Fan Eysingaleane
De van Eysingaleane is oanlein yn 1843. De ferbyning tusken Easterein en Wommels waard hjirtroch folle better en in stik koarter. De nije dyk waard en wurdt ek faak de Wommelserdyk neamd. De namme fan de leane is ôfkomstich fan de van Eysinga`s. Jonkhear Idsert Frans van Eysinga wie grietman yn Hinnaerderadiel fan 1816-1846. Syn soan Cornelis folge him op fan 1846- 1849. Yn de jierren sechtich (1960) wie de dyk yn `e fiere omkriten bekind. Op sneintejûn rûnen kloften jonges en fammen de dyk op en del om mei elkoar yn é kunde te kommen. Ferskeidene minsken ha dêr in skarrel opdien.