Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.

5. December


5. December
©: Jan Hiemstra

Snypsnaren troch Jan Hiemstra

Desimber

Desimber wie en is in bysûndere moanne: koarte en kâlde dagen, en trije hichtepunten: sinteklaas, kryst en âld en nij. Desimber begûn al ein novimber. Dan foel de ‘Zakenkompas’, it blêd fan de Eastereiner middenstanners, op de doarmatte. Dêr stiene de advertinsjes om Sinterklaas oan it keapjen te setten.

Sinteklaas

Foar de sakelju wie Sinterklaas in aardich ynstruierke. De etalaazjes waarden moai optúgd om de minsken mar te ferlieden. Yn elke etalaazje siet in fout en troch alle fouten te finen koe der in priis wûn wurde. Wat jo yn de etalaazje seagen, moasten je foaral net tsjin de ‘konkurrint’ sizze! Ek de oankeapen foar sinteklaas leveren in boanus op. Foar elke bestege gûne waard der in letter yn in slúfke jûn. Mei dy letters koene je dan in slachsin foarmje, mei ek wer de kâns op in priis. Fanôf sa ‘n fjirtjin dagen foar sinteklaas wie der libben yn de brouwerij: klomjende minsken troch de buorren mei hjir en dêr de noas plat op it winkelrút. Dêrnei de winkel yn foar de sinteklazekadootsjes. De bern mochten it foaral net witte, want dêrom wie it yn dy sinterklazetiid alle jûnen keapjûn.

Foar de winkellju wie te hoopjen dat se it guod kwytrekken. Mar de slimme middenstanners hiene al in ‘fersekering’ ynboud. Sinteklaasjûn briek noch ien kear de drokte los. Wat der oer bleaun wie waard sjoelend, sjittend, balgoaiend en mei help fan it ‘draaiend rad’ oan de man brocht. De winners krigen per ‘rit’ in ryksdaalder en mochten dy deselde jûns by de dielnimmende winkellju besteegje.

Kryst

Tusken sinteklaas en kryst siet in wike fan rêst. Krysttiid wie noch net sa ’n keapfeest as no, mar mei in knappe rollade of in krystbôle kaam der by guon wat ekstra ’s op tafel. 

Fan foar de kryst oant begjin jannewaris hiene de bern krystfakânsje. As it gjin winter wie sieten de memmen mei de bern oanklaud. Der koe net bûten boarte wurde; yn de lytse húskes ferfeelden se har gau. Mar mei in bytsje gelok lei der iis. Dan begûn it riden op de lânsleatsjes of de ôfgroeven terpen. Sette de winter troch dan kamen Wynserfeart, Klaesterfeart, Opfeart en de Sebeare der by.  En dan wie it oan de gruttere tochten ta. Mar sterk wie it iis net gau, want de molkboatsje gongen der sa lang as mooglik trochhinne.

Earste krystdei (in echte snein) en twadde krystdei (in hjeldei) wiene de dagen der ’t it om gong. Earste krystdei waard Easterein wekker troch Wilhelmina dat yn ploechjes op ferskaten plakken krystferskes blies. Mei in fytslampke op de ‘pet’, in ‘witte kat batterij’ yn it bûske en kâlde fingers oan de fentilen, sloepen se troch it doarp. Der waard yn beide tsjerken twa kear preke. Op twadde krystdei barde soks allinne moarns.

Foar de skoalbern wie de twadde krystdei ‘de’ dei. Dan gongen se by it tsjuster nei de ‘gruttetsjerke’ foar it krystfeest; oan de koarkant de tsjerke yn en dan yn de foartsjerke wachtsje. Dêr wie it al spannend mei de kiste  sinesapels, de bus sûkelademolke (kopke meinimme!) en allegearre oar snobbersguod. Dan mochten se de tsjerke yn nei de fêste plakken per klasse oan de noardkant foar de kreake. Foar dy kreake stie in ‘huzen hege’ spar mei dêryn echte kearsen. Mei in wiete spûns op in stok rûn der de hiele tiid ien omhinne en ek dat wie spannend. Sa ’n krystfeest wie foar de grifformearde bern hielendal bysûnder. Se kamen yn in tsjerke dy ’t se allinne mar fan de bûtenkant koene. Boppedat wie it benammen yn grifformearde húshâldingen noch lang net altyd gebrûklik thús in krystbeam te hawwen. 

Tidens it krystfeest waard der songen, waarden der ferhalen ferteld troch de ‘meester’ út klasse 3 en 4 en de ‘juffer’ fan klasse 1 en 2. Mar ‘it’ krystferhaal kaam fan master Kornelis. Dy koe sa fertelle dat de hiele tsjerke oan syn lippen hong. Ûnder dit alles troch traktaasjes en nei it Ere Zij God wie de krystfiering ôfrûn. Dan gong elkenien nei hûs en alle bern krigen in boek dat paste by de leeftiid. Optein, troch de neare nacht, gongen je dan nei hûs.

Ald en nij

As de kryst foarby wie en de dagen noch hieltyd like tsjuster wiene, libbe de âldere jeugd nei de âldjiersjûn ta. Der waard karbid by de smid oantúgd en der waarden âlde molkbussen organisearre. Letter kamen hjir ‘voetzoekers’ en ‘gillende keukenmeiden’ foar yn it plak. It ‘moment suprême’ kaam âldjiersjûn. Ûnder de âldjiersjûnspreek wie it noch rêstich. Nei de preek waard der thús in ‘bakje’ dronken en ferstrûpte de âldere jeugd him. Thús waard begûn mei it útsitten fan it âlde jier. Foar minsken dy ‘t went wiene foar tsienen op bêd te lizzen wie soks in hiele sit. De jeugd strúnde de buorren troch. Alles wat los (en soms ek fêst) siet waard meinommen en fertôge. Troch it gestrún en it geknal waard it hieltyd ûnrêstiger. Mar gelokkich wie der in oarderhânhavener: de doarpsplysjeman. Yn it ‘oarlochsgeweld’ en mei de noadige takt besocht er elkenien yn de stokken te hâlden. Dat slagge lang net altyd, foaral net om tolve oere hinne as in grut part fan de Eastereiners nei it plein gongen om inoar it nijjier ôf te winnen. Troch de kjeld, de alkohol of ‘gewoan healwizens’ wiene guon totaal net mear by sinnen en waard de agressy rjochte op de man dy ’t dêr foar yn oanmerking kaam: de plysjeman. Nei tolven gongen de measte minsken nei hûs, mar dan kaam it grutte wurk foar de echte tôgers. Fan boerehiemen waard fan alles en noch wat helle en nijjiersmoarn wiene der yn it doarp molkamers, haaiweinen mei dong der op, swylmasinen en wat der dan ek mar oan boere-ark te finen wie útstald. De boeren dy ’t net goed oprêden hiene moasten earst in rûntsje troch it doarp meitsje om melke te kinnen! As jo dan nijjiersmoarn troch Easterein kamen hiene je mei it ferlitten slachfjild te krijen.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra
Read more

Related information


Onderwerpen