Martinitsjerke 800 - 1100

Martinitsjerke 800 - 1100
©: André C. Vink

Tsjerke yn oanbou

It earste gebou fan Easterein wie nei alle gedachten ienfâldich fan oan sjen en makke fan hout en klaai. It is suver wis dat der eartiids sa'n "tsjerkegebou" stien hat. De âldste doarpstsjerken waarden net troch de parochianen sels stifte. Se waarden faak boud troch haadlingen ("haedling" yn âlde Fryske akten), famyljes mei in soad macht, (lân)besit en ynfloed.

De opfolger fan dizze "tsjerke" waard nei alle gedachten yn de 10e iuw boud fan tuf, in djoere en dreech te krijen stien. Weardefolle grûnstoffen waarden net  samar brûkt, en seker net as der twivel wie oft de “ynvestearring” wol nedich wie. Nei alle gedachten wie it "sammelplak" dêr't it earste gebou stie feilich genôch om fierder te ynvestearjen en sa it doarp groeie te litten. Letter yn de 13e iuw waard de tsjerkestatus ferhege troch de tafoeging fan de sakristy.

It grutste part fan it ynterieur fan dizze earste lytse "tsjerken" wie sienfâldich en bestie út in pear ikoanen of bylden en in alter, dat brûkt waard foar de earetsjinst. It is net ûnfoarstelber dat dit gebou al in regionale funksje hie. In plak dêr't minsken fergaderden, hannelen, en rjocht sprutsen waard

Tsjerkewijding 

In tsjerke koe net ynwijd wurde as der net op syn minst twa folweardige lânboubedriuwen oan skonken waarden. Ien foar it ûnderhâld fan de tsjerke, en ien foar de pastoar. Us Martinikerk waard ek op in goeie dei ynwijd en befêstige dêrmei de stifting fan de tsjerke. Spitigernôch is hjir neat mear oer bekend. Alle jierren waard de ynwijding fan de tsjerke op 'e nij fierd, mei it hiele doarp útrûn en dêrnei tegearre feest fierden (doarpsfeest). De earste tsjerke ynwijding hat nei alle gedachten yn de twadde helte fan de 10e iuw plakfûn. Sûnt de 9e iuw hannelen persoanen/fâden, dy't it deistich bestjoer en dus letter foar de tsjerke fersoargen.

Tsjerkefertsjintwurdigers binne dêrom hjoed de dei tsjerkefâden

Colofon

Boek Martinikerk Easterein 2014

Boek Easterein 1995

© Tekst: André C. Vink © Foto voorblad: André C. Vink

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s