Van Eysingaleane 16
Halbertsma State
De kop-hals-romp pleats is boud yn 1860 troch Klaas Baukes Seffinga.
Op de foargevel stiet te lêzen dat op 12 april 1860 de earste stien lein is troch Bauke (* 1847) en Afke (* 1848) Klases Seffinga. Dat binne de beide bern fan Klaas Baukes Seffinga.
Klaas Baukes siet royaal yn é sinten. Hy wurdt neamd yn in akte fan 1868 wêrby 't 3 Zathes (pleatsen) en in hûs mei in tún te ferdielen falle.
Yn it boek Easterein skriuwt F.K. Reitsma dat de pleats in fuortsetting is fan de âlde Yeskwerterpleats. Dizze pleats stie eartiids tusken de pleatsen op Skrok 1 en Skrok 2.
en is úteinlik ôfbrutsen 1898.
1. Klaas Bauke Seffinga (* 1821 yn Hennaard) troud yn 1843 mei Trijntje Sybrens Sybrandy (* 1820 yn Itens) Harren bern lizze de earste stien. Klaas komt út in rike famylje en keapet hjir en dêr lân oan. Der binne in soad transaksjes te sjen fan 1845 ôf.
Soan Bauke stjert as er 50 jier is, Trijntje buorket dan troch en keapet ek noch lân.
Spitigernôch wurdt sy ek net âld. Se wurdt 61 jier. Dochter Afke is de opfolchster.
{ _ 48935 left 200px_ }
2. Afke Klazes Seffinga (* 1848 yn Itens) troud 1873 mei Klaas Oepkes de Jager (* 1844) Trochdat Afke trout mei Klaas Oepkes de Jager ûntstiet de ferbining mei dizze famylje.
Dan giet it finansjeel net goed en wurdt de eigendom fan de pleats yn 1898 ferkocht oan ynvestearder Stephanus Justus Halbertsma. De pleats wurdt fan dat momint ôf pachte.
Op dat stuit sil de namme " Halbertsma State " oan de pleats jûn wêze.
Afke en Klaas krije 4 bern, Oepke, Trijntje, Klaas en Antje.De nammen Oepke en Klaas komme noch hieltyd foar yn de famylje de Jager yn Easterein.
3. Trijntje Klases de Jager (* 1878) troud mei Rients Hotzes Piersma fan Kûbaard.
Alwer in dochter dy 't de pleats oer nimt. Sy buorkje hjir fan 1911 oant 1940. It pear bliuwt sûnder bern. Koart neielkoar komt earst Trijntje en dêrnei Rients te ferstjerren.
De pleats giet oer nei de Piersma famylje.
4. Wiebe Hendriks de Jong (* 1914 yn Ferwâlde) troud yn 1937 mei Trijntje van Dijk (* 1913 te Hindelopen) Sy komme yn 1940 op de pleats. Beider heit en mem binne boer.
Wiebe keapet yn 1951 de wenning oan de Van Eysingaleane 13, om der arbeiders yn te ûnderbringen.
4. Jacob de Jong (* 1941 ), (soan fan Wiebe en Trijntje) troud yn 1964 mei Sip Bouma (* 1942 ). Neist de pleats wurdt in twadde bedriuwswenning pleatst, dêr 't Wiebe mei syn frou Trijntje yn komme te wenjen. As hja letter ferhúzje nei De Jouwer wurdt dizze ôfbrutsen.
Yn 2007 ferhuzje Jacob en Sip nei de Populiereleane en komt soan Hendrik op de pleats.
5 Hendrik Tjitse de Jong troud mei Annabeth van der Kuur. Hja buorkje hjoeddedei (2023) op de pleats.