplan wurden. Fansels waard der moarns earst in stichtlik ferske songen en bidden. Bibelferhalen waarden der neffens my net alle dagen ferteld. Miskien wie de skoalle dêrom ek akseptabel foar de minsken dy ’t harren bern letter nei de iepenbiere skoalle yn Itens stjoerden. De ein fan de wike waard lykwols altyd ôfsluten mei it lied ‘No ’t wy nei hûs  gean ….’ en in godstsjinstige lading hie. De tekst kin ik net mear; de melody ha ik noch altyd yn de holle.

Nei it begjin moarns waard der mei blokjes boarte, waard der plakt (sa ha ik noch in plaat thús oer de ynhuldiging fan keninginne Juliana wêrop mei gluton as lym allegearre kleurde rûntsjes plakt binne), waarden der matsjes knipt, waard der tekene en waard der songen. Kleutergymnastyk kaam doe net yn it wurdboek foar. Yn in lokaal mei trije rigel fan fiif banken en sa ‘n 30 beukers wie sok ek net mooglik. Healwei de moarn wie der ‘speelkwartier’ en dan mochten wy der efkes út. Ik fleach dan it paadsje foar de legere skoalle lâns en it brechje oer nei hûs, foar in stikje koeke, want dêr koene je yn dy tiid net sûnder.

 

Sânbak

It brechje oer de feart by it ‘t Heechhiem 7 wie der yn de oarloch kommen. De Dútskers fûnen dat bûten wêzen en gymnastyk in ûnderdiel fan it learplan wêze moast. Dêrom waard der foar de beukerskoalle in sânbak oanlein, mar net deunby de skoalle. Op dêr te kommen moasten je lâns it paadsje dat foar de ruten fan de legere skoalle lâns rûn, oer it krekt neamde brechje, dan linksôf en oer in tegelpaadsje lâns de feart nei de sânbak yn de hoeke lâns de feart oan de sydkant fan no Skilplein 22. Yn it begjin fan de fyftiger jierren is dizze sânbak op ‘e nij oanlein, mei der in romte by (fan asbest!) der ’t ek by reinich waar ûnderdak boarte wurde koe. Spitigernôch wie de drainaazje net al te bêst en fûnen de doarpskatten dit wol in hiele moaie kattebak. In ôfrastering holp net genôch, mar wie foar de jeugd fan dy tiid wol noflik dy ’t it pleintsje foar dizze sânbak brûkten om te fuotbaljen. Der is no neat mear fan werom te finen, mar op Schoolbank.nl stiet noch in foto.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lees meer

Gerelateerde informatie


Onderwerpen