Skrok 2A
De wenning mei feestalling en strieloads is boud yn 1977. De opdrachtjouwers binne Jan Rispens mei syn frou Anne Koopmans, ôfkomstich út Itens dêr't sy in leanbedriuw en striehannel hawwe. De soan nimt it leanbedriuw oer en Jan en Anne geane op it Skrok wenjen. It bedriuwsgebou is ynrjochte op jongfeestalling en jongfeeopfok. Foar de striehannel wurdt in loads boud.
Rispens ferhuzet yn 1992 nei it doarp. It bedriuw wurdt oernaam troch Bauke Sandstra, troud mei Lies Huitema. Bauke is frachtweinsjauffeur en begjint in eigen transportbedriuw. De stâlen wurde geskikt makke foar it stallen fan caravans. It transportbedriuw telt meardere frachtweinen, wêrby't as spesjalisaasje ynset is op transport fan fêste dong.
Bewenners:
1977: Jan Gerlof Rispens (* 1929) troud mei Antje Koopmans (* 1932)
1992: Bauke Sandstra (* 1957) troud mei Elisabeth Regina Huitema (Lies) (* 1959). Bauke is frachtwein sjauffeur en begjint in eigen bedriuw yn 1998. Se krije trije bern, Minke, Germ (* 1993) en Regina ( * 1996 ). Soan Germ sit yntusken mei yn it bedriuw.
Colofon
web-site B. Sandstra.
Boek Easterein