Deel:


Sjaardaleane

Nei de twadde wrâldoarloch wie der ferlet oan nije en foaral bettere huzen. Yn 1947 rûn efter de Zonnehoek in sintelreed it lân yn. Dizze reed waard omfoarme ta in leane, de Sjaardaleane, en dêr kamen de earste seis plus twa nije wenten te stean. De earste trije blokjes fan twa wiene fan de gemeente, it lêste blokje fan twa fan it suvelfabryk en bestimd foar it personiel. Yn 1948 wiene de huzen klear en koene de earste bewenners ferhúsje. It waarden huzen mei in WC en dat wie yn in doarp mei foaral noch húsketontsjes hiel bysûnder. Oan de ein fan de Sjaardaleane gong de sintelreed fierder oer de slabatten, der `t in betonnen brêge foar yn it plak kommen wie, nei de pleatsen fan de Sjaarda `s. 


© Tekst: Jan Hiemstra - © Foto voorblad: Jan Hiemstra

Sjaardaleane
©: Jan Hiemstra

Oanfoljende ynformaasje


Finsters | Fotografie

Efterkant Sjaardaleane fanôf Andries Joustrastrjitte
De twadde útwreiding earste helte fytiger jierren waard de Andries Joustrastrjitte. Dit wiene de perselen der 't de wenningen opkamen. De gemeente brûkte de opbringst fan de dwinger foar it opheech
Sjaardaleane skoalle en skoalhûs
Earst (1954) kaam de 'nije' skoalle der. Letter (plm. 1965) waard dêr it skoalhûs, it hûs fan it haad fan de skoalle (de direkteur) byboud.
Sjaardaleane 1960
De húzen oan de Sjaardaleane wiene earst hierwenningen. Letter waarden se ek te keap set en oan particulieren ferkocht.
Skoallestrjitte/Sjaardaleane skoalle 1961
Sa seach de súdkant fan de skoalle der út foardat it hûs der letter tsjinoan boud is. Yn sierlike letters stiet op de gevel 'Skoalle mei de Bibel'.
Sjaardaleane fanôf it likenhofke
Sicht oer de greide op de Sjaardaleane plm 1960. De foto is makke fanôf it plak der 't in hokje stie. Hjir wie in begraafplak foar 'ûnbekinden'. It hokje is letter ôfbrutsen.
Skoalhûs mei skoalle
Hjit foarmje it skoalhûs en de skoalle yn 1965 ien gehiel. Letter kaam de direkteur net mear út it eigen doarp en bleau wenjen yn syn / har eigen wenplak. Dêrom is de wenning letter ferkocht.
Sjaardaleane skoalhûs
It skoalhûs stiet neist de skoalle en is boud foar it haad fan de skoalle. Letter is it ferkocht oan partikulieren dy 't neat mei de skoalle te krijen hawwe.
Sjaardaleane begjin jierren
Oan de nij oanplante populieren is te sjen dat dit in foto út it begjin fan de jierren '50 is.
Sjaardaleane 2019
De Sjaardaleane fanút it fjild sjoen