Tsjerkebuorren

Tsjerkebuorren
©: Jan Hiemstra

De Tsjerkebuorren is ien fan de âldere strjitten fan Easterein. Doe 't it doarp noch gjin strjitnammen hie foarme dit part in ûnderdiel fan de 'Achterbuorren' (sa waard it diel oan de eastkant fan de tsjerke neamd). De Tsjerkebuorren begjint by nr 33 (de eardere slachterij) en einicht by de eardere pastorij nr 1. De feart rûn ek troch fan it iene nei it oare punt. De huzen dy 't oan de Tsjerkebuorren steane, stiene der noch net doe 't de feart der noch streamde. It wie in kreas rychje mei op ien plak (tusken de nrs 23 en 25) in romte der 't foar de oarloch in hûs ôfbrutsen is.

Oer de flapbrêge kamen je foar WO II yn de Tsjerkebuorren. Op de foto is düdlik te sjen dat de feart eartiids ôfsluten is. It stalt linfs foaroan waard it lykstalt neamd. Yn in tiid dat it ferfier oer lân, foaral yn hjerst en winter, dreech wie en der dochs minsken bûten it doarp ferstoarnen, waard it lyk mei in boatsje ferfierd en kaam hjir oan lân.

Colofon

Jan Hiemstra

© Tekst: Jan Hiemstra © Foto voorblad: Jan Hiemstra

Relatearre ynformaasje


Foto’s

Tsjerkebuorren 1, Pastorij
Dizze pastorij is setten yn 1861. Oan de westkant siet oarspronkelik in sêre. De beammen ha al flink hichte sadat dit mooglik in foto út plm 1900 is. Yn in apart finster sil mear oer de partorij fer

Disclaimer

Tsjerkebuorren 1 Pastorij
Neffens de hjoeddeistige eigner/bewenner, dhr Menno Landstra , is dizze foto makke om 1995 hinne. De fotofraaf hat mei de rech nei de grutte nútebeam stien, want dizze is der net op te sjen. Dizze pr

Disclaimer

Tsjerkebuorren 1925
Op dizze foto mei it sicht op de súdkant fan de tsjerke steane û.o. Sijtse Lucas en Geart Sijtsma stean. Neffens my is de frou rjochts Geart (sprek út Gjet) en de man mei pet op Sijtse (sprek út S

Disclaimer

Tsjerkebuorren 33 - 31
Nûmer 33 wie in slachterij en nûmer 31 wie in bakker. Sa kamen je fan de kant fan de Grieneleane yn de Tsjerkebuorren. Foto mei flapbrêge en lykstalt.

Disclaimer

Tsjerkebuorren (r/l) 33 - 31
In 'plaatsje' út begjin fyftiger jierren. Links de bakkerswinkel, bakkerij en 'iisfabryk' fan Johannes Strikwerda mei de bakfyts der foar en it rûne reklameboerd om Tarwebôle te iten oan de muorre.

Disclaimer

1980, Tsjerkebuorren 29
Dit fan oarsrong skoalhûs is op dizze foto wierskynlik al bedriuws- en fergaderromte. Rjochts mei in ôsûch apparaat yn it rút, waard fergadere en siet de damklup. Jierrenlang hat de behearder fan

Disclaimer

Tsjerkebuorren 27
De kâns is grut dat dit de sitewaasje fan deun nei WO II is. (1950) Rjochts de tagong nei it Skilplein.

Disclaimer

Tsjerkebuorren 27-25-23
Rûn 1930 Dit is yn alle gefallen in foto fan foar de oarloch. Op it twadde hûs fan rjochts sitte op de skoarstiens skoarstienbuorden. Dy sieten der foar de sier mar ek om ynreinen foar te wêzen. It

Disclaimer

Tsjerkebuorren (r/l) 27-25-ôfbrutsen-23-21-19-17
Nim dit byld yn jo op. Op al dy oare ferlykbere foto 's hjirfoar of hjirnei is al beskreaun wat der op stiet.

Disclaimer

Tsjerkebuorren (r/l) 27-25-ôfbrutsen-23
Sa sjocht de Tsjerkebuorren der yn de fyftiger jierren út. De houten elektrisiteitspeallen mei op guon plakken in lampe as strjitferljochting, mei noch boppegrûnske elektrisiteit triedden, 'siere' i

Disclaimer

1940, Tsjerkebuorren 25
Yn dit hûs wenne de skilder. Oan de efterkant wie de ferverswinkel der 't je oer it Skilplein yn kamen. It hûs links is noch net ôfbrutsen. Moaie sinneblinen foar de ruten; hiel wat oars as de nijm

Disclaimer

Tsjerkebuorren 23
Rûn 1955 Hjir de foargevel fan de VIVO-winkel yn folle gloarje. Wat ha ik hjir faak foar ús mem hinne moatten om foar ús mem in boadskipke by Tiede en Aly te heljen. It 'boekje' mei der 't it yn op

Disclaimer

1955, Tsjerkebuorren 23
De VIVO-winkel by jûntiid. Miskien hat dit wol yn de wiken foar Sinterklaas west. Dan hiene de Eastereiner winkellju in feestlike etalaazje en sieten der 'fouten' yn dy 't de minsken opsykje moasten.

Disclaimer

Tsjerkebuorren
Koster Pieter Reitsma (1930) stiet op de foto mei syn frou Antje Loonstra (1934 ). Sy wiene koster fan de Herfoarme tsjerke fan 1964 - 1970. Op de eftergrûn it úthingboerd fan de VIVO der 't dan Jan

Disclaimer

Eastkant fan de tsjerke rûn 1940
Dizze foto begjint links by wat no Tsjerkebuorren 19 is en einiget by Tsjerkebuorren 29 (doedestiids de Ald Skoalle). Nr 19 mei it hûs derneist foarmje noch net ien gehiel, it grutte winkelrút yn de

Disclaimer

Tsjerkebuorren 27-25-23
Rûn 1950 Yn hús nûmer 27 binne al grutte winkelruten mei etalaazjes kommen, nr 25 sjocht er dan al hiel suterich út en sil al gau ôfbrutsen wurde en nr 23 hat in winkelrút mei etalaazje krigen (

Disclaimer

Tsjerkebuorren 5, It Kleaster
Dit hûs hat in romrofte skiednis der 't yn in apart finster op yn gean wurde sil. Sa seach It Kleaster der ûngefear yn 1950 noch út: earst twa wenningen ûnder ien kape en dêrnei it bûthús mei d

Disclaimer

Tsjerkebuorren 5, It Kleaster
De earste went is ôfbrutsen en de romte is by it hiem kommen.

Disclaimer

Brechje nei It Kleaster rûn 1930
Om oer it tsjerkhôf nei de nûmers 3 en 5 (Kleaster) fan de Tsjerkebuorren te kommen, moasten je oer in brechje. Dit brechje is letter ferfongen troch in daam. It hûs rjochts fan de daam (mooglik de

Disclaimer

Hekkelje
Hjir wurdt de sleat tusken pastorij en it paad om it tsjerkhôf hekkele. Op de eftergrûn it betonnen brechje dat yn it plak kommen is foar it oarsronkelike houten brechje. Dit brechje skynt bysûnder

Disclaimer

Ofbrutsen hûs
Dit is in ympressy fan it yn 1941 ôfbrutsen hûs oan de feart lâns it Tsjerkebuorren 3/5. Dizze tekening is makke troch Evert van Urk op oanwizing fan Jelle Bergsma. De tekening is fan it tsjerkhôf

Disclaimer

Ofbrutsen hûs
Dit is in ympressy fan it yn 1941 ôfbrutsen hûs oan de feart lâns it Tsjerkebuorren 3/5. Dizze tekening is makke troch Evert van Urk op oanwizing fan Jelle Bergsma. De tekening is fan de kant fan i

Disclaimer