Feestweinen

Feestweinen
©: Aldere jongeren Easterein

De "Aldere jongerein" boude har eigen feestwein mei de Eastereinder feesten. Hjirbij in fotokollaazje fan de weinen dy't hja yn de rin fan de jierren boud ha. Je kinne sjen dat der mei in soad wille, kreativityt en ynset oan wurke is. It binne foto's fan 1996 oant 2012. De weinen waarden boud op It Skrok by Jacob en Sjierkje Plantinga. De weinen hiene elke kear in aktueel thema. Dit is te lêzen yn de taheakke krante-artikels út itselde jier.

Yn in grut fotoboek is it allegear fêstlein. It boek is opmakke en fan teksten fersjoen troch Nynke Fokkens.

It boek iepent mei de folgjende tekst:

Jierren oanien, mei in soad plesier, elts jier op é nij drok dwaande mei de wein     fan jonger oan't âlde jongerein, komme wij no al 16 jier lang bij Jacob en Sjierkje op it Skrok yn Easterein

Colofon

Fotoboek van deze groep.

Kranten Nieuwsblad van het Noorden en de Leeuwarder courant

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Aldere jongeren Easterein

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s