Leider können wir im Moment nur Teile dieser Website in deutscher Sprache zur Verfügung stellen. Für diejenigen Teile der Website, die noch nicht übersetzt wurden, empfehlen wir die Verwendung der unter dem Artikeltitel genannten Google Translate-Option.

39. Yn 'e smidte


39. Yn 'e smidte
©: Boek Easterein

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
Yn 'e smidte
Wat wie soks lekker as je op in kâlde jannewarisdei efkes troch de (no noch besteande) griene doarren fan  Foarbuorren 1, de smidterij, stapten. Dan kamen je yn in romte der ’t it fjoer brânde. ‘Baas’ (= eigener) Dekker en soan Jan (en noch wer letter Jaap Bosgra) wiene dêr dan oan it wurk. It fjurke brânde yn ‘e midden fan de smidterij. Sa no en dan lôge it op as der oan it toutsje nêst de ôfsûchkape lutsen waard. Dan waar der lucht troch it fjoer jage en waard it fjurke in hels fjoer. Soks seagen je en rûkten je, want je snúfden dan de rook fan brânende stienkoal en gleonhjit wurdend izer yn.  (Foto is fan Jaap Bosgra)

Bewurkjen fan izer

Kaam it stik izer dan readgleon út it fjoer dan koe it bewurke wurde. Soks barde op in ambyld, in stevich stik izer op in stevige ûndergrûn. Dy bewurking koe sa lang as it izer hjit genôch wie. Dan waarden der allegearre saken fan makke sa as krammen foar it lizzen fan perken, ûnderdielen fan haaiweinen en oar boere-ark, hoefizers, beslach foar doarren, pinnen en neam mar op. Dat bewurkjen fan izer kaam der nochal op oan en dêrom wiene smidten en smidsfeinten meastal baas (= stevige) keardels. Mei swiere hammers sloegen se it gleone izer yn it model ûnderwylst de fonken alle kanten útspatten.

Boere-ark

Boeren wiene yn de tiid fan hynder en wein de bêste klanten fan de smid. Ien fan de spektakulêrste putsjes wie it oanbringen fan in izeren hoep om in houten tsjil fan in haaiwein. Sa ’n tsjin waard makke troch weinmakker Jappie Reitsma, dy ‘t syn bedriuw oan wat no Van Eysingaleane 17 is, hie. Dy hoep wie noadich om ’t it houten tsjil oars net stevich genôch wie en te hurd sliet. Natuerlik moast de izeren rûnte strak om it tsjil sitte, want oars rekke er ûnder it riden los. Dêr hie de smid in keunstke foar. De bân waard earst wat oan de krappe kant makke, kaam dêrnei yn it fjoer, waard dan readgleon en sette troch de waarmte út. It houten tsjil lei bûten klear op it plak dat der no noch is: de betonnen rûnte flak foar de smidterij. Yn it midden fan dy rûnte siet it gat foar de as fan it tsjil, sadat it plat op it beton lei. Wie de hoep gleon genôch dan gong er nei bûten en waard mei in grutte foarhammer om it houten ramt huft en skroeide as it ware fêst. De kombinaasje fan skroeiend hout en rûnspattende fonken wie in grut spektakel. De bewurking mocht net te lang duorje en sa gau as mooglik waard tsjil mei hoep nêst de brêge yn de Grieneleanefeart rôle. Dan moast it tsjil barde mei in izeren stange mei heak opfiske wurde. Dat wie ek net altyd like maklik, foaral as it by it rôljen yn de feart nochal fier trochskeat.

 Beslaan

Miskien noch wol spektakulêrder wie it beslaan fan de hynders dy ‘t de boeren foar it wurk hiene. Nei de winter moasten se wer goed op izers stean om it wurk oan te kinnen, want se rûnen net allinne op it gers, mar ek op reed en dyk. De ‘neilen’ (de hoeven) moasten net te folle slite, want dan rûnen de bisten op it ‘libben’, waarden mank en koene net brûkt wurde. De measte hynders dy ‘t beslein waarden, stiene fêstmakke oan in izeren ring yn de muorre. Dat wiene foaral de wat âldere bisten dy ‘t it beslaan wol wend wiene. De smid pakte se dan by de poat, dy poat kaam ûnder de earm, it âlde hoefizer waard losmakke en de poat bekappe (de neilen waarden knipt). Dêrnei socht de smid in izer út, út de winterdeis oanleine foarried. Meastal waard it dan noch op maat makke troch earst yn it fjoer te hâlden en dêrnei op it izeren pinne op in houten stok tsjin de hoef oan te drukken. Dat skroeien fan it hoarn (= hoef van hoorn) rûk ik no wer! Nei ’t it izer yn in bak wetter ôfkuolle wie, waard it ûnder de hoef fêstsetten. Dit die de smid mei de fjouwerkante izeren hoefspikers, dy ’t er skean troch de hoeven sloech sûnder it hynder sear te dwaan.

 Doarpssmidden

De smid bestie net allinne fan de boeren, mar elkenien yn it doarp hie him sa no en dan noadich. Dêrom wie der yn sawat alle doarpen in smid. Op de Hidaardersyl wie dat Jappie Sandstra, yn Rien Folkert Draaisma, yn Itens Freerk Winkler, yn Kûbaart Binnema en yn Wommels wiene it de bruorren Van Wieren. Sa ’n smid wie foar in doarp ûnmisber, want ek alles wat mei de kachels te krijen hie kaam fan de smid. De pipen dy ’t fan kachel nei skoarstienmantel rûnen makke de smid mei ‘help fan’ in apparaat troch út in flakke plaat stoart in moaie rûne piip te ‘toverjen’. Yn guon gefallen sa as yn skoalle en âld skoalle, wie it de smid dy ’t de kachel yn de hjerst sette en yn de maitiid wer opburch. Soks moast deskundich barre, want koaledampfergiftiging wie yn dy tiid in grutte pleach.
 
Wat mear?

Om op in lytser doarp dochs in bestean te hawwen, wiene guon smidten der fytsmakker by. Dat wie yn Easterein net it gefal, mar foar de smid wiene der noch genôch oar putsjes om de kost mei te fertsjinjen. Winterdeis waarden de reden troch him slipe en yn de tiid dat it gers groeide de messen fan de meanmasinen. De ‘moderne tiid’ wie ek al by de smid te ferkrijen yn de foarm fan flessen Shell butagas. Soks waard brûkt om it iten op te sieden yn pleats fan de peteroaljestellen. Oan de kant fan de foarbuorren wie de doar fan in lyts winkeltsje en dêr koene je telâne foar BK-pannen en Herder knyften (= messen). Doe ’t de gaskachels harren entree diene feroare der foar de smid hiel wat. De smid moast ynstallateur wurde en dat wie net altyd like maklik. In ein fan it lietsje waard dat it boerewurk ferdwûn en de smid net hielendal op de nije tiid berekkene wie en ek ferdwûn.

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Boek Easterein
Lese mehr

Verwandte Informationen


Onderwerpen