Skoalleskiednis


Skoalleskiednis
©: Onbekend

Underwiis wie net nedich foar minsken dy`t allinne mar dingen te dwaan hiene, dy’t oaren opdroegen. Sa waard yn `e midsiuwen almeast oer it ûnderwiis tocht. Underwiis waard dêrom mar oan in lyts tal minsken jûn. Yn dizze midsiuwen is der grif ek yn Easterein ûnderwiis jûn. It fûn nei alle gedachten yn de kleasters plak, en hie in Rooms-Katolyke grûnslach. Doe`t yn 1580 de Reformaasje ynfierd waard, feroare dat gâns. Der soargen de folgelingen fan Calvijn foar. Oant 1795 hie dizze tsjerke, de `Nederlandsche Hervormde (Staats) Kerk, of Gereformeerde kerk`, fierwei it grutste oansjen yn ús lán. De tsjerke bepaalde it karakter fan it lân en dus fan ús skoalle. De wichtichste boarnen fan it godstsjinstich ûnderwiis binne yn dy tiid de Bibel en de Heidelbergse Catechismus. De skoalle hat har te hálden oan godstsjinstige ferplichtings dy`t foarskreaun binne troch de tsjerke en de Steat. Mei de Fránske oerhearsking, dy`t yn 1795 ta in ein komt, feroaret der ek op it méd fan de skoalle in protte. `Vrijheid, Gelijkheid en Broederschap`, strookt net mei in `Staatskerk` en soarget foar skieding tusken tsjerke en Steat. It hat fan gefolgen dat de bining, mar tagelyk ek de macht dy`t de tsjerke mei en oer de skoalle hat, ferlern giet. Troch de Fránsken úntstiet yn ús lân in sintraal gesach. It ferskaat oan ûnderwiis dat der is troch de ynfloed fan de tsjerke, of it bestjoer fan in stêd, ferfalt. In nasjonale oanpak fan it ûnderwiis en it idee fan `Folksúnderwiis` , oerhearsket. In `Maatschappij tot Nut van het Algemeen` kriget in soad ynfloed en wurdt by wet festlein. Yn `e wet fan 1806, de saneamde `Wet van der Ende`, wurde hege easken steld oan de organisaasje, it personiel en it ûnderwiis dat jûn wurde moat. Tagelyk komt der troch dizze wet in skoalle dy`t troch de gemeente bestjoerd wurdt

Colofon

Boek Easterein

© Foto voorblad: Onbekend
Lês mear