Skippersbuorren

Skippersbuorren
©: Jetske Santema

De Skippersbuorren is de dyk lâns de Eastereinder Opfeart as min fanút it easten oer it wetter Easterein ynkomt. Hast alle ferfier fûn destiids oer it wetter plak. Fan turf, skil, hout, terpmodder oant ferhúzingen. It is dúdlik wat de oarsprong fan de namme is. Oant 1870 wie it in ûnferhurde dyk. Yn gedieltes is it ferhurde. Yn 1918 hat de Herfoarme Tsjerke beslúten it ûnderhâld oer te dwaan oan de gemeente. Dochs hat is noch oant 1950 duorre oant de Skippersbuorren yn de klinkers kaam.

© Foto voorblad: Jetske Santema

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s