Martinitsjerke 1100-1350
Tufstiennen tsjerke
Sjoen de lizzing sil it alderearste bouwurk út foarsoarch oplutsen wêze op in ferheging. By de lettere bou fan de tufstiennen tsjerke is it gebiet fierder ophege troch û.o. it útgraven fan de ferdigeningsgrêft der omhinne. Dy grêft sil sûnder mis tagelyk realisearre wêze mei de bou fan de (ferdigenings)toer, ein 11e iuw.
Dêrby komt, dat it yn gebieten mei in hege grûnwetterstân hiel gebrûklik wie om ek it tsjerkhôf ferhege oan te lizzen. By tufstiennen tsjerken yn 'e klaaistreken waard meastal skulpgrús brûkt om de wiete ûndergrûn te ferstevigjen. De tufstiennen tsjerke fan Easterein wie ienfâldich fan aard. Mei rûnom de romaanske bôgen, en heger pleatste lytse bôgramen sûnder finster.
Opfallend wie, dat de Cistercienzers (û.o. de bewenners fan kleaster Bloemkamp) de romaanske boustyl as “ eigen ” beskôgen. Net alhiel frjemd as men jin realisearret dat “ sy ” fan oarsprong út itselde gebiet kamen.
Colofon
Boek Martinikerk Easterein