Jongereinsoos De Tsjerne


Jongereinsoos De Tsjerne
©: Jetske Santema

De Tsjerne is iepene yn 1967 troch Boargemaster R. Alta fan Hinnaerderadiel. It gebou wie derfoar in boereskuorre, wer’t Luitzen Schaafsma op buorke. De skuorre waard oankocht troch de Herfoarmde tsjerke om de jongerein út Easterein in eigen plakje te jaan. De skuorre is yn fjouwer moanne tiid ferboud troch de jongerein fan Easterein ta in jongerensoos. Foardat de beton der yn koe moast earst it hea út de golle helle wurde. It gebou is anno 2021  noch yn eigendom fan de Tsjerke en wurdt noch altyd brûkt as soos.

Colofon

Boek Easterein

© Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear