Van Eysingaleane 21


Van Eysingaleane 21
©: Jetske Santema

De pleats is boud yn 1905. De hjoeddeiske bewenners ha by in ferbouwing 2 plankjes fûn mei nammen fan 2 timmerlju út Spannum, werop de datum fan 18 april 1910 stiet. Koartom der hat fêst in ferbouwing plak fûn yn 1910.

De earste bewenner is Rintje Heeringa.
Hy is feekeapman, tegearre mei in pear bruorren, en hja dogge by in soad boeren yn de wide omkriten de feehannel. Syn heit wie Petrus Rintsje Heeringa de earste kastlein fan kafe Bergsma. De namme fan de herberch wie der doe noch net fansels! Nei de dea fan syn heit yn 1890 hiere de bruorren Rinsje en Ate de herberch oant 1908.

Sterk ferhaal:  " In fêste mederwurker wie Jan Yme's Hiemstra (1879 - 1965 ), mei as help syn soan Auke Foppe Hiemstra (1906 -1965 ). Se dreauwen it fee. By Boazum rekken de bollen yn de Boazumer feart.  It ferhaal wol dat Auke oer de rêgen fan de bollen rûn om sa gau mooglik oan de oare kant te kommen om sa de bollen wer nei de goede kant te driuwen. " 

1. Rintje Heeringa (* 1862) troud yn 1899 mei Jeltje van der Werf (* 1870) Yn 1912 komme se op de buorkerij te wenjen. Hy is dan ek kastlein fan it kafe.

2. Grietje Piersma (1907 -1978) ôfkomstich fan Easterein, troud mei Lieuwe Fijnia (1902 - 1969) ôfkomstich fan Waaksens.
Sy buorkje fan 1928 ôf oant 1969 op dizze pleats.


3. Jacob Piers Noordmans (* 1913) troud mei Anna Rosier (* 1914) buorkje fierder fan 1970 oant 1982. Dêrnei wurdt it bedriuw beëinige en krijt it in wenbestimming.


4. Fedde Wiersma * (1956) troud mei Catharina Cornelia Maria Bossers (* 1958) Wenje sûnt 1982 op dit adres.

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Jetske Santema
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’s