14. Yn en om Easterein (de feart foar de hokken) troch Jan Hiemstra


14. Yn en om Easterein (de feart foar de hokken)  troch Jan Hiemstra
©: Boek Easterein

1. Plattegrûn Easterein

Yn tal fan stikjes ha ik wat skreaun oer fearten en brechjes. Yn it boek Easterein (1995) stiet op side 136 in plattegrûn oer de sleatten dy ’t troch it doarp rinne en rûnen. It is my net dúdlik op hokker jier dizze plattegrûn slacht, want der binne nochal wat tsjinstridichheden. Oan de rin fan de fearten te sjen moat it fier foar WOII wêze, mar oan it plak fan de huzen is it nei 1950. Mar foar myn doel is dizze plattegrûn goed te brûken en dêrom nim ik him oer, want der sille tal fan doarpsgenoaten wêze dy ‘t dit boek net besitte.
            

In foarbyld fan sa ’n tsjinstridichheid is de Skippersbuorrenfeart dy ’t rjochts Easterein yn komt en dan rjochts lâns de fjouwer hokken rint.  Tagelyk steane op de plattegrûn de lêste twa huzen oan de Sibadawei (de nr's 12 en 14) dy ‘t yn 1946 boud binne, wylst de feart foar de hokken en lâns ‘t Heechhiem al foar de oarloch tichtmakke is. Hiel goed is lykwols te sjen hoe ’t de feart om de tsjerke rûn en ek de eilantsjes der ’t de âld pastorij en it kleaster (Tsjerkebuorren 5) op steane binne sichtber. Foar my  is it net fan belang dat net alles 100% yntekene is, want it stik feart rjochts fan de hokken, lâns ’t Heechhiem, it sportfjild en nei de feart om de pastorij is goed werjûn.

 

 


2. Fan Skippersbuorren oer it brechje mei rjochts it skoalhûs en links it blokje fan acht huzen, mei dêrefter de âld skoalle.

Deun foar wat no ’t Heechhiem 2 is en earder it blokje fan acht huzen leit in skou (boatsje) by it stalt. It is mei de kloet lâns it swurd fêstsetten. De sleat bûcht nei rjocht ôf en guon doarpsminsken wolle graach op ‘e foto. Troch de feart farre de boatsjes nei bakkerij Dantuma (Skilplein 17) om dêr oer it wetter moal te bringen. It ‘ferkear’ nei de Skippersbuorren moat oer it brechje, mar dat is smel en kin net al te folle drage. Dit docht ek wol bliken as wy itselde punt fan de oare kant besjogge. Mei in bytsje fantasy falt op it boerd foar de brêge te lêzen: Waarschuwing aan Voertuigen Belasting ??? 500kg (toe)laatbaar. In hânkarre koe der oerhinne, mar in folladen hynder en wein waard al nuodlik. Dêrom moast der wat barre. 



3. Skippersbuorren 1, mei de blinen ticht op de eftergrûn.
De foto der ’t de twa froulju op steane moat foar 1929 makke wêze, want de foarste frou mei it earizer op is myn oeroerbeppe Geertje Bootsma dy ‘t 11 jannewaris 1929 ferstoar. Se wie troud mei Yeme Hiemstra, dy doe al wei wie. Se wennen oan de efterkant fan ’t Heechhiem 7. De oare frou kin ik net. 

 
It ‘probleem’ waard oplost troch it stik foar de hokken oant it brechje te dimpen. Fierderop mocht it net in dea stik wetter wurde en dêrom kamen de foar de hokken mânske buizen foar de trochstream.    

 


4. Arbeiders dwaande mei it ôfsluten fan in stik Skippersbuorrenfeart

Yn in tiid sûnder trekkers, kypweinen, ‘kraantsjes’, ark foar it heien en sa mear binne de hiel wat arbeiders nedich om it wurk ‘mei de hân’ te dwaan. De skeppe, de kroade, de hânhei, de slaai, de kettingen en de peallen binne de helpmiddels om it wurk klear te krijen. Dizze en de no kommende foto ’s jouwe in moai byld hoe ’t in ‘grut’ wurk yn dy tiid oanpakt waard. Dat jildt ek foar de foto ’s dy ’t no folgje. Op 5 is te sjen hoe ’t de buizen rjochting feart rinne en dan is de pleats der ‘t ‘âlde’ Sipke Hiemstra op wenne noch sichtber. Op 6 is te sjen hoe ’t de feart efter it skoalhûs lâns rint en dêrnei lâns de skoalle. 

 

 



5. Lâns skoalhûs en skoalle.
  

 


6. Rjochting Eastereiner opfeart (Skippersbuorren).

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Boek Easterein
Lees meer

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s