Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.

Snypsnaren


Snypsnaren
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

Yn it doarpskrantsje fan maaie waard troch Bauke de Boer him ôffrege hoe ´t it no mei Jan Hiemstra wêze soe. Jimme sille begrepen ha dat it goed mei my is. Der sille noch Eastereiners wêze dy ´t my kinne as Jan fan Pieter skuonmakker en Jantsje. Wer oaren kinne my fan it keatsen en fuotbaljen en der sille ek guon minsken wêze wer ´t ik in grutte ûnbekende foar bin.

Eastereiner

Ik wie 21 jier doe ´t ik yn tsjinst moast en feitlik út Easterein gie. Mar yn myn hert bin ik der altyd in bytsje wenjen bleaun. Oant 1995 wennen heit en mem der noch, mar om ´t heit in mislearre operaasje efter de rêch hie en mem Parkinson krige, wie it net mear fertroud dat se oan ´t Heechhiem 7 wenjen bleaune. Se gongen nei Nij Stapert, mar bleaune ek dêr Eastereiners. Sa as wy foarhinne yn Easterein de saken út it doarp bepraten, sa diene wy dat dêrnei yn Wommels. It gong dan oer de damklup, it keatsen, de frouljusferiening, it korps, SDS, de Rabobank, de begraffenisferiening, de dokter, de tsjerke, wa ´t ferhuze wie,  wa ´t stoarn en wa ´t berne wie en gean sa mar troch.

Kennis oer Easterein

Troch benammen ús heit ha ik in soad oer Easterein ûnthâlden. Dat komt miskien wol omdat der by heit yn de skuonmakkerij in protte minsken kamen dy ´t hast allegearre in praatsje makken. Dêr siet ik faaks by.

Ik moast boppedat al hiel jong de ´boer´ op. Ik siet noch mar yn de twadde klasse fan de legere skoalle of heit stjoerde my der op út om in pear reparearre skuon by klanten te bringen. Ik krige dan in beurs mei wikseljild mei en koe my rêde. Ik learde mei minsken en mei jild om te gean. Dat omgean mei minsken en situaasjes kaam ek om ´t ik oant oer myn earen yn it  doarpslibben siet as lid fan de knapeferiening, KF Easterein, SDS, Wilhelmina en it oer de flier kommen by wa dan ek mar.

It plein

Wat fan grut belang wie foar de ´foarming´ fan elke Eastereiner man wie de gong nei it ´plein´ om kafee Bergsma hinne mei de flechtheuvel derfoar, en de âlderein bank en de stiennen brêgeleuning deunby. Guon neamde dizze romte wol de ´beurs´, om ´t in beurs it plak is der ´t hannel dien wurdt. Hjir waard ´it´ bepraat en kamen alle nijtsjes oan de oarder. Troch de wike wiene  it foaral de Dreestrekkers dy ´t dêr sieten mar sneins wie it it plak foar ´elkenien´. Elkenien wiene dan wol de manlju, want froulju kamen dêr net.

Baantsjes

Ik learde noch mear oer Easterein as ik yn de fakânsje oan it wurk wie op it bûterfabryk as meunsternimmer, op it kantoar of op it laboratoarium. Der moast wat fertsjinne wurde, want it wie by ús krekt as by de measte Eastereiners, net botte royaal. As it moast wie ik ek noch foar Sjoerd Bouma yn it spier en holp ik Meinte Nauta foar de krystdagen om de molke út te suteljen. Op skoalle waard ús troch master Kornelis hiel wat oer doarp en gea bybrocht. It wiene ferhalen  dy ´t faaks hannen en fuotten krige troch de bylden fan Folkert Reitsma.

Searje stikjes

Op grûn fan myn ferbûnens mei it doarp ha ik de redaksje fan Doarpskrantsje útsteld in searje artikeltsjes te skriuwen oer …. fan alles en noch wat. It sille stikjes wurde oer Eastereiner omstannichheden, oer (eardere) Eastereiners en soms oer mysels of ús húshâlding. It kin dus fan alles en noch wat wurde. Dit is dan ek de reden dat ik de titel fan dizze searje Snypsnaren neam. Snypsnaren binne ´zaken van geringe waarde´. Ik skriuw de ferklearring fan dit wurdt mei opset sin der yn it Nederlânsk efter. Myn stikjes skriuw ik yn it Frysk, mar ik sil myn bêst dwaan om net te antyk Frysk te brûken of sa noadich de oersetting (vertaling) der yn it Nederlânsk efter te setten. Ik bin my bewust dat sels yn Easterein net eltsenien mear like maklik Frysk lêst en ik wol benammen graach dat ek de ´Hollanners´ dy ´t yn Eastertein kommen binne en de jongerein dizze stikjes lêze om sadwaande noch mear in Easterein gefoel en bining  te krijen. Dy bining is foar minsken yn it algemien fan belang, mar grif foar in lytse mienskip. It is sels sa dat jo dêrtroch, wer ´t je letter ek telâne kommen binne, mei in waarm gefoel oan it âlde doarp weromtinke.

Begjinpunt

It begjin fan myn stikjes leit oan ´t Heechhiem 7 njonken it sportfjild. Dit wie foar my it fêste punt. Fan út dit punt seach ik dat de feart foar hûs tichtmakke waard foar in dyk fan de Skippersbuorren nei it sportterrein. Nêst dit hûs ´it hokje` (de skuonmakkerij fan heit) en in bytsje fierder de hinnehokken. Ús hiem siet oan De Skoalleseize fêst. Der ha jierren west dat ik rjochtstreeks op it sportfjild stapte. Dit wie myn domein en fan dêrút ha ik earst Easterein en omkriten en dêrnei de ´grutte wrâld´ kinnen leard.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Read more

Related information


OnderwerpenFoto’s