Trijehuzen
Trijehuzen heart no officieel bij Hidaard. Op Trije huzen stean trije buorkerijen. De foar Easterein wichtige famylje Rispens wenne op Trijehuzen 3. De famylje hat har eigen grêven yn de Eastereinder Martinitsjerke. Eartiids rûn fanôf De Gouden Ingel in modderpaad nei Trijehuzen ta. Letter is in koartere route keazen, dy`t yn de santiger-jierren ferbettere waard mei twa betonstroken. Mei de ruilverkaveling is der in goed breed gemeentelik betonpaad kommen.