Skippersbuorren
Skippersbuorren
Fan it easten út streamt de Eastereiner opfeart it doarp yn. Dizze feart ferbynt it doarp mei de Frjentsjerter feart, de ferbining oer wetter tusken Snits en Frjentsjer. Foar de oanlis fan de diken gong it measte ferkear oer it wetter. Sa'n wetterferbining kaam yn alle doarpen oan de westkant fan Fryslân foar. De skipkes wiene foar it ferfier fan fan alles en noch wat, lykas de terpmodder oan de ein fan de 19e en it begjin fan de 20-ste ieu, mar waarden ek as wenromte brûkt. Oan de wâl fan wat no de Skippersbuorren is leinen tal fan skipkes der `t húshâldingen yn wennen. Dy wâl is letter ferstevige ta in kade. Yn de rin fan de `50 jierren waard de wâl ferfongen troch in betonnen walbeskoeiing en waard de kade fluorre. De wenten lâns de Skippersbuorren binne fanôf ein 19e ieu boud, mei as lêste Skippersbuorren 17 yn 1925.