Sjaardaleane
De namme is ôfkomstich fan de pleats fan de Sjaarda`s op nûmer 19. Hjir ha fanôf 1638 meardere geslachten fan de Sjaarda`s buorke oant 1975 ta. Neist de Zonnehoek oan de Wynserdyk rûn in sintelpaad. Doe dit in klinkerdyk waard kamen der trije blokjes fan twa wenten. De sûvelfabryk hie ek ferlet fan wenten foar it personiel en sa waard der in fjirde blokje byset. Dizze húzen kamen klear yn 1948.