Leider können wir im Moment nur Teile dieser Website in deutscher Sprache zur Verfügung stellen. Für diejenigen Teile der Website, die noch nicht übersetzt wurden, empfehlen wir die Verwendung der unter dem Artikeltitel genannten Google Translate-Option.

15. Gebrûken rûn de dea


15. Gebrûken rûn de dea
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

Aldersielen, Alderheljen, Herfoarmingsdei 
Op tsjerkhôven by roomske tsjerken is it op de 2de novimber faaks in blommesee fan wite krysanten. It is dan Aldersielen, de betinkingsdei fan de sielen fan de ferstoarnen. Dizze dei folget op Alderheljen, de feestdei ta eare fan de hilligen. Dizze feestdagen waarden yn Easterein sûnt 1580 net mear fierd. Wat wol betocht waard wie op 31 oktober Herfoarmingsdei, de betinking fan de Herfoarming yn 1517. Op dy dei, foarôfgeande oan de twa belangrike roomske heechtiidsdagen spikere Maarten Luther syn 95-stellingen op de doar fan de slotkapel te Wittenberg. It wie it face- book fan dy tiid.

 
De dea

Sûnt de Herfoarming waard minder omtinken jûn oan it betinken fan de sielen fan de ferstoarnen. Dochs foarme de ‘dea’ in belangryk ûnderdiel yn de doarpsmienskip. Yn it doarp waard der hiel ferskillend oer praat; yn guon húshâldingen hiel temûk, yn oare húshâldingen wat iepener. Mar ien kear yn it jier hiene de measte húshâlding der mei te krijen as de kontribúsje foar de begraffenisferiening ‘De laatste Eer’ betelle wurde moast. Ut de kontribúsje waarden boade, kloklieders, dragers en de Ald Skoalle betelle.

 
De boade

By de begraffenisferiening spile de boade in belangrike rol. It wie de man dy ’t as der ien stoar alles regelje moast. Direkt nei it ferstjerren begûn syn wurk. Om 1950 hinne die Roel Wildschut ‘âlde Roel’ dit. Roel wie koster fan de grifformearde tsjerke; it boadewurk die er derby krekt as oare putsjes sa it byhâlde fan dokters tún. Roel wie in doarpstype. Hy hie op âldere leeftyd it fytsen leard. Dat koene je letter altyd noch sjen, want soksoarte manlju hiene oan de as fan it eftertsjil in izeren útsteksel. Dêr waar de iene foet opsetten wylst der mei de oare (krekt as by de autopet) ôfsetten waard om dêrnei de oare skonk oer it sadel te slingerjen.

 
De wurksumheden

Sadree ‘t dokter de dea fêststeld hie moasten hiel wat minsken op ‘e hichte brocht wurde. De earsten dy ’t komme moasten wiene de beklaaiers om it lyk te waskjen en oan te klaaien. De measte minsken hiene de (kreaze) begraffenisklean yn de kast lizzen. Soks moast binnen inkelde oeren barre want de lykstivens makke it omskot ûnbeweegber. Manlju waarden troch manlju, froulju troch froulju beklaaid. Roel moast ûndertusken mei it bewiis fan ferstjerren nei it gemeentehûs om oanjefte te dwaan.

 
Kloklieders en kistemakker

De kloklieders moasten ek sa gau as mooglik berjocht ha, want de deade moast de moarns nei it ferstjerren belet wurde. (Yn de kommende Snypsaren sil ik it oer it kloklieden ha.) Ek de timmerman moast oan it wurk. It lyk waard opmetten en de kiste waard op maat makke. As  jonkje ha ik ferskate kearen by timmerman Arend Leeman yn de timmerwinkel west, dy ’t dan dwaande wie mei sa ’n kiste. It waard in wythouten kiste mei in deksel mei in lûk der yn. Yn dat lûk kaam tydlik in stik glês. It gesicht fan de ferstoarne bleau dan salang as dy opbiere lei, sichtber. It wite hout waard swart ferve.

 
It leed oansizzen

Troch it lieden fan de klokken wisten de minsken yn it doarp dat der ien stoarn wie, mar wa wie faaks noch net bekend. Dêrom gong Roel yn fol ornaat: de hege swarte hoed op en fierders hielendal yn it swart útsein it wite boesgroentsje (=overhemd) lâns alle doarren yn it doarp. Dêr waard yn it Nederlânsk troch Roel oankundige: ‘De nagelaten betrekkingen laten met leedwezen bekend maken het overlijden van hunne geliefde (namme) in den ouderdom van (leeftiid) jaar. De begrafenis is vastgesteld op (dei) middag om half twee in de Oude School.’ De oankundiging bûtenút waard troch Hilbrand Brandsma dien. Hy gong der op de fyts op út, mar wol kreas yn it swart, soms mei de learzens oan. Hilbrand moast as grêfdoller ek noch yn it spier, want it grêf waard mei de hân groeven. Soms kaam der in advertinsje yn de krante en waarden der roubrieven yn sluven mei in swarte râne ferstjoerd. Gelokkich hiene wie Van der Eems en in postkantoar yn it doarp. Tillefoan hie noch mar in inkeling. Foar minsken út ús digitale tiidrek is it net te begripen hoefolle muoite it koste nijs oan oaren witte te litten.

 
Opbieren

It lyk moast oan ’t it momint fan de begraffenis in plakje ha. Meastal wie dit thús. Hiene de minsken in ekstra keamer dan koe soks, mar yn de measte Eastereiner húskes levere soks in probleem op. De kiste waard op skammels yn de keamer set en dat wie mei de gong faaks de iennige romte yn it hûs. De bedsteden yn de wenkeamer moasten ‘gewoan’ brûkt wurde en yn de gong waard libbe. As teken fan rou waard de spegel yn de keamer omkeard, waarden de oergerdinen sletten en droegen guon minsken swarte klean.

 
De begraffenis

Op de dei fan in begraffenis hearske der faaks in bysûndere sfear yn it doarp. By de begraffenis fan út de Ald Skoalle waarden de bern meastal wat earder yn skoalle helle om ‘t  op itselde plein it lyk oankaam. De measte minsken waarden fan út dit gebou begroeven. De grifformearden kamen by ien yn harren eigen tsjerke, want de Ald Skoalle wie úteinlik it gebou fan de herfoarmen. Hiel selden kaam immen fan út de herberch te hôf. 

Yn de Ald Skoalle waard it lyk opbiere. De minsken dy ’t nei de begraffenis gongen rûnen efkes lâns de kiste en joegen de neibesteanden de hân. Offisjeel wie in begraffenis gjin tsjerklike oangelegenheid, mar de ôfskiedsbyienkomst stie meastal ûnder lieding fan dominy. Dominy spruts in stichtlik wurdsje en der waarden in tal fan tsjerklike lieten songen. Hjirnei koene de neisten noch ien kear yn de kiste sjen, waard it gleske fan de kiste helle en de iepening sluten.

 
Nei it tsjerkhôf

De kiste waard troch de seis dragers nei bûten brocht en op de bier setten. Dêrnei foarmen de minsken in rige achter de kiste. Earst de manlju, mei dominy oan it haad en dan de froulju, mei as earste dominy ’s mefrou. De manlju sa fier as mooglik yn it swarte pak en de hoed op, de froulju yn de swarte mantel, mei swarte hoazen oan en in hoed op mei in wale (in trochsichtige swarte sluier) foar it gesicht. Faaks koene je oan de klean en de lingte fan de stoet sjen hoe belangryk de ferstoarne west hie!

As de stoet opsteld wie joech de boade in teken oan de kloklieders; de dragers tilden de bier op en de tocht nei it grêf begûn. Oer de kiste lei in swart kleed.

 
By it grêf en dêrnei

Nei in trijetal rûntsjes om it tsjerkhôf stelden de minsken harren op om it grêf hinne; de famylje foaroan. Dominy krige dan op ‘e nij it wurd. Yn it Nederlânsk waard dan útsprutsen:

‘Daar het de almachtige God behaagd heeft onze gestorven broeder/zuster tot Zich te nemen, zo bestellen wij zijn/haar lichaam ter aarde – aarde tot aarde, as tot as, stof tot stof – ziende op Hem, Die gesproken heeft:  Ik ben de opstanding en het leven; wie in Mij gelooft zal leven, ook al is hij/zij gestorven, en een ieder, die leeft en in Mij gelooft, zal in eeuwigheid niet sterven (Johannes 11, 25-26). Wees niet bevreesd, Ik ben de eerste en de laatste en de levende en Ik ben dood geweest, en zie, Ik ben levend tot in alle eeuwigheden, en Ik heb de sleutels van de dood en het dodenrijk (Openbaringen 1, 17-18).’

Dêrnei waard it ‘Onze vader’ bidden en hellen de dragers de balken ûnder de kiste dy ’t boppe it grêf stie, wei en lieten de kiste sakje.

Nei noch ien rûntsje om it tsjerkhôf gongen de oanwêzigen nei de Ald Skoalle foar in bakje kofje in broadsje. De plechtichheid wie foarby, de routiid koe begjinne en it libben gong syn gewoane gong wer.

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lese mehr

Verwandte Informationen


Onderwerpen