https://easterein.argyf.nl/FY/kerk


Nieuws:


Uitgelichte vensters:

De Skipperbuorren telt 12 adressen. Acht adressen binne keppele oan in wenning. De meast resinte is boud yn 2015, njonken de pleats fan Sipke Hiemstra. De pleats is apart beskreaun mei de skiednis. Sjoch ûnder gebouwen, pleatsen Eastside Easterein.  De even nûmer binne gjin wenhuzen mar stean yn it kadaster wol neamd as adres. It giet om de nûmers 2 -4 -8. It binne de bekende turfhokken. Dizze binne apart beskreaun yn in finster De Skippersbuorren as farwetter wurdt al drok bewenne troch de minsken dy't op de skippen wenje. By it ôfgraven fan de terp fan Wyns is it sa drok dat der problemen ûntstean by de lisplakken. Dit is om 1900 hinne. Troch de Eastereinder skippers wurdt klage by de tsjerkfâdij. Sy wolle in fêst lisplak. Dit is te lêzen yn it boek fan Easterein. It is as dokumint taheakke.  Ek de bewennerslist fan de minsken dy't destiids op de skippen wennen oan de Skippersbuorren is as dokumint taheakke.  It is in earmoedige bedoening yn dizze jierren. De diakony fan de tsjerke lit in tal wenningen bouwe om dizze minsken ûnderkommen te bieden. Dat is grif yn de winter nedich as der gjin fertsjinsten binne, en de winters wiene tige kâld. De earste "fjouwer-ûnder-ien-dak" wenten wurde op Elbe boud. (no Stittenserleane). Der is dan noch gjin fierdere bebouwing en dêrom sil it dizze namme krigen hawwe. It kaam goed út dat it ôfgelegen lei, want it "frjemde folk" wie net altyd like netsjes. Fierder wurde der letter op it Heechhiem en op de Pôlehoek (Skoallestrjitte) ien keamer wenten boud foar de minder bedielden. En foar de minsken mei de driuwende wenningen.  Yn it finster wurde de wenningen beskreaun en wa't der sa al wenne hawwe. Sa mooglik fan it begjin ôf. De wenningen kenne in rike histoarje.

Yn dit finster stean in oantal foto's fan de tsiispakhuzen dy 't yn Easterein bestiene. It ferskafte wurk oan de doarpsbewenners. De tsizen moasten keard wurde en ek wer ferfierd wurde nei de skipkes dy 't de tsiis nei de merk brochten. Fryske tsiis: wurdt makke mei krûdneils. Troch kenners wurdt sein dat dit krûd deryn dien waard om de skerpe smaak te ferbergjen. Om 1850 hinne is de tsiishannel foar in grut part yn hannen fan trije bruorren Feitsma, Age, Willem en Ruurd. Hjirûnder de adressen fan alle pakhuzen dy 't yn Easterein stien hawwe, mei de earste bewenners. Pieter Hoekstra (*1903) fertelt dat der om 1910 hinne noch 3 tsiishannelers yn Easterein binne. Ruurd Feitsma oan de Wynserdyk 10. En oan de Foarbuorren 19 stie it tsiispakhûs fan Willem Feitsma en op de Foarbuorren 2 it pakhûs fan de Vellinga's.  Hjirûnder de adressen fan alle pakhuzen dy 't yn Easterein stien hawwe. Foarbuorren 2Kaaspakhûs boud yn 1851, yn in gevelstien steane de inisjalen K.G.M. De opdrachtjouwer wie Gerrit Meintes Miedema (1802 -1878) troud mei Antje Klazes Rispens (1803 - 1882) It wie in foarname famylje de Rispens. Harren soan Klaas Gerrits Miedema (* 1837) lei de earste stien. Nei it ferstjerren fan Antje yn 1882, kocht Folkert Tiedes Vellinga (1826 -) troud mei Teetske Jetzes Koopmans it tsiispakhûs. Antsje Klazes Rispens wie syn muoike. Syn mem wie Sytske Klazes Rispens. It bleau dochs yn de famylje. Foarbuorren 19 De wenning is boud rûn1870. De bewenner is Ruurd Jelles Feitsma (1850 -1922) mei syn frou Gerbrig Elgersma (1853 - 1916) Yn 1878 ferhuzen sy nei de Wynserdyk 10. Se lieten dêr in nij tsiispakhûs sette. Syn broer Willem Feitsma (1848 -1916) troud mei Trijntje Eringa (1852 - 1908) komme yn it hûs te wenjen. De famylje Feitsma hat de tsiishannel hast folslein yn hannen. Yn 1930 is it hús ôfbrutsen.  Van Eysingaleane 5Boud yn 1865. De earste bewenners hiene de widdo Beike F. Tibma (* 1814) troud west mei Bauke Piers Bouma (1807 -1861 ).Harren bern Fekke Baukes Bouma (* 1844) en Tietsje Baukes Bouma (* 1845) hawwe de earste stien lein. Op in stien rjochts fan de doar stiet T.B.B 1865 en lofts F.B.B. Efter de wenning rint in feart(sje, der waard fia de tsiisgoate de tsizen fan de souder nei de boat ta gliidzjen. Omleech woe wol. Nei boppen ta waard der sjoud. Van Eysingaleane 7It hûs is boud yn 1874. De bewenners binne: Age Jelles Feitsma (* 1835) mei Antje Jans Wiersma (* 1844) De wenning is as multyfunksjoneel sintrum delset. It krige de namme " De Nieuwe Doelen ". It wie in Herberg. Achter de wenning hat Feitsma in skuorre boud foar stâlhâlderij en syn ferfierbedriuw. En as klap op 'e fjoerpylk, boppe dit barren in tsiispakhûs. Dêr 't se lykas de buorlju de tsiis ferfierden fia it wetter oan de achterkant. It is ek no noch farwetter mei iepen ferbining nei it bûtenwetter.  De Streek 1 De earste bewenners binne Hielke Pieksma (1864 -1952) mei syn frou Eke Siegersma (1869 -1940 ). Sy hiene yn dit pân ek in winkeltsje mei griente en oare saken. Se setten yn 1920 ôf nei Wommels. Dit tsiispakhûs is ôfbrutsen yn 1959. De Streek 20Dit tsiispakhûs is boud yn 1856. De earste bewenners binne Migchiel Thomas Tuinstra (1830 -1899) troud mei Idske Gerrits Miedema. Tuinstra wie kûper fan berop. Ek stiet er yn aktes neamd as boer. Sy ferhuzen yn 1863 nei Wommels en dêrnei komt dokter Lolle de Vries yn de wenning. Miskien wie de konkurrinsje fan de Feitsma's te grut. Wynserdyk 10Foardat dit hûs boud waard, stie der in pleats. Yn 1878 wurdt troch Ruurd Jelles Feitsma (1875 -1947) troud mei Gerbrig Elgersma (1853 -1916) it nije hûs boud. Harren dochter Aagje R. Feitsma (1875 -1947) hat de earste stien lein op 10 july 1878   Ruurd Jelles Feitsma komt fan de Foarbuorren. It giet op dat stuit tige goed mei de tsiishannel. Oars hie er net sa 'n moaie en grutte wenning bouwe litten.