N.C.V.B 1e jierren


N.C.V.B 1e jierren
©: NCVB

De N.C.V.B

De lannelike NCVB is oprjochte yn 1919. Yn Easterein waard de feriening oprjochte op 23 septimber 1953. It bysûndere oan de N.C.V.B. is dat alle gesinten hjiroan meidiene. Yn it doe dochs ferdielde Easterein, Herfoarmd en Griffermeard mei elk eigen ferieningen wie de N.C.V.B. in ferbiner. In fragmint út it notulenboek (dat út it argyf fan de N.C.V.B. / Passage nei foaren kaam) jowt aardich oan wer't men yn dy tiid ek mei dwaande wie.

Februari 1966

It is ta oan punt 8 fan de aginda: demonstraasje troch firma Houtsma. Efter yn de seal opstelde waskautomaten, waskmasjines en centrifuges; meast fertsjintwurdige binne de merken Zoppas en A.E.G. Wy krije ûnderrjocht yn it hantearjen en betsjinjen fan dizze apparaten en wy komme min of mear ûnder de yndruk fan de technyske útfiningen fan ús tiid. It lokket wol oan om op woskersdei likegoed noch tiid to finen foar it gewoane wurk, sels foar breidzjen, lykas de reklameprinten ús sjen litte. Fansels binne der by de húsfrou ûnder it harkjen ek wol fragen boppe kommen. En dy sille dan ek wol neijer to sprake komme. Yn it skoft wurdt der ûnder it geniet fan in bakje kofje dan ek drok praet oer it mooglik foar en tsjin fan ditsoarte apparaten.

Stikje út it skreaune ferslach fan Juffrou Wijma (foto orgineel )

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: NCVB
Lês mear

Relatearre ynformaasje


OnderwerpenFoto’sDokuminten