Skoallestritte
Skoallestritte en Vrijburg waarden earder de Pôlehoeke neamd. Fanút de kom fan it doarp stienen der al yn 1862 húzen oan dizze stritte.Yn 1954 is in nije skoalle boud yn Easterein, tsjinoer de Sjaardaleane. De bêrn moasten troch it lân rinne om der te kommen. Yn 1958 ha in oantal frijwilligers yn oerlis mei de gemeente in brechje makke oer de sleat by Vrijburg, mei in sintelpaadsje troch it lân. Dan koenen de bêrn hjir tenei lâns rinne nei skoalle ta. Letter hat de gemeente in strjitte oanlein. De strjitte waard op 5 maaie 1960 feestlik iepene mei de namme Skoallestritte.