Passaazje
De feriening komt elk winterseizoen byinoar. Fan septimber oant en mei april binne der aktiviteiten. Earst is der de gebrûklike ynlieding, mei notulen ensfh. Dêrnei is der in programma. Dat is tige fariearre docht bliken út de programma boekjes. Der binne sprekkers dy 't oer ferskate ûnderwerpen wat fertelle.
Yn april is der as ôfsluting in reiske. Dêrfoar is in " reiskekommisje ". Yn it simmerskoft wurdt der tegearre op woansdeitemiddei fytst en ek it mei-inoar efkes oanstekken is gesellich.
Doelstelling lanlike Passaazje
By Passage prate wy, út in kristlike libbensfyzje wei, oer maatskiplike ûntwikkelings en (ynter)nasjonale fraachstikken dy 't wy wichtich fine en dy 't aktueel binne. As frouljusorganisaasje lette wy dêrby foaral op de partisipaasje en de posysje fan froulju.
50 jier (verslag)
Ofdieling Passage Easterein fierde 24 septimber har 50 - jierrich bestean. Wy hawwe dit feestlik fierd. Middeis om healwei fjouweren begûn it feest yn de troch kreative leden prachtich fersierde seal fan “ Us Gebou ”. Wat in prachtige blomstikken. Hast alle leden, ek âld-leden, wiene oanwêzich; en ek de presidinte fan de ôfdieling Fryslân, frou Ansje Veldstra en de rayonfertsjintwurdichster frou Corry van der Zee. Allegearre krigen in korsaazje opspjelde. Us presidinte, Tiene Bonnema, hja hie middeis de lieding, sy hie in moai oersjoch skreaun oer de ôfrûne fyftich jier en lies dit foar. Oan 15 leden, dy 't 25 jier of langer lid fan Passage-Easterein (eartiids NCVB) west hiene, waard in oarkonde mei in roas útrikt. Twa leden út de begjin perioade, frou de Vries-Hes en frou Okkema-Wybrandi wiene ek oanwêzich. Earstneamde memorearre noch in pear anekdoaten út dy tiid. Alle oanwêzigen waarden goed foarsjoen fan drankjes en hapkes. Ien fan ús leden fersoarge de muzikale omlinsting mei pianospul. Om healwei seizen stie foar alle oanwêzigen in hearlik miel klear. Wy hawwe derfan genoaten. As ôfsluting waard it bûnsliet songen. Jûns folge it feestlik part, fersoarge troch de Fryske skriuwster-kabaretiêre Riek Landman, dy 't ús op humoristyske wize fermakke mei guon sketches, omlist troch akkordeon - en fluitspul fan it duo Venema (heit en dochter). Ek ha we in soad tegearre songen. As lêste fan it feest songen wy mei-inoar It Aldershûs. Elkenien wie it der oer iens dat it in noflike feestlike dei wie. Ofdieling Easterein te Easterein kin op in tige slagge feest weromsjen.
Colofon
N.C.V.B / Passage