Leider können wir im Moment nur Teile dieser Website in deutscher Sprache zur Verfügung stellen. Für diejenigen Teile der Website, die noch nicht übersetzt wurden, empfehlen wir die Verwendung der unter dem Artikeltitel genannten Google Translate-Option.

19. It fuortbalfjild


19. It fuortbalfjild
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
It fuortbalfjild
Yn maart koe der wer folop fuotballe wurde. De kompetysje lei yn de winter net stil, mar op ús fjild wie dan net te ferkearen, sa wiet wie it. 


It fjild

It fjild wie drainearre, mar dat hie net it measte holpen. Yn lette hjerst en winter diene wy der fan alles oan om ek thúswedstriden te spyljen. Der waard turfmot yn de goal struit, der waarden buiskes fertikaal yn de grûn stutsen of it fjild waard in kwart slach draaid. It wie net allinne wiet, mar it waard ek min ûnderhâlden. It gers wie soms ankel heech, want gers moast wat opleverje. Nei de kompetysje waard meand mei in meanmasine mei in hynder of in trekker derfoar. Boer Hendrik Kuiper die dit faaks, want hy koe it gers goed brûke. Ek it gers tusken de beamwâl en it elektrysk stek meande hy. Dat stek wie noadich om ’t it fjild simmerdeis ferhierd waard oan skieppekeapman Spannenburg út Rien. De skiep hâlden it gers koart en skieppepoaten it lân flak. It wiene simmerdeis foaral de keatsers dy ’t lêst fan de ‘uitwerpselen’ hiene, mar koene de keatsen moai mei de keutels oanmerke.

 
Foar de wedstriid

Foar de wedstriid moasten de linen kalke wurde. De fuotballers dy ’t  dêrnei spylje moasten diene dit as ‘warming-up’ by toerbeurt. Mei in toutsje en stokjes waarden de maten útsetten en dêrnei gong it der mei de wytkwast oerhinne. Ferver Romkema levere de wytkalk dy ’t ek foar it wytsje fan de gong brûkt waard. Dit ‘hân kalkjen’ hat net sa lang duorre. Timmerman Wiebe de Boer makke al gau in houden kroade mei dêryn in gat op tsjilhichte. Mei in mingsel fan skulpkalk waard der oer it tou riden. Dizze kalk bleau better op it gers sitten, sadat it net mear noadich wie in toutsje te spannen, want der koe wol oer de wite streken fan de foarige wike riden wurde. Dat  gong net altyd like rjocht en dan sieten der op it SDS-fjild wolris nuvere kronkels.

 
Netten

De netten waarden flak foar de wedstriid ophongen, want der moasten gjin skiep yn betize rekke. Earst doe ’t SDS oan de kompetysje dielnaam waarden se oantúgd. Skuonmakker Pieter Hiemstra mocht se leverje. Se waarden by toufabryk Lankhorst Snits besteld en troch frachtrider Sjuk Sandstra meinommen. Ik sjoch de nije netten noch yn in grutte sek yn de skuonmakkerij stean.

Dy netten wiene net fergees en dêrom moast men der sunich mei wêze. Direkt nei de wedstriid waarden se opburgen en ien kear yn it jier gongen se nei binnenwetter fisker Klaas Fridsma yn Rien. Tagelyk mei de fisknetten kamen se yn de taantûne (in fet mei in soarte oalje). 

 
Ballen

Yn de begjinjierren wie der mar ien brúnlearen mûnster. Dêryn siet in binnenbal fan rubber mei in slurfke. Dy bal moast oppompt wurde en dan kaam der in toutsje om it slurfke dat yn de bal stoppe waard ûnder in learen tonge. Dêrnei waard de bal mei in learen fiter fêst snoerd. By wiet waar waard de bal leadswier. As je sa ‘n bal wat ûngelokkich kopten rûnen je dagenlang mei it fiterôfdruk op de foarholle en hiene in heale harsenskodding. In lekke bal moast krekt as in binnenbân plakt wurde en as it lear tenein wie kaam der in lapke oer. It wiene in hiele foarútgong doe ’t der twa ballen kamen en letter ek noch in lytser formaat foar de junioaren, mei in fentyl yn.

Yn dy tiid paste ik op de ballen; drûge se, sette se yn it fet en pompte se op. Dat die ik earst mei de gewoane fytspomp en in nippel, mar letter kocht ik op eigen manneboet in balpompke. Dat wie hielendal mis. Soks koste allinne mar jild en it koe krekt sa goed mei de fytspomp!

 
Fuotbalskuon

Net alle fuotballers hiene fuortendaliks ‘echte’ fuotbalskuon. Guon lieten by ús heit ûnder in pear âlde kistjes proppen sette. Myn eigen earste fuotbalskuon wiene in pear gewoane skuon mei wat proppen derûnder. Dy learenproppen mei trije spikers deryn wiene martelwerktugen. Wiene se te fier yn de skoech slein dan stutsen de spikers se troch binnensoal en soks fielden je troch de sokken. Slieten se, dan stutsen de kopkes fan de spikers boppe it lear út. Mei sokke proppe koene je de tsjinstanner raar tatakelje. Op skinen en kût ha ik hjir de oantinkens noch oan. In bytsje skiedsrjochter hâlde dan ek foar de wedstriid in proppenynspeksje. Wiene der sichtbere spikers dan koene je earst mar nei it tegelpleintsje om se derôf te slypjen.

De skuon wiene fan deeglik lear en sieten oant de ankels ta; de noazen wiene spikerhurd. Sokke skuon moasten lang meigean; waarden healsliten ferkocht en om ’t se hielendal fan lear wiene sa noadich troch de skuonmakker opmakke.


It tenu

In klup hat klupkleuren. Foar SDS is dit noch altyd swart en wyt. Dizze kleur is net samar keazen. Yn Easterein mocht it nea wat kostje. Elk hie wol in âld wyt boesgroentsje, in polohimd of in himd mei mouwen. As it mar wyt wie. Mar ek it swart broekje, soms ta griis ferwosken, hie sawat elkenien wol, want foar it keatsen wie dit de kleur. En dan de 'kniekousen': swarte wollen sokken en in wyt wollen boarstrok wie de ‘doarpsdracht’ en wat wie der no goedkeaper om fan de restanten swart-wyt blokte SDS-sokken te breidzjen. Trainingspakken kamen noch net yn it wurdboek foar; in âlde trui wie goed genôch.

 
It ferklaaien en it skoft

De measte spilers kaam mei de sportklean oan fan hûs. Foar de spilers fan bûten wie soks lestich. Op it fjild wie lykwols gjin romte je te ferstrûpen. Yn de praktyk barde dit dan oan de râne fan it fjild en letter tusken de beamkes. Wie it skoft dan kaam Hendrik Bijlsma mei in tsjettel tee; diene de spilers wat om de skouders en waard der op it ‘ferklaaiersplak’ teedronken. As it hiel min waar wie makke de útklup wolris gebrûk fan it fierde lokaal yn de skoalle; noch wer letter ferklaaide de útploech him by Jelle Bergsma en dat is sa bleaun oant der yn 1966 in ferklaairomte boud waard. 

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Lese mehr

Verwandte Informationen


Onderwerpen