Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.

42. De gersdrûgerij


42.  De gersdrûgerij
©: Onbekend

Snypsnaren troch Jan Hiemstra
De gersdrûgerij
As de wyn út it noarden kaam en je yn it doarp in wat swiere weeïge lucht rûkten dan wisten je wol hoe let it wie. De waard wer gers drûge. Yn ‘e winter wie der gjin gers en gjin lucht, mar maitiids gong it wer oan.

Drûge gers foar de kij

Goed foer wie foar greidboeren fan grut belang foar in goed miel molke. It fretten bestie út gers, hea en kuil. Om de molkeproduksje te ferheegjen kamen der lynkoeken, biten en pulp by. Ek foar in ko jildt: hoe mear der ynkomt, hoe mear der útgiet.

In wiete simmer levere min hea op der ’t te min ynsiet. Kuil wie faaks soer en stonk. ‘Krachtvoer’ wie djoer. Dêr waard wat op fûn: de gersdrûgerij. Droech gers koe it wûndermiddel wurde. Dat is  begryplik, want yn goed gers sitte hiel wat ‘voedingsstoffen’, mar sa ‘n 80% is focht. In ko moat moat hiel wat wjerkôgje om yn libben te bliuwen en dan ek noch molke te produsearjen. Soks soe hurder gean kinne mei drûge gers op it menu. Yn drûge gers sit noch mar in 10% focht. In hap fan 20% of in hap fan 90% makket dan it ferskil! In gersdrûgerij wie yn steat dit ferskil te meitsjen èn it risiko fan in minne simmer te ferminderjen.


Oprjochting drûgerij


Op 13 novimber 1946 fergaderje de tsjerkfâden oer it fersyk fan in nij oprjochte feriening de Coöperatieve Groenvoederdrogerij Oosterend G.A. Dizze feriening wie twa dagen dêrfoar oprjochte en woe graach oan de Itenserdyk (letter Sibadawei 22) in stik lân keapje. (Sjoch advertinsje út Bolswards Nieuwsblad 8 nov. 1946)

En sa as it sa faak yn Easterein gong: de tsjerkfâden seagen de sin hjir fan yn. In stik fan it pastorijlân ferkochten se oan de nije feriening. Foar de twadde kear waard de Eastereiner doarpsekonomy  oanjage troch de tsjerkfâden. Yn 1897 wie soks bard mei it stichtsjen fan it bûterfabryk.

 De bou fan de drûgerij

Rillegau waard begûn mei de bou fan de drûgerij yn de kleur fan dy tiid: reade stien, mei ek de dakbedekking fan dy tiid: asbest. Earst moast der in nije daam komme, dy ’t breed genôch foar trekkers en weinen wie. It waard in lyts fabrykje, mei in romte om it gers te drûgjen en ien om it te ferwurkjen. It begûn mei ien drûchtrommel. Ferklaaiers- en skaftromte foar it personiel kaam der net, want de minsken ieten thús en ferstrûpten harren dêr.

It drûgjen fan gers waard sa ’n sukses dat rillegau útwreide waard. Yn fazen kaam der mear by as der 1948 by de iepening stie. Nei in twadde oven kaam der sels yn 1950 in treddenien. Oan de noardkant waarden loadsen boud foar it opslaan fan gers en kantoarromte. Oan de súdkant kaam in skaft- en in ferklaaiersromte mei dûsen. Soks waard foar it personiel in hiele ferbettering. Dy dûsen wiene net allinne moai foar it personiel mar ek foar it omlizzende laach. Yn in tiid dat gjin ien in dûs hie slûpten dêr wolris famylje hinne om harren lekker te poedeljen!

 De gêrs oanfier

Om it yn bedriuwsekonomyske termen te sizzen wie it meande gers de grûnstof en it drûge gers it einprodukt. It gers kaam fan de leden fan de koöperaasje dy ‘t in leveringsplicht hiene. Mei wiet waar, as der hast gjin hea wûn wurde koe, wie soks gjin probleem, mar yn in drûge simmer foel it net ta genôch gers oanfierd te krijen. Dan waard der mei trekkers en weinen oer de Ofslútdyk nei de Wieringermar riden om luzerne op te heljen. Dat wie ek in poer bêst grûnstof wie om drûge te wurden. Yn de begjinjierren wie de oanfier fan gers swier wurk; der moast ‘mei de hân’ laden en lost wurde en de reis nei de boeren gong op iepen trekkers. In learen jas oan en sa no en dan de hagelstiennen om de earen. Nei ferrin fan tiid waard dit hânwurk ferfongen troch in apparaat om it gers te laden en te lossen. Mar waar of gjin waar: gers moast der komme. 

 Op it terrein

As de trekkers mei de weinen it terrein fan de drûgerij oprieden moasten se earst lâns it hokje nêst de waachbrêge. It gewicht fan it ynkommende gers waard registrearre. Soks barde ek as it útgeande einprodukt wer nei de boer gong. It ferskil tusken dizze twa registraasjes wie bepalend foar de priis fan it drûgjen.

 Drûgjen

It  drûgjen fan it gers barde yn grutte drûgtrommels. It waard op it ‘lopende band’ struid, troch in man mei in foarke; letter barde soks ‘automatysk’. It gers fan de ferskate leveransiers moast skieden bliuwe, want elke boer woe syn eigen gers weromkrije. As der dan mei in ‘nije’ boer begûn waard, kaam der earst in toppe strie op de bân, sadat dúdlik wie dat der in oarenien kaam. It wiete gers gong op de bân troch de drûchtrommel. Dy trommel waard waarm hâlden troch in grut fjoer dat op stookoalje stookt waard. It wie hiele smoarge oalje dy ’t by in lege temperatuer hast net rinne woe. Ut de skoarstien fan de drûgerij kaam dan ek in roetswarte wolk.

Ferwurkjen

Wie it gers droech dan gong it oer in transportbân nei it perslokaal en waard yn pakken perst. Dit perslokaal wie in stoffige en waarme romte. Yn it begjin wie dit in pers yn de grûn der ’t hiele grutte pakken út kamen dy ’t mei kramtried byinoar hâlden waarden; letter waarden it lytsere pakjes, sa as se no fan heapersen komme.

Yn it perslokaal stie ek in ‘hamerklopmolen’ om it drûge gers ta gêrsmoal te fermeallen. Dat kaam dan yn grutte papieren sekken en waard winterdeis troch de boeren brûkt troch it mei oar moal te fermingen yn de moalbak en dan yn smeuige tastân oan de kij op te fuorjen. It wurk oan de ‘hamerklopmolen’ wie net sûnder risiko. As it gers net roch it apparaat woe moast it in triuwke ha mei de kâns op skea oan fingers en hannen. 

 It personiel

Simmerdeis wiene der hiel wat minsken yn trije ploegen op de drûgerij oan it wurk. Se wurken fan 4.00 – 12.00, fan 12.00 – 20.00 en fan 20.00 – 04.00 oere, mar om ’t de wurkwike doe noch 48 oeren wie, moast der op moandeitemoarns midden yn de nacht begûn wurde troch de moarnsploech en koe de middeisploech earst tsjin 24.00 oere op sneontejûn der mei ophâlde. Sneins waard der net drûge, want dat wie yn ús doarp de rêstdei. Allinne it wurk dat net útsteld wurde mocht dien wurde.

Foar de measte minsken wie it wurk foar it simmerhealjier. Wie it seizoen ôfrûn dan moasten se wat oars sykje of kamen yn de WW. It fêste personiel bestie út de bedriuwslieder en in technyske man. Letter doe ’t it bedriuw gersbiks produsearre fan simmerdeis makke moal, bliuwden der wat mear minsken winterdeis oan it wurk.

 Eigen oantinkens

Sels ha ik oan de drûgerij moaie oantinkens. Yn de rin fan de winter waarden de sekken gêrsmoal ta biks ferwurke en kamen de loadsen frij. Ien loads waard dan brûkt foar it reemeitsjen fan trekkers, weinen en opladers foar it nije seizoen, mar yn de oare mochten wy wolris fuotbalje. Soks fûne wy doe al in sporthal. Ik tink dat bedriuwslieder Jelsma, sels ek SDS-er dan de hân foar de eagen die en ús dizze wille gunde. De oare deis wiene je sa stiif as in planke troch it draven op hurd beton.

Soms wie de drûgerij it ûnderwerp fan sensaasje bygelyks as der in brân útbruts (en soks koe hie gau mei dat drûge gers yn de drûchtrommels; der leine dan ek wetterslangen lâns op in begjinnende brân sa gau as mooglik te blussen).

De ein fan de drûgerij

Troch allegearre feroaringen yn it winnen fan gers en ferhegingen fan brânstofprizen, waard it drûgjen minder needsaaklik en djoerder. Drûgerijen moasten grutter wurde om noch út te kinnen. It gefolch waard fúzjes. Yn 1968 is dy fan Easterein mei dy fan Mantgum fusearre en waard it bedriuw yn Easterein stillein. It krige in nije bestimming en waard ferboud. Bos út Lollum kaam der yn. Foar it doarp gjin efterútgong! De tiid dat de plúm fan de wetterdamp boppe de drûgerij hong wie foarby, krekt as de diskusje oer de ‘geur’. Der wie in nije perioade oanbrutsen.

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Read more

Related information


Onderwerpen