MC De Skoalleseize


MC De Skoalleseize
©: Thymen Santema

De Skoalleseize is boud yn 2006-2007, midden op de sportfjilden. Troch oparbeidzjen fanút it doarp is it gebou der kommen. Dertroch koe ek subsydzje ynhelle wurde bij de Profinsje en oare partijen. De eksploitaasje leit bij de Stifting Skoalleseize. 

It gebou wurdt brukt troch de sportferienings, Fuotbalferiening SDS, de Keatsferiening, de Jeu de Boule klub ensfh. It Korps Wilhelmina hâldt dêr de rippetysjes. Ek de pjukken binne ûnderbrocht yn it gebou. Fierder kinne alle ferienings út Easterein gebrûk meitsje fan it gebou foar gearkomsten en fergaderingen. De grûneigendom fan de sportfjilden leit bij de tsjerke. Yn it ferline wie de hieropbringst bestimd om de koster te beteljen. En dizze koster wie doedestiids tagelyk ek skoalmaster. Fandêr de namme Skoalleseize.

Colofon

Boek Easterein, CD rom 50 jier Hâld Faesje

© Foto voorblad: Thymen Santema
Lês mear