Leider können wir im Moment nur Teile dieser Website in deutscher Sprache zur Verfügung stellen. Für diejenigen Teile der Website, die noch nicht übersetzt wurden, empfehlen wir die Verwendung der unter dem Artikeltitel genannten Google Translate-Option.

22. It Nijs


22. It Nijs
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
 It nijs
‘It hoecht net op ‘e bel, it komt fansels de buorren del’ jilde foar in hiel soad doarpsnijs. De froulju op wei nei de winkel, de manlju op it wurk en it plein, brochten inoar op ‘e hichte fan alle nijtsjes. Facebook en Apps wiene der mar bichjes by. Wie der wat dat elkenien noadich witte moast, dan wie Sijtze Lucas der dy ’t mei de bel troch it doarp gong om mei in skerpe trochkringende stim te roppen dat it korps jûns in útfiering hie, der fleis yn de needslachting yn Wommels wie of dat by slachter Ten Dam sneontemoarns it sop klear stie.
 

De krante

Der wie mear as it doarpsnijs; dat kaam yn de krante en foar de radio. Telefyzje wie der noch net en oer internet foel noch net iens te dreamen.

Der waarden trije kranten yn it doarp lêzen: it regionale Bolswards Nieuwsblad op tiisdeis en freeds, en de provinsjale Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad, dy ’t alle dagen troch de doar kamen.

It 'Bolswards Nieuwsblad' hie yn de doarpen om Boalsert hinne in korrespondint dy ’t de nijtsjes per brief nei de krante stjoerde. Dy nijtsjes gongen oer ‘De walsen naderen ons dorp’ (de Hidaarderdyk waard fan púndyk asfaltdyk en dêrby waard in tal swiere walsen dy ’t mei grutte briketten stookt waarden ynset) oant de earste einepiken op de ‘Himert’. Ferslaggen fan gemeenteriedsfergaderingen, fuotbal- en keatswedstriden en de preekbeurten hearden ek ta it nijs dat der ta die. 

 
'Leeuwarder Courant  (LC) en Friesch Dagblad' (FD)

De Ljouwerter Krante en it Deiblêd ferskilden nochal wat. Beide brochten se it nijs út de provinsje, it lân en de wrâld, en in bytsje pleatslik nijs. De LC waard foaral yn net tsjerklike en herfoarme en it Deiblêd yn grifformearde húshâldingen lêzen. De LC bestie al sûnt 1753, mar doe ’t de grifformearden harren hieltyd mear jilde lieten begûnen se yn 1903 mei in eigen krante: it Friesch Dagblad. De LC berjochte oer alles en noch wat en waard ek folle mear lêzen as it FD. Foar sakelju en rouadvertinsjes wie de Ljouwerter dan ek it medium. It Deiblêd moast it foaral ha fan de ‘eigen’ minsken.

Yn it FD waard net oer sport op ‘de dag des Heeren’ skreaun. Spesifyk grifformearde saken kamen wiidweidich oan de oarder. It nijs waard mei Anti-Revolutionaire en synodaal grifformearde eagen besjoen. Foar net grifformearden wie it in lyts nearzich krantsje. Dochs wiene der ek net-griffemearden dy ’t it Deiblêd liezen. Dat wiene de minsken dy ‘t it de LC net ferjoegen dat dy yn de oarloch swicht wie foar de Dútske sensuer, wylst it Deiblêd der net oan tajoech en tydlik ophold te bestean. 

 De haadredakteuren

Yn de nei-oarlochske tiid wiene de miening foarmende artikelen fan de haadredakteur fan grut belang om de identiteit fan de krante oan te jaan. Beide haadredakteuren wiene as skoalmaster begûn en hiene yn de oarloch yn it ferset sitten. Nei de oarloch seagen se folslein ferskillend tsjin de wrâld oan. Haadredakteur Jan Piebenga fan de LC beseach de wrâld fan út it ‘doorbraak’ stânpunt. Dat wie it stânpunt dat de âlde politike partijen fan foar de oarloch op basis fan it ‘geloof’ foarby wiene en der wat nijs komme moast sa as de PvdA: in sosjaaldemokratyske partij mei dêryn de ‘âlde readen’, herfoarmen, grifformearden, roomsken, liberalen en al dy minsken dy ’t net tebek, mar foarút sjen woene. Hendrik Algera, de haadredakteur fan it FD, hie in folslein oar stânpunt. Hy wie fan betinken dat de ‘grifformearde’ wize fan tinken en libjen it bêste yn de eigen groep ta syn rjocht kaam. Dêrom rjochte hy him spesifyk op de synodaal grifformearden en de ortodoks herfoarmen.
 

De besoarger

Dy kranten moasten op tiid by de lêzers komme. Meastal waarden de Ljouwerter en it Deiblêd troch deselde man besoarge. Willem Bijlsma die soks jierrenlang. Sa ’n man koe noait in dei fuort! De kranten kamen mei de bus fan twa oere út Snits en waarden by de halte tsjin bakker Van der Brug oer, yn pakjes út de bus kipere. It toutsje en it pakpapier der ôf, telle, yn de fytstas  en dan troch it doarp. Lang net yn alle huzen waard in krante troch de doar smiten, want hiel wat minsken liezen dy mei twa of trije buorlju. Sok krantlêzen levere yn alle gefallen praat, en minder ôffal op, mar ek minder húskepapier, want âlde kranten waarden faaks yn stikjes skuord om foar in heger doel brûkt te wurden.
 

De radio

Ek de ‘moderne’ tiid, de radio, begjint foar it nijs in rol te spyljen. Yn lang net alle húshâldingen is dy der. Guon minsken hiene de radio-sintrale. De sintrale radio gong oer de tried nei de huzen. Yn it doarp hiene je twa soarte houten peallen. De lange foar de ferljochting en de elektrisiteit en de koarte foar de triedden fan de telefoan en de radio-sintrale. Dy sintrale radio wie net oars as in lûdsprekker, dy ’t fan de PTT hierd waard, mei dêrop de kar út Hilversum 1 en Hilversum 2.

Krigen je it wat better dan woene je in eigen tastel dat de radiogolven út de loft plukt. Us earste tastel kaam der yn 1951; dat wit ik noch sa goed om ’t ik doe foar it earst nei in ferslach fan in fuotbalwedstriid harke. Op de dei fan de wedstriid kaam it tastel, mar der moast earst wol in antenne oanlein wurde, want oars ferstiene je neat. Sa ’n antenne wie in tried oan de bûtenkant fan it kezyn en waard pleatst troch leveransier Thomas Houtsma. It wûnder barde; de antenne siet der op tiid en ik koe út earste hân hearre hoe ’t Nederlân mei 4 – 4 gelyk spile tsjin Finlân.

 
De wrâld waard uzes

Yn ien kear kaam de ‘hiele’ wrâld yn ‘e hûs. De lanlike omrop op de middengolf mei Hilversum 1 op 402 m en Hilversum 2 op 298 m, de Wereldomroep mei it nijs foar Nederlanners oer de hiele wrâld, op de lange golf en op de koarte golf it Fryske healoerke mei Akke Radsma har praatsje Oer de hage fan út de studio fan de regionale omrop yn Grins. Wat minder of mear kreakjend kaam it lûd yn de wenkeamer.

Om te witten wat der útstjoerd waard wie der de radiogids. De measte tsjerkske minsken hiene de NCRV-gids (Nederlandse Christelijke Radiovereniging), de ‘readen’ de VARA-gids (Verenigde Arbeiders Radio Aangelegenheden), de wat liberaal tinkende minsken de algemiene AVRO-bode (Algemene Vereniging Radio Omroep) en de inkelde frijsinnige de VPRO-gids (Vrijzinnig Protestantse Radio Omproep). Dan koe ik opsocht wurde wat en troch hokker groepearring der útstjoerd waard. Per dei fersoargen de omroppen de útstjoering en as it ‘ús dei’ net wie dan waard der troch guon minsken allinne mar nei de nijsberjochten en de ‘mededelingen voor land- en tuinbouw’ harke. Sa wie it dan ek nochris yn de hieltyd ‘modernere’ tiid.

 

 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lese mehr

Verwandte Informationen


Onderwerpen