Unfortunately, at the moment we can provide only parts of this website in the English language. For those parts of the website that not yet have been translated we recommend use of the Google Translate option next to the title of the item.

19. Yn en om Easterein (de feart lâns ‘t Heechhiem) troch Jan Hiemstra


19. Yn en om Easterein (de feart lâns ‘t Heechhiem)  troch Jan Hiemstra
©: Onbekend

Yn maaie 2021 skriuwde ik in stikje oer de feart dy ’t foar de hokken rûn en nei it sportfjild en de moestún feart kronkele. It part foar de hokken waard dimpt. Yn pleats fan it brechje nei de Skippersbuorren kaam der in daam. Ek oan de kant fan de moestún feart waard it brechje ferfongen troch in daam. Om tsjin te gean dat it part dat oerbliuwde in stjonkend gat wurde soe, waarden der troch de ôfslutingen mânske buizen lein. De trochstream moast yn takt bliuwe.
            

1. Brechje tusken 't Heechhiem en Skippersbuorren

Doe ’t de daam krekt oanlein wie like de trochstream ynoarder te wêzen. Doe ’t ús heit nei in yngreep opknappe moast, siet er wol gauris oan de  ‘ôfsluten’ feart te fiskjen en nei syn sizzen fong er geregeld wat. Nei ferrin fan tiid ferdwûnen de fisken. It wetter waard hieltyd smoarger en begûn te stjonken; der swommen noch wat einen yn, mar it tal rotten naam ta. Der wie gjin trochstream mear. De minsken lâns de feart hiene wol yn de gaten dat der wat oan de hân wie. It die letter dan ek bliken dat dat sa wie. Benammen yn de rige buizen dy ’t foar de hokken lâns leine wiene breuken ûntstien en se slueten net mear goed op inoar oan. Mar der wie mear! Yn in feart koene je fan alles kwyt! Wat je kwyt woene hoegde mar yn it wetter kipere te wurden en dan seach gjin minske it mear. Sa tochten de  minsken lâns dizze feart der ek oer. Wat te ‘n ein wie waard der ynsmiten en sels de pispot en de amer mei smoarch wetter waard der yn lege. Sa fersmoarge de feart. 

Mar foardat der feroaring kaam is it stik feart fan ûngefear 1934 oant 1959 feart bleaun. Der waard sels in brechje oer pleatst foar de bern dy ’t nei de sânbak en it boartersplak fan de beukerskoalle moasten.

Wat net fergetten wurde moat is dat hiele generaasjes op dit wetter it reedriden leard ha. Heit bûn my op yn syn hokje (de skuonmakkerij) en sette my op it iis. Net achter de stoel, mar achter de skammel der ’t de wasktobbe op stie, moast ik foarút skarrelje. Dit slagge my al rillegau, want achter sa ’n swiere skammel te riden wie de manier om it sa gau as mooglik sûnder te kinnen. Troch dat riden ha ik noch hiele romantyske oantinkens oan dizze feart mei de kwalsters fan it beferzen ôfwaskwetter dat der opsmiten waard. Dy romantyk waard foaral feroarsake troch de yn ús eagen bysûndere beammen (taksus en spar) dy ’t op it hiem fan Yme Joustra (no Skilplein 11) stiene. Benammen as it snijd hie wie dat punt in libbene krystkaart.

Hoe ’t de feart fan de oergong ôf nei de Skippersbuorren der begjin jierren fyftich útseach sjogge wy op de no kommende foto. 

 

 


  

2. It ôfsluten part fan de feart begjin jierren '50.

 

Oer it stek foar de ôfsluting ha wy links de hage om it skoalhûs, de boppekant fan de letter ôfbrutsen skoalle en oan de rjochterkant ’t Heechhiem 7 mei dêrnei twa hinnehokken. Dy hokken hie ús heit sette litten om ’t it skuonmakkersfak net mear genôch oplevere. Hjoed de dei soe soks in twadde tak hjitte. Fan it brechje ôf midden op de foto lâns feart en hinnehokken rint it paadsje nei sânbak en sportfjild. De beammen boppe it hinnehok útstekken, binne de beammen dy ’t no noch foar in part om de Skoalleseize steane. De offisjele yngong nei it sportfjild rûn lykwols oer Elba mar it slûpferkear gong oer dit paadsje. Fan it doarp út ek fier wei de noflikste manier om der te kommen.

Uteinlik wie de feart net iepen te hâlden. Foar de omwenners wie mei waarm waar de stank net te hurdzjen. De knoop waard troch hakt en de feart waard opfolle mei sân. Wikenlang foer der in skûtsje fan sa ‘n 18 ton op en del mei sân en dit waard der dan útkroade. It earste eintsje fan it ein fan de Skippersbuorren nei de de feart gong noch wol, mar it stik waard hieltyd langer. 

 

 


  

3. Hjir hold de dyk yn 1960 op en wie de yngong fan it sportfjild.

Oant achter de huzen Skilplein 10 en 11 waard de feart hielendal fol kroade; je soene der no ris mei oankomme moatte! Doe ’t de feart fol wie moast it sân besakje. Undertusken wiene de buizen en kolken foar de riolearring der kommen. Foar de doarpsbern waard dat ien grut feest. Se boarten yn dy buizen dy ’t de hichte fan in bern hiene. Nei ’t it sân ynklonken wie waarden de sleven foar de riolearring groeven en leine der sândunen dy ‘t troch de jeugdige brommerriders as crossterrein brûkt waarden. Der wie altyd wat te rêden op en om de âlde feart.

Uteinlik is der op it plak fan de feart in knappe dyk kommen en dat sjogge wy op de foto út 1995. Oarspronklik hold de dyk by it sportfjild op, mar dizze is letter trochlutsen nei de Itenserdyk. De hinnehokken binne ôfbrutsen, want troch skaalfergrutting wiene 50-jierren hokken te lyts wurden. Wat der kaam en der noch hieltyd is, wie in bettere ferbining nei en tagong fan it sportfjild.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Onbekend
Read more

Related information


Onderwerpen