Deel:


Jeu de boules, oprjochting

 Oprjochting,

Ut de oantekens fan de feriening fan Jeu de boules, blykt dat de feriening oprjochte is op 26 febrewaris 1998. Al in oantal jierren waard der mei it doarpsfeest Jeu de boules spiele troch de âldere jongerein. Der wie altyd in protte animo foar.

Sadwaande waard der troch in oantal minsken in subsydzje oanfraach dien by de gemeente Littenseradiel. Dit is werom te sjen yn in brief dy't hjir ûnder delset is.

Op 26 febrewaris waard der in gearkomste hâlden foar belangstellenden. Der kaam in protte minsken op ôf. Yn de pauze wienen der 39 minsken dy't harren oanmelden om lid te wurden. De kontribúsje waard fêststeld op fl. 20,- per simmerskoft. It wurdt op tiisdeitemiddei hâlden.

It bestjoer waard fêststeld,

De subsydzje waard takent op 13 juny 1998. Op 30 juny binne der al 53 leden. Koartsein it begûn tige goed. Troch dat alles goed by hâlden is, kinne we dizze oantallen neame.

En ek de nijsgjirrige brieven ha we hjir ûnder delset.

Oanfraach stipe

JEU DE BOULE FERIENING Y.O.

SKRIUWER : S. Scheltema,

Skilplein 31, 8734 GW EASTEREIN.

Oan it Kolleezje fan Boargemaster en Wethalders en de Rie fan de gemeente Littenseradiel.

Keatsebaen 1

8731 BN WOMMELS.

Underwerp : Oanfraach subsydzje foar de oanlis fan in JEU DE BOULEBAAN op de sportfjilden de Skoalle-seize Heechhiem 11 te EASTEREIN.

Easterein, 12 febrewaris 1998.

Eala,

Sa as jimme witte binne der yn Easterein in soad sportferienings aktyf, mei troch de goede akkommodaasjes dy’t der binne (sportfjilden,sporthal,tennisbanen)          kinne we wol sizze dat de sport libbet. Sport is in goede saak. It foarmet de jonge mins yn syn Ontwikkeling, jout him Ontspanning en soarget foar sosjale kontakten.

Mar op aldere leeftiid, as de spieren strakker wurde en de botten brosser, moat mannichien ôfheakje. Dan binne der in soad dy’t wat komme te missen.

In sporter fan fjirtich jier dy ophald stiet noch midden yn it libben mei alle drokte fan wurk en hüshalding en sil yn’t earst oan dat gemis net fiele, men hat drokte genôch. Mar op lettere leeftiid, as men wat yn rêstiger farwetter komt, mist men wat, mar der is neat mear.

Mist men net de sport dan wol de sosjale kontakten. Dit is in groeiende ploech minsken!

En dan is Jeu de Boule in pracht sport om dat gat op te foljen. Yn de üs omlizzende doarpen Skearnegoutum, Turns, Ysbrechtum en Nijlan hat men dat gat mei sukses opfult. Libbene ferienings mei Onderlinge wedstriden en genôch leden. Leden fan boppe de fyftich- en seis boppe de santich jier, dus mei in grutte alderdomsopbou.

Dat seach ek it bestjoer fan de Rabobank "De Greiden" yn Easterein, dy’t fan 't jier har hündertjierrich bestean fiert. Yn dat ramt wolle sy wat dwaan foar de mienskip, sa ek foar de alderein boppe de fyftich jier. Hja hawwe doe de Stifting Skoalle-seize yn Easterein ûnderstien oft dy ek romte hie foar it oanlizzen fan yn Jeu de Boulebaan en of wy ús ree ferklearren foar it oprjochtsjen fan in feriening yn Easterein. De romte waard fûn en in bestjoer foarmje wie yn de koartst mooglike tiid beslikke.

Mar it moaiste wie dat de Rabobank "De Greiden" har ek fuort finansjele stipe jaan woe foar in part fan 'e kosten.

It bestjoer fan de feriening y.o. hat doe kontakt socht mei van Abbema, kultuertechnysk en drainagebedrijf, yn Arum. Dit bedriuw hat in plan makke mei in iepen begrutting. En dan docht bliken dat wy noch in gat hawwe fan ƒ 12.600,--.

Hjirfoar freegje wy fan de gemeente in subsydzje foar ien kear.

Wy binne fan betinken dat Jeu de Boule, foaral foar de alderein, in sport is dy rjocht fan bestean hat en wolle dan ek driuwend berop op jimme dwaan om üs te helpen dizze Jeu de Boulebaan te realisearjen op koarte termyn.

Mei koarten sille wy kontakt mei jim opnimme foar in münling ûnderhald.

Nammens it bestjoer fan de Jeu de Bouleferiening y.o.

B.Bruinsma-Rienstra.

foarsitter.S. Scheltema, skriuwer.

Taheakke : tekening en begrutting.

Utnûging doarp

Jeu de boules feriening yn oprjochting

Achte doarpslju,

Al in pear kear mei de doarpsfeesten is der yn Easterein Jeu de boules spile. Dat foldie skoan, Jeu de boules is in balspul der ‘t elts hast oan mei dwaan kin. Dat wol sizze men hoecht der net jong en fluch foar te wêzen. It wurd yn us lân dan ek in soad dien troch âldere minsken en it hat dan ek in hege graad fan gesellichheid.

Der sit wedstriid elemint yn, mar dat hoeft foar nimmen in belemmering te wêzen. Yn Skearnegoutum, Turns, Ysbrechtum en Nylân binne sokke ferieningen al wat jierren fan start en dy rinne goed.No docht de gelegenheid him foar dat wy yn Easterein in Jeu de boules baan krije kinne.

Op it sportfjild is noch in stikje grûn wer’t dizze prachtich lizze kin en it stichting bestjoer fan de Skoalleseize wie ek fuort ré syn meiwurking hjir oan te jaan. Sa hawwe ûnderskreaunen ek oansocht om sitting te nimmen yn it foarlopiche bestjoer fan de feriening yn oprjochting. Wy binne fan betinken dat dizze feriening yn Easterein it rjocht fan bestean hat. Man - frou elts kin der oan mei dwaan, de kontribúsje komt net heech te lizzen, dat dat sil gjin beswier wêze.

Op tongersdei 26 febrewaris om 14.30 yn de kantine fan de Skoalleseize op it sportfjild binne wy fan doel om in gearkomste te hâlden. Dan sil ferteld wurde hoe as ien en oar wurket, spulregels, materiaal en as it kin wolle we dan it út ein sette mei ús feriening.

As jimme der ta komme kenne om lid te wurden.

Unbekend makket ûnbemind, dus kom !

It bestjoer:

Foarsitter Baukje Bruinsma

Skriuwer Sikke Scheltema

Ponghâlder Henk Kuiper

Wedstriid Roelie Reynhoudt

Lieding Anny Hartman

As it waar goed is sille minsken fan de Jeu de boules Skearnegoutum in demonstraasje jaan. Se komme yn elts gefal om wat te fertellen hoe as it wurket.

Notulen "Jeu de boules" vereniging 26-02-98.

1. Oprichting "Jeu de boules" vereniging te Oosterend.

2. De voorzitter heet de dorpsbewoners hartelijk welkom.

3. Voorzitter verteld een en ander over het ontstaan van de vereniging.

4. Op uitnodiging van het voorlopig bestuur waren 3 leden van een zustervereniging uit Scharnegoutum aanwezig om de spelre¬gels toe te lichten en om op het voetbalveld een demonstratie te geven.

5. Gedurende de koffiepauze hebben 39 personen zich opgegeven als lid.

6. Na de koffie, werd de hoogte van de contributie besproken. Besloten werd de contributie op F20,00 per persoon te houden.

7. Met meerderheid van stemmen werd dinsdagmiddag aangenomen als speelmiddag.

8. Met algehele toestemming, van de leden werd het voorlopig bestuur als permanent aangenomen.

9. Op verzoek van enige nieuwe leden werd gevraagd of het mogelijk is om ook op dinsdagavond te spelen. Dit verzoek werd door het bestuur ingewilligd.

10. Het bestuur: Mevr» B. Bruinsma (voorzitter)

Dhr. P.H. de Boer (penningmeester)

Dhr. S. Scheltema (schrijver)

Mevr. Ao Hartman (wedstrijdleidster)

Mevro R, Reinhoudt (wedstrijdleidster)

11. Tijdens de koffie-pauze werden 2 soorten speelballen getoond en andere attributen die bij Jeu de Boules worden gebruikt.

De duurste ballen kosten F115,- per set. Een set bestaat uit 3 ballen.

De goedkoopste kosten F31,50 per set.

12. De drie gasten uit Scharnegoutum worden bedankt voor hun aanwezigheid en de perfekte uitleg van het Jeu de Boule spel. Hierna sluit de voorzitter de bijeenkomst.

S. Scheltema.

Oosterend 15 sept: 1998

Openen nieuwe JEU DE BOULES banen te Oosterend

Bij een goed bezochte receptie, opende de voorzitster B. Bruinsma de bijeenkomst. Zij heette alle gasten en clubleden van harte welkom.

In haar speech belichtte zij nog eens het tot stand komen van deze JEU DE BOULES banen.

Op deze receptie waren verschillende personen en instanties uitgenodigd. Voor de Gemeente Littenseradeel de wethouder dhr: D. Willemsma en tevens verschillende fractieleden van politieke partijen. Ook waren uitgenodigd de Rabobank te Oosterend, firma Jansen sport, Abbema cultuurtechnisch en drainagebedrijf, Okkema loonbedrijf, Dorpsbelang "Hald Faesje", Kaatsvereniging, Voetbalclub S.D.S., Sportvereniging Skoalleseize, Sneekercourant en een van de sponsors dhr: R. Hofstee.

Onder het genot van een kopje koffie met oranjekoek namen onderstaande personen het woord, dhr: D.Willemsma als wethouder namens de Gemeente Littenseradeel, dhr: E.Bruinsma als voorzitter sportvereniging Skoalleseize, en dhr: Terwisscha-Scheltinga als directeur Rabobank E.O..

Alle sprekers benadrukten het belang van "beter bewegen voor ouderen". De aanleg van deze JEU DE BOULES banen werd mogelijk gemaakt door een subsidie van de Gemeente van fl. 15.000, en een schenking van de Rabobank E.O. van fl. 10.000 wegens het 100 jarig bestaan van deze Bank. Enkele cadeaus werd de club aangeboden in de vorm van JEU DE BOULES ballen van de firma Jansen sport en Skoalleseize, tevens enkele enveloppen met inhoud van loonbedrijf Okkema, Kaatsvereniging en voetbalclub S.D.S., cadeaubonnen van bakkerij v/d Brug en dorpsbelang "Hald Faesje". De zitbanken werden geschonken door de volgende sponsors: Total Advies B.V., Faber Machinebedrijf B.V., en M.R.W. Accountants &Adviseurs.

Tijdens de receptie verrichtte dhr: Terwisscha-Scheltinga het openen van de banen door middel van het wegtrekken van het doek, zodat het bord met ons logo "DEUN BY" zichtbaar werd. Deze naam is bedacht door ons clublid Akke Bijlsma.

Daarna hebben enkele leden en fractieleden van de Gemeente de banen ingewijd.

Onder het genot van een hapje en een drankje kwam een einde aan deze zeer geslaagde middag.

Colofon

Argyf Jeu de boules.

Foto's mei ûnderskrift makke troch Abe Stegenga en Annie Hartman.


© Tekst: Jetske Santema - © Foto voorblad: onbekend

Jeu de boules, oprjochting
©: onbekend