Martinitsjerke 1350-1580, ferskaat

Martinitsjerke 1350-1580, ferskaat
©: André C. Vink

De wetterput

Hoe âld de wetterput by de tsjerke is, is net bekend mar hy is fêst op leeftiid. Nei alle gedachten siet der in swietwetterwel wat it belang fan it gebou en har behear fêst te 'n goede kaam. Wetter is noch altyd fan libbensbelang. Genôch reden om der sunich op te wêzen en it te beskermjen. Wa ’t in swietwetterboarne behearde, wie tagelyk “ baas ” oer de hiele mienskip der om hinne. Bekend is, dat de tsjerke troch de iuwen hinne wetter “ útdielde ” yn it doarp, en dêr sels spesjale froulju foar yn tsjinst hie. De wurking fan de put wie ienfâldich. Mei help fan in amer mei dêr in ketting oan of tou koe it wetter ophelle wurde. Ek waard de put brûkt as spielplak foar it waskguod út it doarp. Nei thús wosken te hawwen, waard de wask spield by de wetterput. Dêrnei waard it op it tsjerkhôf drûge en blikke. Trochdat it hôf omheine wie mei in hege hage, wie it in ideaal plak hjirfoar. Sa ’n spielplak wie ek in goede gelegenheid om de lêste doarpsnijtsjes efkes troch te nimmen. Sa hiene de tsjerke en syn wetterput iuwenlang in sosjale funksje.

Colofon

Boek Martinikerk Easterein

© Tekst: André C. Vink © Foto voorblad: André C. Vink

Relatearre ynformaasje


FinstersFoto’s