HVG
Hervormde Vrouwengroep ‘Wees een zegen’.
De froulju wiene altyd goed organisearre en troch de jierren ek tige aktyf en trou oan har ferienings. ‘Wees een Zegen’is oprjochte yn 1933 en hie doe 23 leden. Earst kamen se eltse wike byinoar, mar yn 1936 waard dat om de twa wiken. It fergaderseizoen rûn fan septimber oant april. De kontribúsje begûn mei in stoer yn ‘e wike. Wa’t dit net betelje koe mocht ek wat yn ‘it buske’ dwaan….
It program bestie omtrint altyd út deselde folchoarder; iepening- oantekens- skriftlêzen- frijwillige bijdrage- boeklêze- omfreegjen en sluten. Underwilens waard der fûleindich hantwurke; meastentiids breide.. Sa waarden der bygelyks yn ien jier ûnder mear sokken, boarstrokken, liifkes, ûnderrokken, oerhimden, lekkens en slopen, mei-inoar sa’n 70 stik, breide en útdield yn é gemeente! Sûnt 1943 wiene der gjin gearkomsten mear troch it oarlochsgefaar.
Yn 1946 is de feriening wer opnij útein set ûnder lieding fan frou Nijenhuis. Sy folge Frou Sjaarda op dy’t it sûnt de oprjochting dien hie. Foar it earste krystfeest nei de oarloch moast elk lid in skepke sûker en kakao meinimme, De molke waard fersoarge troch de boerinnen.
Yn 1948 waard de ‘Ring Franeker’ oprjochte. Easterein hearde hjirby en elk jier waard der in gearkomste belein dêr’t ek Easterein fertsjintwurdige wie. Sokke gearkomsten ‘wiene wichtich’.
Op 23 juny 1949 wie frou Nijenhuis foar it lêst. Frou Vermeulen-Zandstra waard yn har plak presidinte. It tal leden wie doe 40. Op 28 februaris 1950 waard frou De Bruin presidinte. In jier letter wie der noch in wichtich barren. Op 20 maart 1951 gie omtrint elk nei Ljouwert, nei de earste ‘Toogdag’ yn de Harmonie. Letter waard dat ‘Ontmoetingsdag’.
Bazaar
Yn 1952 waard der op 4 maart in ‘Verkoopmiddag’ organisearre. Letter krige it de namme Bazaar. De earste middei waard iepene mei it sjongen fan Psalm 19 : 1, en it lêzen út Johannes 14 en in lytse útlis. Ek waard der noch in gedicht foarlêzen. Nei dizze saken koe pas de ferkeap begjinne. De earste kear waard der fl 169,- oerholden. Letter waard it earste diel oerslein. De tiden feroaren. Der kaam in draaiend tsjil by. Yn it jubileumjier wie de opbringst fl. 5100.
Yn it jier dat de feriening 20 jier bestie waard der in antike list skonken oan de Martinitsjerke as oantinken by it klearkommen fan de restaurearre sakristy. (1953)
Yn 1985 doe de Tsjerke restaurearre wie hat de feriening de nije gerdinen yn Tsjerke mei betelle.
Lieding
De lieding hat nochal gauris wiksele. Dit kaam omdat it gebrûklik wie wie dat dûmny’s mefrou meastentiids presidinte wie.
Op 18 febrewaris 1969 gyng mefrou De Bruin fuort. Foar har yn it plak waard frou Vijfhuizen yn 1970 presidinte.Yn 1977 ferhuzet hja nei Dedemsvaart en kriget frou De Boer- De Boer dizze funksje. Op 15 april 1981 wurdt frou Van der Hoeven presidinte, mar op 28 septimber 1983 giet hja nei Amerongen. Op 26 oktober 1983 wurdt úteinset mei twa presidintes: mefrou De Jong- Van Dijk en mefrou van de Meulen- Lutjeboer. De lêste is seker oant 1995 presidinte west.
Gearwurking
Yn 1956 wurdt der foar de earste kear mei de Grifformearde frouljusgroep en de Nederlandse Christen Vrouwenbond (N.C.V.B.) it krystfeest fierd. Yn 1995 wie de Herfoarmde frouljusferiening tegearre mei de Grifformearde frouljus groep ien groep wurden mei 16 froulju.
Pauze (anekdoate Jetske Santema)
Yn it skoft koene se kofje of tee krije. Alle froulju namen in eigen kopke mei. (wurdt no wer frege by de spoarwegen om de berch ôffal te beheinen) De meast moaie eksimplaren kamen út in teedoek foar it ljocht. In kop mei skûtel fansels. De kopkes waarden dan heal fol skonken. As jong lid fûn ik dat mar nuver, ik hie noch toarst nei sa 'n jûn. Ik besleat ta in aksje en naam in grutte mok mei. Dejinge dy 't de tee yngeat seach hiel frjemd. Mar fol waard myn beker net skonken!
Colofon
Tekst Klaas Kooistra uit het boek Easterein