24. De skoallen


24. De skoallen
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Skoaljier
Hjoed-de-dei begjint it nije skoaljier op 1 augustus. Nei de simmerfakânsje, dy ’t de bern altyd te koart en de âldelju altyd te lang duorret, is it dan yn de buert fan 1 septimber wer safier. De bern komme yn in hegere klasse en it nije skoaljier duorret wer oant 1 augustus ta. Dat skoaljier fan 1 oant 1 augustus kinne de Eastereiners noch mar sûnt 1956. Hiel wat pakes en beppes gongen noch op 1 april oer It dat wie gjin aprilgrap: in skoaljier duorre fan 1 oant 1 april.

 
It Skilplein

Nei de skoalle De Foareker oan de Skoallestrjitte 19 geane de bern sûnt de krystfakânsje fan 1953 op 1954. Op 5 jannewaris waard de skoalle ûnder de namme Skoalle mei de Bibel iepene. Foar it doarp wie dat in enoarme omkear. Sûnt minskeheugenis hiene de measte Eastereiner bern yn gebouwen om it skoalplein (Skilplein) hinne op skoalle sitten. Dat jilde foar de bern dy ’t nei de ‘legere’ skoalle, mar ek foar de bern dy ’t nei de bewarskoalle, dy ’t letter de beukerskoalle neamd waard, gongen. Nei de ferhuzing fan de skoalle nei de râne fan de nijbou oan de ein fan de Sjaardaleane like it der foar it doarp in soad op dat it hert derút wie. It waard fan it iene op it oare momint stil oan de ‘achterbuorren’, want fan de beukerskoalle dy ’t der noch wol bleau, kaam net de measte drokte.

 
De nije skoalle

De nije skoalle wie net allinne foar de bern en de bewenners rûnom it skoalplein in omkear, mar ek foar master Kornelis; dy koe net mear efkes fan hûs út de skoalle binnen wippe om nei skoaltiid noch oan it wurk te gean. En om dy nije skoalle te berikken, moast der in omlânske reis makke wurde. Je moasten oer de Hidaarderdyk en de Andries Joustrastrjitte of de Hidaarderdyk en de Sjaardaleane. It begjin fan de Skoallestrjitte sil der grif wol lein ha, mar tusken de hoeke Skoallestrjitte en Andries Joustrastrjitte, en de Grieneleane wie noch gjin paad. Oan de Andries Joustrastrjitte stie noch mar ien blokje fan fjouwer huzen. Pas letter is der in sintelpaadsje troch de greide nei de Grieneleane lâns de Pôle kommen en dat waard letter de komplete Skoallestrjitte.             


De âlde skoalle

De skoalle dy ’t by my noch altyd op it netflues stiet is it grutte, no net mear besteande, statige gebou oan it Skilplein op it plak der ’t no de dûbele wente Skilplein 12 en 14 stiet. Nearne yn de fiere omkriten fan Easterein wie in doarpsskoalle fan dizze omfang: fjouwer lokalen efter inoar mei dêrfoar in brede gong en foar de tagongsdoarren in waranda mei in sinken dak. Yn dy gong hongen de kapstôkheakken, stiene de klompebakken en wiene de húskes. Fia de trep koene je nei boppen en kamen earst op de souder boppe de gong en dan op de souder boppe de lokalen. Yn de lokalen wiene de balken net sichtber want de planken sieten oan de ûnderkant. Dêrom wie it net fertroud oer dy souder te rinnen. Op beide souders stie lykwols fan alles en noch wat út âlde tiden opslein. 

Dizze skoalle út 1892 wie tige solide boud, mar foldie nei de oarloch net mear oan de easken fan dy tiid. De ruten wiene op it noarden en lieten in protte kjeld troch. Dêrtroch wie it binnenyn altyd like tsjuster en wiene de lokalen, mei mar ien kachel yn it midden, net waarm te stoken. 

 
Eardere skoallen

Om datselde Skiplein hinne steane no noch altyd trije eardere skoallen. Wat no it Kniplokaeltsje is, wie oant 1884 ta de ‘iepenbiere’ en oant 1870 ta, de iennige skoalle yn Easterein. Yn dat jier waard der in kristlike skoalle oprjochte. Foar de iepenbiere skoalle oan it Skilplein 1 waard dat in gefoelige klap. Wat no de wenhuzen Skilplein 25 en ’t Heechhiem 6 binne wie it gebou fan de kristlike skoalle. Yn de helte fan it hûs dernjonken kaam it skoalhaad te wenjen. De gevelstiennen yn it wenhûs oan it Skilplein 25 mei dêryn de wurden (links) ‘Leer den jongen de eerste beginselen naar den eisch zijns wegs’ en (rjochts) ‘Als hij ook oud zal geworden zijn, zal hij daarvan niet afwijken’ litte noch nei bûten ta blike dat je mei in kristlike skoalle te krijen hiene. Dizze nijbou wie foar de besteande iepenbiere skoalle noch krekt net de deastek, mar it skoalhaad seach it allegearre mei triennen yn de eagen oan.

 
De Ald Skoalle / Us Gebou

De tredde skoalle om it Skilplein, der ’t no wenromte fan makke is, waard yn 1874 as skoalle foar it naai ûnderwiis oprjochte. By âlde Eastereiners is dit gebou bekend as de Ald Skoalle en by minder âlde doarpsgenoaten as Us Gebou. Yn dy tiid fûnen de pommeranten it fan belang dat famkes nuttige feardichheden bybrocht wurde moasten. It kaam moai út dat dit gebou der stie, want yn 1882 kaam de legere skoalle ek yn dit gebou. De yn 1870 boude skoalle waard al rillegau te lyts en moast der nei wat oars omsjoen wurde. Tsien jier letter ferhuze de legere skoalle nei it nije gebou!

  
It gymnastyklokaal

Yn 1884 komt der lykwols in nije iepenbiere skoalle yn it doarp. De skoalle stie hielendal op ‘e romte oan de Hidaarderdyk. De grifformearde tsjerke waard pas yn 1902 boud! It gebou is oant 1 april 1934 brûkt as skoalle. Yn de tritiger jierren barde al itselde as wat der no noch hieltiid bart: as der te min learlingen foar in skoalle binne dan wurdt dy sluten en soks wie yn  Easterein en omkriten foaral it gefal mei de iepenbiere skoallen. It lêst haad fan de Eastereiner iepenbiere skoalle hie dêrfoar yn 1930 de doar yn Hartwert sluten. Fan 1938 ôf waard de skoalle de seal fan de gymnastykferiening ODI en nei de oarloch wenne yn it skoalhûs de Eastereiner plysjeman.

 
Tsjerklike skoalle

In skoalle der ’t oant de doarpsfernijing fan 1985 ta allinne noch mar in muorke út de feart fan stie, wie de skoalle oan it tsjerkhôf tusken it brechje oer de moestúnfeart en it paadsje nei Elba. Dizze skoalle is einige as wenhûs dat yn 1941 ôfbrutsen is. 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s