De twadde Kristelike skoalle yn Easterein waard oprjochte yn 1870. It gebou waard setten troch Johannes Pieters Dijkstra, Meester timmerman te Welsryp, foar de som fan fl. 2395,- G. Koster krige it ferverswurk foar fl. 98,- De skoalle kaam te stean op de grûn fan Rienk Reinders Sybrandy, de grûn waard foar 12 jier hierd.
Op 17 oktober 1870 waard de nije kristlike skoalle yn dit gebou iepene. Om ien oere sieten master Langhout en de bern al yn it lokaal en om twa oere wiene der goed 300